Wikipedy
fywiki
https://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside
MediaWiki 1.46.0-wmf.24
first-letter
Media
Wiki
Oerlis
Meidogger
Meidogger oerlis
Wikipedy
Wikipedy oerlis
Ofbyld
Ofbyld oerlis
MediaWiki
MediaWiki oerlis
Berjocht
Berjocht oerlis
Hulp
Hulp oerlis
Kategory
Kategory oerlis
Tema
Tema oerlis
TimedText
TimedText talk
Module
Module talk
Event
Event talk
Lex Frisionum
0
9163
1228525
982660
2026-04-23T16:59:35Z
Kneppelfreed
2013
bettere kaart
1228525
wikitext
text/x-wiki
De '''Lex Frisionum''' (Wet fan de Friezen) is in skrift dêr't it gewoanterjocht fan it [[Friezen|Fryske folk]] in optekene is. De Lex Frisionum waard foar it earst op skrift steld tusken [[785]] en [[793]]. It rjocht dat yn de Lex Frisionum optekene is, bestie wierskynlik al iuwen. Pas op inisjatyf fan [[Karel de Grutte]] waard it op papier set. It beskriuwt hokker straffen der stiene op deaslach, ferwûning, stellerij en ynbrek op de houlikswetten. Foar sokke fergripen moast in boete betelle wurde, oan it slachtoffer (of de neibesteanden), of oan de kening, of allebeide.
[[File:Frisian law.jpg|thumb|De trije regio's fan de Lex Frisionum]]
Yn de Lex Frisionum stien ek bepalingen oer de gong fan it proses, sa wienen der fêste rjochtsdagen, ''"placita generalia"'', dêr't alle dingplichtigen byien kamen. Yn it âlde rjocht bepaalde de kleier op hokker grûn it geding fierd waard. Dêrby jilde de rigel: dêr't gjin kleier is, is ek gjin rjochter. Wat ynhâlde dat allinnich rjocht sprutsen wurde koe as it slachtoffer of syn famylje de moed hienen om te kleien. Yn alle oare gefallen dus net. Omdat bûten in [[attrappearring op 'e die]] bewiis sûnder opspoaringstsjinst hast net te leverjen wie, spile it godsoardiel in wichtige rôle. En nei alle gedachten waard ek brûk makke fan eden. <ref>prof. mr. D.H. de Jong e.a., ''"strafprocesrecht"''. [http://books.google.com/books?id=f-mi385nr1MC&pg=PA17&lpg=PA17&dq=oud+fries+recht&source=bl&ots=5AN_XhUmsj&sig=R99iF2NJyqAkpq4B7h9sAlAjJX0&hl=fy&ei=IxljS8eTDJDA-QaGzJStBw&sa=X&oi=book_result&ct=result&resnum=8&ved=0CBcQ6AEwBw#v=onepage&q=&f=false]</ref>
Yn de iere Midsiuwen wie ''[[Frisia]]'' folle mear as de hjoeddeiske provinsje Fryslân: it wie de hiele kuststripe fan [[Flaanderen]], oer [[Hollân]], oant Noard-[[Dútslân]]. De Lex Frisionum jilde foar dat hiele gebiet.
Alle kennis oer de Lex is basearre op de âldst printen ferzje fan de Lex Frisionum fan [[1557]]. De boekprinter Joannis Basilius Herold út [[Basel]] fersoarge doe in boekwurk dêr't hy alle Germaanske wetten út de tiid fan Karel de Grutte yn opnaam, wêrûnder de Lex Frisionum. Bûten tafoegings troch oaren, steane der ek artikels yn de Lex Frisionum dy't letterlik oernommen binne út oare Germaanske wetten.
== Literatuer ==
*C. Scholten, 'De munten in de Lex Frisionum', ''Jaarboek van het Koninklijk Nederlandsch Genootschap voor Munt- en Penningkunde'' (1943-1945) 1-68.
*W. Krogmann, 'Entstehung und Eigenart der Lex Frisionum', ''Philologia frisica'' 62 (1963) 76-103
*Harald Siems, ''Studien zur Lex Frisionum'' (Ebelsbach am Main, 1980; bewurking fan proefskrift München 1979)
*Karl August Eckhardt - Albrecht Eckhardt, ''Lex Frisionum'', Hannover, 1982, ISBN 3775251340, ek [http://www.digitale-sammlungen.de/~db/bsb00000667/images/index.html?seite=3 online te rieplachtsjen]
*Jean Baerten, 'L'interprétation de la Lex Frisionum en matière monétaire. Considérations méthodologiques', ''Studia varia Bruxellensia'' (1994) 3-12.
*Rijk Timmer, 'Restanten van Oud-Germaans recht in de Lex Frisionum', ''Pro Memorie'' (2000) 17-45.
*N.E. Algra, ''Zeventien keuren en vierentwintig landrechten'', twadde printinge, Doorn, 1991, ISBN 9074284043, ek [http://www.wumkes.nl/index.php?volg=1&id=98 online te rieplachtsjen]
*D.J. Henstra, ''The evolution of the money standard in medieval Frisia (C.600-c.1500)'' (Hilversum: Utjouwerij Verloren, 2000; ek proefskrift Grins 2000, ISBN 9036712025) - ek [http://irs.ub.rug.nl/ppn/240019997 online te rieplachtsjen]
*D.J. Henstra, "Het probleem van de geldbedragen in de Lex Frisionum".'' Jaarboek voor Munt- en Penningkunde'', 88 (2001) 1-32
== Keppeling om utens ==
*[http://wikisource.org/wiki/Main_Page:Frysk Lex Frisionum op Wikiboarne]
*[http://www.keesn.nl/lex Lex Frisonum]
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
{{DEFAULTSORT:Frisionum, Lex}}
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Midsiuwsk rjocht]]
2zjuvzlusvjoxro0wt1713xo72ffi05
1228526
1228525
2026-04-23T17:00:27Z
Kneppelfreed
2013
sa
1228526
wikitext
text/x-wiki
De '''Lex Frisionum''' (Wet fan de Friezen) is in skrift dêr't it gewoanterjocht fan it [[Friezen|Fryske folk]] in optekene is. De Lex Frisionum waard foar it earst op skrift steld tusken [[785]] en [[793]]. It rjocht dat yn de Lex Frisionum optekene is, bestie wierskynlik al iuwen. Pas op inisjatyf fan [[Karel de Grutte]] waard it op papier set. It beskriuwt hokker straffen der stiene op deaslach, ferwûning, stellerij en ynbrek op de houlikswetten. Foar sokke fergripen moast in boete betelle wurde, oan it slachtoffer (of de neibesteanden), of oan de kening, of allebeide.
[[File:Lex_Frisionum_division.png|thumb|De trije regio's fan de Lex Frisionum]]
Yn de Lex Frisionum stien ek bepalingen oer de gong fan it proses, sa wienen der fêste rjochtsdagen, ''"placita generalia"'', dêr't alle dingplichtigen byien kamen. Yn it âlde rjocht bepaalde de kleier op hokker grûn it geding fierd waard. Dêrby jilde de rigel: dêr't gjin kleier is, is ek gjin rjochter. Wat ynhâlde dat allinnich rjocht sprutsen wurde koe as it slachtoffer of syn famylje de moed hienen om te kleien. Yn alle oare gefallen dus net. Omdat bûten in [[attrappearring op 'e die]] bewiis sûnder opspoaringstsjinst hast net te leverjen wie, spile it godsoardiel in wichtige rôle. En nei alle gedachten waard ek brûk makke fan eden. <ref>prof. mr. D.H. de Jong e.a., ''"strafprocesrecht"''. [http://books.google.com/books?id=f-mi385nr1MC&pg=PA17&lpg=PA17&dq=oud+fries+recht&source=bl&ots=5AN_XhUmsj&sig=R99iF2NJyqAkpq4B7h9sAlAjJX0&hl=fy&ei=IxljS8eTDJDA-QaGzJStBw&sa=X&oi=book_result&ct=result&resnum=8&ved=0CBcQ6AEwBw#v=onepage&q=&f=false]</ref>
Yn de iere Midsiuwen wie ''[[Frisia]]'' folle mear as de hjoeddeiske provinsje Fryslân: it wie de hiele kuststripe fan [[Flaanderen]], oer [[Hollân]], oant Noard-[[Dútslân]]. De Lex Frisionum jilde foar dat hiele gebiet.
Alle kennis oer de Lex is basearre op de âldst printen ferzje fan de Lex Frisionum fan [[1557]]. De boekprinter Joannis Basilius Herold út [[Basel]] fersoarge doe in boekwurk dêr't hy alle Germaanske wetten út de tiid fan Karel de Grutte yn opnaam, wêrûnder de Lex Frisionum. Bûten tafoegings troch oaren, steane der ek artikels yn de Lex Frisionum dy't letterlik oernommen binne út oare Germaanske wetten.
== Literatuer ==
*C. Scholten, 'De munten in de Lex Frisionum', ''Jaarboek van het Koninklijk Nederlandsch Genootschap voor Munt- en Penningkunde'' (1943-1945) 1-68.
*W. Krogmann, 'Entstehung und Eigenart der Lex Frisionum', ''Philologia frisica'' 62 (1963) 76-103
*Harald Siems, ''Studien zur Lex Frisionum'' (Ebelsbach am Main, 1980; bewurking fan proefskrift München 1979)
*Karl August Eckhardt - Albrecht Eckhardt, ''Lex Frisionum'', Hannover, 1982, ISBN 3775251340, ek [http://www.digitale-sammlungen.de/~db/bsb00000667/images/index.html?seite=3 online te rieplachtsjen]
*Jean Baerten, 'L'interprétation de la Lex Frisionum en matière monétaire. Considérations méthodologiques', ''Studia varia Bruxellensia'' (1994) 3-12.
*Rijk Timmer, 'Restanten van Oud-Germaans recht in de Lex Frisionum', ''Pro Memorie'' (2000) 17-45.
*N.E. Algra, ''Zeventien keuren en vierentwintig landrechten'', twadde printinge, Doorn, 1991, ISBN 9074284043, ek [http://www.wumkes.nl/index.php?volg=1&id=98 online te rieplachtsjen]
*D.J. Henstra, ''The evolution of the money standard in medieval Frisia (C.600-c.1500)'' (Hilversum: Utjouwerij Verloren, 2000; ek proefskrift Grins 2000, ISBN 9036712025) - ek [http://irs.ub.rug.nl/ppn/240019997 online te rieplachtsjen]
*D.J. Henstra, "Het probleem van de geldbedragen in de Lex Frisionum".'' Jaarboek voor Munt- en Penningkunde'', 88 (2001) 1-32
== Keppeling om utens ==
*[http://wikisource.org/wiki/Main_Page:Frysk Lex Frisionum op Wikiboarne]
*[http://www.keesn.nl/lex Lex Frisonum]
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
{{DEFAULTSORT:Frisionum, Lex}}
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]
[[Kategory:Midsiuwsk rjocht]]
cidg2glrm7rqm0y77autzxrqldtd7gb
Franken
0
10131
1228543
1228502
2026-04-24T06:44:23Z
Kneppelfreed
2013
side oanfolle fan de Dútske en Ingelske lemma's
1228543
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Proto-Franken1.png|thumb|Kaart fan it gebiet mei de stammen dy't de Franken foarmen oan 'e Nedergermaanske limes]]
De '''Franken''' ([[Latyn]]: ''Franci'' of ''gens Francorum'') wiene in federaasje fan [[Germanen|Germaansk]]e stammen dat safier bekend healwei de [[3e iuw]] yn it tsjintwurdige [[Dútslân]] en [[Nederlân]] libben. Hja wiene ynearsten in stammeferbûn dat ûntstie yn it gebiet tusken de [[Weser]] en de [[Ryn]] dêr't in protte lytse stammen wennen. Troch de bekende Romeinske skiedskriuwer [[Publius Kornelius Tasitus|Tasitus]] út de [[1e iuw]] wurde de Franken lykwols noch net neamd. Yn [[291]] wurde se foar it earst neamd yn in taspraak fan keizer [[Diokletianus]]. Om [[360]] berjochte de Romeinske skiedskriuwer [[Aurelius Fiktor]] dat de ''Francorum gentes'' (folk fan de Franken) sûnt 250 [[Galje]] ferwoastge hiene.
Harren kultuer, taal (it saneamde [[Aldfrankysk]]) en eigenheden wienen dy fan oare Germaanske folken net wanlyk. Guon tinke dat de Franken fan oarsprong ûntstien binne as in ferbûn tusken ferskate Germaanske stammen lykas de [[Bruktearen]], [[Tubanten]], [[Gamaven]] en oaren. Hjoed-de-dei wurdt der ek wol fanút gien dat in grutte kloft [[Frisii]] en [[Sjauken]] harren taheakke hawwe oan boppesteande stammen. Hja fêstigen har oan de ouwers fan de Ryn by de ''[[limes]]'' fan it [[Romeinske Ryk]]. Der ûntstiene twa groepen: de [[Salyske Franken|Salyske]] en [[Ripuaryske Franken]]. Yn de [[4e iuw]] stieken de Salyske Franken de Ryn oer en fêstigen se har yn 'e Romeinske provinsje ''[[Germania Inferior]]'' en letter wreiden se har wengebiet út ta ''[[Gallia Belgica]]'' dêr't se harren machtssintrum opbouden.
== Etymology ==
It is net alhiel dúdlik wat de oarspronklike betsjutting fan de namme is, mar der wurdt algemien oannommen dat it in [[Proto-Germaansk|Germaansk]]e oarsprong hat. It wurd wurdt fanâlds yn ferbân brocht mie it [[Aldfrânsk]]e ''franc'' dat weromkomt op it wurd "frij" of "dapper". Dy term is ôflaat fan it wurd Frank sels, nei harren frije status. Ek wol wurdt it wurd yn ferbân brocht mei it Germaanske wurd foar "spear", itjinge werom te finen is yn it [[Aldingelsk]]e ''franca'' of it [[Aldnoarsk]]e ''frakka'', mar mooglik komt dy ek fan de Franken sels ôf, as de namme fan in Frankysk wapen. Dêr soe de namme fan it [[Ferbûn fan de Spearen]], in ferwizing nei in teory oer it ûntstean fan it ferbûn fan de Frankyske stammen, dus weikomme kinne.
In populêre teory om de úteinlike oarsprong fan al dy termen te ferklearjen, is dat it wurd "woast" betsjutte. Neffens ien fariant fan dy teory is de namme besibbe oan in rekonstruearre Proto-Germaansk wurd ''*frekaz'', dat [[habsucht]]ich bestjutte, mar ek wol sokssawat as "brutaal" betsjutte. It hat ôfstammelings lykas it [[Frysk]]e ''frak'' (geil, wielderich, flaaikjend), it [[Dútsk]]e ''frech'' (brutaal, skamteleas), it [[Midnederlânsk]]e ''vrec'' (gjirrich), it [[Aldingelsk]]e ''frǣc'' (habsuchtich, moedich) en it [[Aldnoarsk]]e ''frekr'' (brutaal, habsuchtich, ynklausk).
It idee dat de namme fan de Franken ôflaat wie fan "woast", is fan in part ôflaat fan klassike ferwizings nei harren woastgens en ûnbetrouberens as skaaimerkende egenskippen.
== Franken en Romeinen ==
De [[Nedergermaanske limes]] foarme yn de [[Romeinske tiid]] de grins tusken de Romeinske provinsje ''[[Germania Inferior]]'' oan de lofterouwer, en de net troch de Romeinen kontrolearre ''[[Germania Magna]]'' oan de rjochterouwer fan de Ryn. Dat part fan de [[limes]] begûn likernôch by it hjoeddeistige [[Bad Breisig]] en einige by de mûning fan de [[Alde Ryn]] yn de [[Noardsee]]. De grins foarme benammen de rin fan de rivier sels, en minder troch wâlen en muorren. By de rivier del stiene Romeinske forten en fêstingwurken fan [[Katwyk (Súd-Hollân)|Katwyk]] oer [[Leien]], [[Utert (stêd)|Utert]], [[Nimwegen]], [[Xanten]], [[Neuss]], [[Keulen]] oant [[Bonn]], dêr't justjes de stream op de [[Oergermaanske limes]] begûn. Yn dy beskermingssône wiene yn it efterlân oan de lofterouwer fan de Ryn in grut tal Romeinsk lânguod (''[[Villa rustica|villae rusticae]]'') en delsettings (''[[Vicus|vici]]'') ûntstien. De keizerstêd [[Trier]] tsjinne as in wichtich teken fan Romeinske macht yn it Galloromeinsk en Germaanske grinsgebiet.
Yn it grutte gebiet tusken de Ryn en de [[Ardinnen]] wiene der lykwols ek Germaanske doarpen en delsettings dy't yn in ôfhinklike relaasje ta de Romeinske ynstellings stiene. De Germanen dy't har oan alletwa ouwers fan de Ryn fêstigen, wiene oer it algemien betroud mei de Romeinske kultuer, beskaving en militêre technyk. Germanen wiene dêr yn mear of mindere mjitte yn tsjinst fan de Romeinen, gauris as troepen fan militêre bûnsmaten. De stamme fan de [[Ubjers]] waard om [[15 f.Kr.]] troch de Romeinen yn it hjoeddeistige Keulen fêstige en stadichoan romanisearre. Dat gou ek foar de [[Bataven]] yn de [[Betuwe]]. Letter wiene der hieltyd mear rôftochten fan Germaanske groepen tsjin Romeinske ynstellings, dat ta gruttere konflikten late koene.
De ynterne problemen yn Rome mei meikeizers en tsjinkeizers yn de [[3e iuw]] hiene ek in destabilisearjend effekt op de tastân yn [[Galje]] en [[Germaanje]]. Dêr kamen de ûnrêst fan it begjin fan it [[Grutte Folkeferfarren|folkeferfarren]] en de konflikten fan de Romeinen mei de [[Goaten]] en oare Germaanske stammen by. Yn dat tiidrek foarmen Germaanske groepen en stammen yn ''Germania Magna'', oan de rjochterouwer fan de Ryn ta aksjemienskippen. Dy woeksen út ta stammefederaasjes en úteinlik ta nije folken. Dat proses gou foar de Franken, mar ek foar de [[Saksen (folk)|Saksen]], [[Alemannen]], [[Bajuwaren]], [[Tueringers]] en [[Boergonden]].
Benammen yn de [[4e iuw]] is der sprake fan in libbene ekonomyske en sosjale útwikseling mei it Romeinske Ryk. Yn plakken oan de rjochterouwer fan de Ryn waarden wol likefolle Romeinske munten fûn as yn plakken yn it ryk. Ek makken Frankyske eallju sûnt [[Konstantyn de Grutte]] karriêre yn it Romeinsk leger. In ier foarbyld is Bonitus, dy't faaks út in famylje fan de yn it ryk fêstige Frankyske ''[[laeti]]'' ôfkomstich wie. Under [[Konstantius II]] is der in yn it leger en oan it keizerlik hôf ynfloedrike Frankyske militêren om tsjinkeizer [[Silvanus]] hinne. Mei [[Richomer]], [[Bauto]] en [[Arbogast]] wiene Frankyske legerlieders (''[[Magister militum|magistri militum]]'') har oan 'e ein fan de 4e iuw sels op skeakelpunten fan de macht, benammen yn it westen fan it ryk. Mei dy groep makke Mallobaudes karriêre, dy't ynearsten as ''[[comes]]'' yn it Romeinske leger tsjinne en dêrnei as [[lytskening]] fan de Franken nei syn heitelân weromkearde. Dêrtroch waard de grins suver mear dizenich ûnder oaren troch beynfloeding fan wjerskanten fan it Romeinske Ryk oan ien kant en de Germanen oan oare kant.
== Iere Franken ==
[[Ofbyld:TabulaPeutingeriana with Francia.jpg|thumb|It Tabel Peutingeriana mei "Francia" (it lân fan de Franken) oan 'e bopperâne oanjûn]]
De Proto-Frankyske stammen of bûnsgenoatskippen fêstigen harren ynearsten oan de rjochterouwer fan de Ryn, ferpleatsten har wengebiet faak en lytsen gauris it Galloromaanske gebiet yn om plondertochten te ûndernimmen. Hoewol't it ôfbeakenjen fan de stammen ûnderinoar en neffens oare Germaanske stammen net alhiel wis is, lykje de Frankyske stammen foar de Romeinen in taalkundige en etnyske ienheid te foarmjen dy't fierder as de stamnamme rikte.
De "ynterne persepsje" fan de stammen ûnderinoar wie ynearsten lykwols mear nuansearre. Hja foarmen yn it begjin allinnich mar losse alliânsjes, lykas dy't gaadlik foar rôftochten of ferdigeningsmaatregels wiene. Ut dy "stammeswaarm" ûntstie yn 'e rin fan de tiid in stammeferbûn en lang om let in folk. Yn resinter ûndersyk wurdt dêrby hieltyd faker oannommen dat de ferieniging fan de Franken ynearsten troch de Romeinen befoardere waard, dy't op dy manear it foarlân fan de limes ûnder kontrôle bringe woene.
Doe't it Romeinske Ryk by de krisis fan de 3e iuw in tiid fan ferswakking trochgie, makken de Franken, Alemannen en Saksen dêr lykwols gebrûk fan om plondertochten te ûndernimmen. De earste bekende Frankyske ynfallen op Romeinsk grûngebiet wiene yn 257/259 en namen yn de dêopfolgjende perioade hieltyd fierder ta. Dy earste Frankyske ynfallen waarden lykwols net earder neamd as yn de [[Lette Aldheid|let-antike]] boarne fan [[Aurelius Fiktor]] om 360 hinne. De earste kear dat de Franken neamd waarden is yn in kontemporêre boarne en is te finen yn in [[panegyrikus]] út [[291]]. Doe't it Romeinske Ryk him wer stabilisearre hie, tsjinnen in soad Franken yn it Romeinsk leger en klommen guon sels op ta hege posysjes. De ekspânsje fan de Franken út it noardwesten en easten oer de Ryn hinne hie in suvere oanlûkingskrêft op de opkringende Germaanske stammen, lykas de [[Friezen]], Saksen en Tueringers, itjinge late ta kontakten en fjochteraasjes, mar ek ta lytse alliânsjes tusken de stammen.
Op in Romeinske dikekaart út 'e mid-4e iuw, de ''[[Tabula Peutingeriana]]'', stie ''Francia'' (it lân fan de Franken) oan de rjochterouwer fan de Ryn al goed en dúdlik oanjûn.
It is lykwols suver in ûnderwerp fan diskusje as der yndie fan Frankyske stammen sprutsen wurde kin. Guon wittenskippers beskôgje de groepearings earder as [[hierling]]etroepen. De Frankyske etnogenese wie yn alle gefallen in proses dat him oer in langere tiidrek ûntjoech. Wannear't dat miene folksgefoel foltôge wie, is histoarysk net fêst te stellen. Yn 'e snuorje fan de skate aksjes fan de Salyske en Ripuaryske Franken wiene der lykwols altyd kontakten tusken de groepen en mienskiplike aksjes tsjin mienskiplike fijannen. Foar de [[Merovingen|Merovingyske]] kening [[Klovis I]] wie it dêrom yn [[509]] ienfâldich om him, nei it útskeakeljen fan de Ripuaryske oanfierder [[Sigebert fan Keulen]], ek as haad fan de Ripuaarjers te pleatsen, omreden dy him, lykas harsels, as "Franken" beskôgen.
== Dielstammen fan de Franken ==
[[Ofbyld:Franken Expansion bis 6Jhdt.png|thumb|Ekspânsje fan de Salyske en Ripuaryske Franken oant de 5e iuw]]
By de iere Franken gie it nei alle gedachten benammen om krigers út de stammen fan de groep fan de [[Istvaeones|Istvaeoanen]]. Yn 'e oprjochtingsfaze fan de bûn fan de Franken yn de 3e iuw hiene de groepen dy't har yn it noardwesten en oan de [[Nederryn (regio)|Nederryn]] fêstige hiene, har feriene út de groepen dy't har fan de ûnderrin fan de [[Nederryn]] oant [[Sallân]] oan de [[Isel]] fêstige hiene. Dêr ûntstie de bûn fan de [[Salyske Franken]] of Westfranken. De groepen dy't as ''[[foederati]]'' fêstige wiene yn it gebiet om [[Keulen]] hinne, oer de Midryn en súdlik dêrfan, giene lang om let oer yn de [[Ripuaryske Franken]] of Rynfranken en yn de fan harren ôfstamjende Mûzelfranken. De Salyske Franken waarden dejingen dy't de Frankyske ekspânsje benammen fuortsetten en fan harren kaam it hearskershûs fan de [[Merovingen]] fuort.
It meast oannimlik is dat de groepen dy't har fan de mûning fan de [[Alde Ryn]] oant de Nederryn fêstigen harren by de Salyske Franken oansleaten, wylst groepen út 'e omkriten fan Keulen oant de delling fan de [[Lahn]] opgiene yn de Ryn- en Mûzelfranken. Hjirûnder is in list fan stammen dy't yn de rûsde folchoarder fan harren delsettingsgebieten fan de mûning fan de Ryn de stream op oant de Lahn oanjûn steane:
* [[Chassuarii]]: wiene fêstige oan de bopperin fan de [[Lek (rivier)|Lek]]. Guon groepen krongen fier troch yn Galje.
* [[Gamaven]]: fêstigen har ynearsten noardlik fan de [[Lippe (rivier)|Lippe]] en lutsen yn d e4e iuw troch nei de [[Maas]].
* [[Tubanten]] mei de subgroep [[Tuihanten]]: fêstigen har yn [[Twinte]] en yn de oanswettende gebieten.
* [[Sugambren]] (ek wol Sigambren): mei de subgroep fan de Kugernen oan de lofterouwer fan de Ryn yn it gebiet fan [[Xanten]] oant [[Krefeld]]. Troch skriuwers út de [[Aldheid]] waard de namme "Sugambren" wolris brûkt ynstee fan "Franken". Noch by de doop fan [[Klovis I]] (497-499) spriek biskop [[Remigius fan Reims]] de wurde: "Bûgje no, grutske Sigamber, jo holle en ûnderwerp it oan it sêfte jok fan Kristus! Oanbid wat jo oant no ta ferbaarnd hawwe, en ferbaarn wat jo oant no oanbidden ha!""
* [[Bruktearen]]: al troch [[Tasitus (skriuwer)|Tasitus]] neamd, ynearsten fêstige oan de [[Iems]] en de Lippe, wiene belutsen by de oermasterings fan Keulen en [[Trier]] en fêstigen har dêr.
* [[Tenktearen]]: oarspronklik eastlik fan de Ryn, letter trochkrongen oant de [[Sieg]].
* [[Usipeten]]: gauris yn ferbân mei de Tenktearen brocht, fêstigen har yn de delling fan de [[Lahn]].
Ek groepen fan de [[Ingvaeones]] sleaten har by de Franken oan, lykas:
* [[Ampsivaren]]: troch Tasitus neamd as súdlike buorren fan de [[Frisii|Friezen]], ferdreaun troch de [[Sjauken]] út harren oarspronklik wengebiet oan e Iems, lutsen se nei de Nederryn.
* [[Sjauken]]: Hja fêstigen har as buorren fan de [[Saksen (folk)|Saksen]], dêr't it it grutste part fan harren yn opgie. In part sleat him nei alle gedachten oan by de Franken.
Groepen dy't mar in bytsje belutsen wiene by it ûntstean fan de Franken wiene:
* [[Bataven]]: yn 'e snuorje fan it foarmjen fan de Franken wiene se al [[Romanisearring|romanisearre]]. harren neiteam gie op yn 'e salyske Franken.
* [[Ubjers]]: yn 'e omkriten fan Keulen al yn 18 f.Kr. troch de Romeinen oan 'e lofterouwer fan de Ryn yn it [[Colonia Claudia Ara Agrippinensium|Oppidum Ubiorum]] fêstige. Yn 'e snuorje fan it foarmjen fan de Franken wiene se al romanisearre. harren neiteam gie nei it oermasterjen fan Keulen op yn 'e Rynfranken.
* [[Sjatten]]: fêstige oan de bopperin fan de [[Eder]], [[Fulda (rivier)|Fulda]] en [[Lahn]] (nammejouwers fan it lettere [[Hessen]]). Hja foarmen in selsstannige stammen dy't yn it ramt fan de Frankyske ekspânsje ûnder Frankysk gesach kaam te stean en him mei de nei it súdeasten optsjende Frankyske kolonisten fermongen.
* [[Tueringers]] (en fersprate lytse groepen fan oare Germaanske stammen): hja wiene ferspraat nei de Ryn en dêrbûten trochkrongen en hiene har dêr fêstige. Der wurdt ek wol neamd dat der in "lyts keninkryk" oan de lofterouwer fan de Ryn fan de Tueringers (dy't yn [[531]] yn de [[Slach oan de Unstrut]] troch de Franken ferslein waarden), hoewol't dat yn resintere tiden omstriden rekke is. Dy kolonisten giene, ta tsjinstelling fan har yn it easten efterbleaune stamfolken, op yn de Franken.
Oare groepen dy't har yn it ekspânsjegebiet fan de franken fêstigen, wiene troch de Franken yntegrearre. Foar safier dy groepen har yn it hjoeddeistige Dútsktalige of Nederlânsktalige gebiet fêstigen, giene se op yn de Franken. Yn de hjoeddeistige Frânsktalige gebieten rûn it proses krekt oarsom: de Franken yntegrearren har dêr yn lettere iuwen mei de pleastlike Romaanske befolking:
* Romeinske kolonisten dy't nei it suden ta flechte wiene foar de optsjende Germanen.
* troch de Romeinen yn ''[[Gallia Belgica]]'' fêstige Germanen, dy't yn 'e snuorje fan it ûntstean fan de Franken al foar in grut part romanisearre wiene
* fersprate oerbliuwsels fan de [[Kelten|Keltyske]] (en net-Keltyske) befolking yn it gebiet tusken de [[Ryn]], de [[Eifel]]/[[Ardinnen]] en de [[Skelde]]
* [[Gallo-Romanen]] (romanisearre Kelten), fierwei de mearderheid fan de befolking lofts fan de Ryn fan foar de Frankyske ekspânsje.
== Salyske en Ripuaryske Franken ==
[[Ofbyld:Europe and the Near East at 476 AD.png|thumb|300px|Jeropa nei de fal fan it Westromeinske Ryk]]
=== Salyske Franken of Westfranken ===
{{Apart|Salyske Franken}}
It proses dêr't de Franken út ferskate dielstammen by ûntstiene, naam likernôch de hiele 3e iuw. Yn [[294]] ferdreau [[Konstantius I]], dy't ta keizer útroppen wie, groepen dy't de Franken neamd waarden, út "Batavia", it eardere Bataafske gebiet yn de [[Betuwe]], wei. Guon efterbliuwers waarden as ''[[laeti]]'' (healfrijen) op Romeinsk grûngebiet fêstige. Yn [[358]] stieken fannijs groepen Salyske Franken de Ryn oer nei it súdwesten ta en foelen oer de Betuwe it Romeinske Ryk yn. De Romeinen koene har mei sukses hohâlde. De lettere keizer [[Julianus Apostata|Julianus]] (doe noch ûnderkeizer ûnder [[Konstantius II]]) stie de Saaljers ta en fêstigje har yn [[Toksandrje]], dat doe noch in tinbefolke gebiet yn de Roeminske provinsje ''Belgica II'' wie. Dêr yn ruil foar stiene Frankyske krigers yn militêre tsjinst by de Romeinen.
De Salyske Franken bleaune oant it begjin fan de 5e iuw yn Toksandrje, doe't se fierder nei it suden ta lutsen en bytsje by bytsje [[Gallo-Romaanske kultuer|Galloromeinsk]] gebiet bemachtigen. [[Gilderik I]] lei it grûnwurk troch yn de jierren 460-470 in machtsposysje yn Noard-Galje op te bouwen. Syn soan en opfolger [[Klovis I]] oermasteren ferskate lytse Frankyske keninkriken en lang om let yn 486/487 it [[Gallo-Romeinske Ryk|keninkryk]] fan de lêste Romeinske hearsker yn Galje, [[Syagrius]]. Dêr kaam in ein oan de Romeinske hearskippij yn Galje mei. Yn de tiid nei Klovis makken de [[Merovingen]] gebrûk fan de kunde fan de âlde Galloromeinske eliten.
Skiedkundigen binne it der net oer iens as de Salyske Franken harren stamnamme al oan it begjin fan de Frankyske skiednis droegen. Wis is lykwols harren kaairol yn de Frankyske ekspânsje. De Merovingyske kening Klovis I lei it grûnwurk foar it lettere [[Frankyske Ryk]] om de Salyske Franken mei de Ripuaryske Franken te ferienjen. Klovis bekearde him, as gefolch nei in ûnthjit nei de oerwinning op de [[Alemannen]] yn de [[Slach by Tolbiak]] yn [[496]], mei 3000 folgelingen ta it [[kristendom]].
[[Ofbyld:FrankFürstGrab.JPG|thumb|200px|Grêf fan in Frankyskhe lieder, likernôch 500, mei gouden spanjehelm yn Krefeld]]
Keningen fan de Saaljers wiene oant en mei Klovis I:
* [[Klodio]] (430/440)
* [[Merovech]] (455/460), de nammejouwer fan de [[Merovingen]]
* [[Gilderik I]] (457/63–481/82)
* [[Klovis I]] (481/82–511)
=== Ripuaryske Franken of Rynfranken ===
[[Ofbyld:Frankish - Digitated Fibula - Walters 542443.jpg|thumb|200px|In bôchfoarmige fibula út de 6e iuw, fûn yn Noardeast-Frankryk en it Rynlân. Dy waarden troch Frankyske ealfroulju yn pearen op de skouder of as rymsier droegen.]]
{{Apart|Ripuaryske Franken}}
De term ''Francia Rhinensis'' wie al sûnt de 5e iuw bekend. Sûnt likernôch de 6e iuw waarden de stammen dy't har oan de Midryn en de stream op fêstigen ek wol Ripuaarjers neamd, itjinge "ouwerbewenners" betsjut. Njonken de Saaljers foarmen se de twadde wichtige stamme yn de Frankyske ekspânsje. Ut harren útstie letter de takke fan de Mûzelfranken. De Rynfranken wreiden har yn it ramt fan 'e Frankyske ekspânsje út fan Keulen oer [[Mainz]] oant yn it hjoeddeistige [[Hessen]] en oer [[Worms]] nei [[Spiers]]. De Mûzelfranken fêstigen har yn 'e delling fan de [[Mûzel (Ryn)|Mûzel]] en yn de oanswettende gebieten oant [[Trier]] en yn it hjoeddeistige [[Lúksemboarch (lân)|Lúksemboarch]]
De Rynfranken hiene harren eigen [[lytskening]]en. Dêr wie [[Sigebert fan Keulen]], ek wol "de Lamme" neamd, de wichtichste fan. Yn in alliânsje mei de Salyske kening Klovis I hie er yn 496 de Alemannen ferslein yn 'e [[Slach by Tolbiak]]. Dochs waard er it slachtoffer fan in gearspanning fan syn eardere striidmaat, dy't dêrnei ek by de Ripuaarjers de macht oernaam en de twa grutte Frankyske folksgroepen feriene.
Fan de stamhaden en keningen fan de Ripuaarjers yn it tiidrek fan it ûntstean fan de Franken oant de gearspanning tsjin kening Sigebert fan Keulen wurde de folgjende persoanen yn skriftlike boarnen neamd:
* [[Gennobaudes]] (287/289)
* [[Askarikus]] en [[Merogaisus]] (likernôch 306)
* [[Mallobaudes]] (likernôch 380)
* [[Gennobaudes (4e iuw)|Gennobaudes]] (II) (fan 388 ôf)
* [[Teudomer]] (413–428)
* Sigismer, yn 469 as „keningssoan“ neamd
* [[Sigebert fan Keulen]] (kening fan 483 oant 509)
== De Frankyske maatskippij ==
De Salyske kening Klovis I fan it hûs fan de [[Merovingen]] wie de earste fan de Frankyske hearskers dy't alle Frankyske keninkriken, dy fan de Saaljers en de Ripuaarjers, ûnder ien hearskippij feriene. Ek eardere net-Frankyske gebieten waarden by it keninkryk ynlive, sa't it [[Frankyske Ryk]] (''Regnum Francorum'') en it lân fan de Franken (''Francia'') sûnt net mear identyk wiene.
Yn it ryk libben de Franken as in folk mei taalkundige en kulturele tradysjes dy't weromgeane oant de tiid fan de (Proto-)Frankyske stammen en dêr't de gebrûken fan, nettsjinsteande de fierder geande kerstening, basearre wiene op it âlde Germaansk-Frankysk rjocht. Klovis I hie tusken [[507]] en [[511]] de ''[[Lex Salica]]'' opstelle litten, de wetjouwing fan de Salyske Franken. De dêrop basearre ''[[Lex Ripuaria]]'' ferskynde yn de 7e iuw yn it Rynfrankyske gebiet ûnder it bewâld fan kening [[Dagobert I]], de lêste Merovinger dy't neffens tradisjonele wittenskiplike opfetting noch selsstannich regearre. Nei him namen de [[hofmeier]]s stadichoan de macht oer. Wylst yn de Ripuaryske wetjouwing benammen it rjocht fan it Frankyske folk fêstlein waard, befette de wetjouwing fan de Saaljers ek grutte wetteksten dy't net-Frankyske, benammen de Gallo-Romaanske befolking oangie. Ek regelings foar de geastlike stân (preesters, kleasters, biskoppen) wiene part fan de ''Lex Salica''.
== Utwreiding fan it Frankyske Ryk ==
[[Ofbyld:Frankish Empire 481 to 814-en.svg|thumb|300px|Utwreiding fan it Frankyske Ryk (481-814)]]
{{Apart|Frankyske Ryk}}
Fan de 6e iuw oant en mei de 8e iuw feroveren de Franken ûnder de Merovingyske keningen stadichoan ek de nea troch Rome besette streken fan ''[[Germania Magna]]'', eastlik fan de Ryn en noardlik fan de [[Donau]]. Under de [[Karolingen|Karolingyske]] dynasty oermasteren de Franken it grutste part fan [[Itaalje]] en it gebiet fan noardlik [[Spanje]] tusken de [[Ebro]] en de [[Pyreneeën]]. Dêr ûntstie yn Jeropa de machtichste steat sûnt de fal fan it Westromeinske Ryk mei. Kening [[Karel de Grutte]] waard yn it jier [[800]] troch paus [[Leo III (paus)|Leo III]] ta [[Roomsk-Dútske keizer|Roomsk keizer]] kroane.
== De ein fan de Franken as folk ==
Nei harren oermastering fan Noard-Galje wennen in soad Germaansktalige Franken yn mienskippen dêr't de mearderheid fan de befolking net Frankysk wie en de oerhearskjende taal it [[Gallo-Romaansk]] wie. Alneidat de Franken lykwols machtiger waarden en har fermongen mei de folken dêr't se oer hearsken, waard de namme fan de Franken hieltyd breder tapast, benammen yn wat hjoed-de-dei Noard-Frankryk is. Christopher Wickham murk op dat it wurd "Frankysk" al gau syn eksklusive etnyske konnotaasje ferlear. Noardlik fan de [[Loire (rivier)|Loire]] liket eltsenien uterlik healwei de 7e iuw as Frankysk ferwiisd (mei útsûndering fan de [[Bretonnen]]) te wêzen. De ynwenners fan it súdlikere [[Akwitaanje]] waarden dêrnei as ''Romani'' (Romeinen) ferwiisd.
Alneidat de maatskippijen feroaren, krige de namme nije betsjuttings en hold de âlde Frankyske mienskip yn syn oarspronklike foarm op te bestean.
== Lettere bestjuttings fan Franken ==
Yn it Jeropa fan lettere tiden wiene it benammen de ynwenners fan it [[keninkryk Frankryk]] dy't yn it [[Latyn]] de ''Franci'' (Franken) neamd waarden, hoewol't al fluch nije termen gongberder waarden dy't de [[Frânsen]] yn ferbân brochten mei de eardere Franken, dochs harren dêr ek fan ûnderskaten. Hjoeddeistige Jeropeeske termen lykas it [[Frânsk]]e ''français'' en it [[Dútsk]]e ''Franzose'' binne ôflaat fan it midsiuwske Latynske ''francensis'',dat "út Frânsje" (lân fan de Franken) bestjut, dat foar midsiuwske minsken yn Frankryk wie. Yn it midsiuwsk Latyn waarden Frânsen ek gauris ''francigenae'' neamd, betsjuttende "yn Frankryk berne".
Lykas yn Frankryk hat de regio [[Franken (gebiet)|Franken]] yn Dútslân in namme dy't oaspronklik ferwiisde nei de Franken, mar yn 'e rin fan 'e tiid in eigen betsjutting krige. It wie de eastlike útrinner fan it kearngebiet fan it Frankyske Merovingyske Ryk. It woeks út ta it midsiuwsk [[hartochdom Franken]] yn it [[Hillige Roomske Ryk]], dat fuortkaam út it [[East-Frânsje|eastlike part fan it Frankyske Ryk]]. Yn tsjinstelling ta Frankryk waard it grutste part fan it eastlik ryk, nettsjinsteande de Frankyske oarsprong, net as Frankysk beskôge. De namme Franken stie dêrfoar yn kontrast mei de allyk machtige net-Frankyske [[stamhartochdom]]men eastlik fan de Ryn, lykas Tueringen, [[Stamhartochdom Saksen|Saksen]], [[Hartochdom Swaben|Swaben]] en [[Hartochdom Beieren|Beieren]].
Yn tsjinstelling ta Frankryk en de regio Franken waarden de sintrale Frankyske gebieten westlik fan 'e Ryn mei oare nammen oantsjut. De regio foarme ynearsten de kearn fan it Merovingyske Frankyske [[Austraasje]], dêr't eartiids ek de regio Franken eastlik fan 'e Ryn by hearde. It eastlike Frankyske Austraasje stie yn kontrast mei it westlike Frankyske [[Neustrje]], yn Frankryk. It part fan Austraasje westlik fan de Ryn waard letter [[Loataringen]] neamd, nei de Karolingyske Frankyske kening [[Lotarius II]], mar nei syn dea waard it gebiet ferdield tusken it West- en Eastfrankyske Ryk en krige it syn ûnôfhinklikens nea werom.
Yn mear ynternasjonale konteksten, lykas by de [[Krústochten]] yn it eastlik [[Middellânske See]]gebiet, waard de term "Frank" ek brûkt foar alle Jeropeanen út West- en Mid-Jeropa dy't de Latynske riten fan it kristendom folgen ûnder it gesach fan de paus yn Rome. It gebrûk fan de term "Frank" om alle Westjeropeanen oan te tsjutten, fersprate him nei it easten ta nei in soad Aziatyske talen, lykas de [[Perzysk]]e oantsjutting [[Farang]].
== Taal ==
[[Ofbyld:2022 11 13 - Map West Germanic – cc. 476 CE - final.png|300px|thumb|De Westgermaanske taalgebieten om 476 hinne]]
{{Apart|Aldfrankysk}}
Yn in moderne taalkundige kontekst wurdt de Germaanske taal fan de eardere Franken ek wol "[[Aldfrankysk]]" neamd. Dy term ferwiist nei de taal fan de Franken fan foar de [[Heechdútske lûdferskowing]], dy't yn de 7e iuw wie. Nei dy lûdferskowing woeksen de Frankyske dialekten útinoar. De dialekten dy't letter it [[Nederlânsk]] foarmje soene, ûndergiene dy lûdferskowings net, wylst alle oaren dat al diene, yn ien of oare mjitte, dêr't it saneamde [[Rynlânske waaier]]patroan troch ûntstie.
De eardere Frankyske taal is net streekrjocht dokumintearre, mei útsûndering fan in lyts bytsje [[Runen|rune]]-ynskripsjes dy't fûn waarden op earder Frankysk grûngebiet, lykas de [[ynskripsje fan Bergakker]]. Likegoed is in grut part fan de Frankyske wurdskat rekonstruearre troch ûndersyk nei eardere Germaanske lienwurden yn it [[Aldfrânsk]] en troch middel fan ferlykjende rekonstruksje yn it Nederlânsk. De ynfloed fan it Aldfrankysk op de hjoeddeistige [[Gallo-Romaanske talen|Gallo-Romaanske]] wurdskat en [[fonology]] is al lang ûnderwerp fan wittenskiplik debat. Oannommen wurdt dat de Frankyske ynfloed op ûnder oaren fan de fjouwer [[Wynstreek|wynstreken]] lykas ''nord'' (noard), ''sud'' (súd), ''est'' (east) en ''ouest'' (west) en noch op syn minst 1000 stamwurden.
Hoewol't de Franken lang om let gâns [[Galje]] oermasterje soene, wreiden de sprekkers fan it Frankyske Ryk harren allinnich út yn Noard-Galje en genôch oantallen om in taalkundige ynfloed te hawwen. Meardere iuwen lang wie Noard-Galje in twatalich gebiet, mei [[Fulgêr Latyn]] en Frankysk. De taal dy't brûkt waard op skrift, by de oerheid wie it Latyn. Urban T. Holmes hat suggerearre dat in Germaanske taal noch oant 850 as twadde taal sprutsen waard troch amtners yn West-Austraasje en Noard-Neustrje, en dat dy taal yn de 10e iuw folslein ferdwûn wie as sprutsen taal út de regio's dêr't hjoed-de-dei Frânsk sprutsen wurdt.
== Sjoch ek ==
* [[Ferbûn fan de spearen]]
* it [[Frankyske Ryk]]
* [[Frysk-Frankyske oarloggen]]
* [[List fan Frankyske hearskers]]
{{Boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen en oare literatuer, sjoch [https://de.wikipedia.org/wiki/Franken%20(Volk) ''Literatur'' en ''Anmerkungen'' op dizze side] en [https://en.wikipedia.org/wiki/Franks ''References'', ''Sources'' en ''Further Reading'' op dizze side].
------
{{Commonscat|Frankish people}}
}}
{{Germaanske folken}}
[[Kategory:Franken| ]]
[[Kategory:Histoarysk Germaansk folk]]
[[Kategory:Skiednis fan Frankryk]]
[[Kategory:Skiednis fan Dútslân]]
[[Kategory:Skiednis fan Lúksemboarch]]
[[Kategory:Skiednis fan Belgje]]
[[Kategory:Skiednis fan Nederlân]]
bcpdfwm1m1t2og5nqly0e0x38ny9qgw
Vasco da Gama
0
10141
1228521
1222866
2026-04-23T16:14:15Z
Drewes
2754
- deade kepp
1228521
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Vasco_da_Gama_(without_background).jpg|right|thumb|Vasco da Gama]]
'''Vasco da Gama''', ([[Sines]] ([[Portegal]]), [[1469]] – [[Cohin]] ([[Yndia]]), [[24 desimber]] [[1524]]) wie in Portegeeske [[ûntdekkingsreizger]], en de lieder fan de earste ekspedysje fan [[Portegal]] nei Ynje.
Da Gama waard om [[1469]] hinne berne yn [[Sines]] yn Portegal. Hy wie de tredde soan fan [[Estevao da Gama]], dy't in [[eallju|ealman]] wie en de kommandant fan it [[Fort fan Sines]]. Fan de jeugd fan Da Gama is net folle wis. Der wurdt fan útgien dat er [[wiskunde]], [[astronomy]] en [[navigaasje]] studearre hat yn [[Evoro]]. Yn [[1492]] waard Da Gama offisier by de marine en hat yn dy funksje oan oarloggen meidien yn [[Kastylje]].
Yn [[1488]] hie [[Bartolomeus Diaz]] de súdlike punt fan [[Afrika]] berikt en fan dy tiid ôf hawwe de Portugeeske ûntdekkingsreizgers wichtich west. [[Spanje]], de rivaal fan de Portugezen op see, hie [[Kolumbus]] de [[Atlantyske Oseaan]] oer stjoerd om de wei nei Ynje te finen en it kontinint [[Amearika]] dêrby ûntdekt. Dat foarfal fergrutte Portegals entûsjasme en de Portugezen woenen sels in koartere rûte fine nei it easten dêr't de lannen ryk wienen.
[[Ofbyld:Belem.Jeronimos23.jpg|left|thumb|De tombe fan Vasco da Gama]]
[[Ofbyld:Caminho maritimo para a India.png|right|thumb|Vasco da Gama's rûte op syn earste reis]]
Yn jannewaris [[1497]] keas Kening [[Manuel I fan Portegal]], Vasco da Gama út om in ekspedysje te lieden dy 't de seerûte nei [[Yndia]] finen moast. Vasco syn heit wie eigentlik útkeazen, mar dy wie stoarn foardat de reis begjinne koe. Op [[6 july]] [[1497]] ferliet Da Gama, [[Lissabon]] mei in float fan fjouwer skippen. Der wie in skip fan 200 ton, twa skippen fan 120 ton en in [[karveel]] fan 50 ton. Oan board wienen 170 man, hast allegear feroardiele kriminelen. It wie in drege reis. De bemanning hie [[skuorbûk]] en der wienen swiere stoarmen. Se gienen op [[15 july]] bylâns de [[Kanaryske Eilannen]] en berikten de [[Kaapverdje|Kaap Verdyske eilannen]] op [[26 july]]. Se bleaunen oant [[3 augustus]] yn [[Sao Tioago]]. De Gama naam in súdwestlike koers farde fan de Afrikaanske kust nei [[Kaap de Goeie Hope]]. Minne wyn fertrage syn oankomst oant [[22 septimber]]. Lokale gidsen lieden Da Gama en de bemanning troch it minne waar. De skippen gienen bylâns de eastkust fan Afrika en gienen dêrnei de [[Yndyske Oseaan]] oer. De skippen kamen yn maaie [[1497]] yn [[Kalkutta]] oan. Foardat Da Gama werom nei hús fear hannele hy earst mei de Ynjers.
{{DEFAULTSORT:Gama, Vasco da}}
[[Kategory:Portegeesk seefarder]]
[[Kategory:Portegeesk ûntdekkingsreizger]]
[[Kategory:Portegeesk amtner]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1469]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1524]]
cannyhnp27vape96r0p0wve6do3eok4
Piramide
0
13162
1228520
1012843
2026-04-23T16:05:50Z
Drewes
2754
Pfff...., red
1228520
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:All Gizah Pyramids-2.jpg|thumb|right|De piramiden fan Gizah, yn Egypte]]
[[Ofbyld:Rhomboidale-norden.jpg|thumb|right|Piramide yn [[Nubje]]]]
In '''piramide''' is type [[bouwurk]] dat yn in soad âlde beskavingen boud waard. De oerienkomst tusken de ferskate piramiden is dat sy in brede basis hawwe en skean oprinne. De oarsaak fan de brede basis is nei alle gedachten dat de âlde beskavingen gjin stevige materialen hienen, lykas [[stiel]], dy't harren by steat stelle koene om hege bouwurken te meitsjen.
== Lannen mei piramiden ==
* [[Egypte]]
* [[Núbje]]
* [[Sina]]
* [[Mesopotaamje]]
* [[Sintraal-Amearika]]
* [[Itaalje]]
* [[Bosnje]]
* [[Teneryf]]
=== Egypte ===
De ferneamdste piramiden binne wol dy út it âlde [[Egypte]]. Alhoewol't der nea in [[mummy]] fûn is yn in piramide, geane de skiedkundigen der fanút dat de piramiden troch de Egyptenaren brûkt binne as grêf foar harren [[farao]]'s.
De âlde Egyptenaren makken de bûtenkant fan de piramiden glêd mei [[goud]] en de bêste kwaliteit [[kalkstien]]. De bekendste piramide yn Egypte is de [[Piramide fan Geops|Grutte Piramide]] fan [[Gizeh]]. Dizze waard yn de [[Klassike Aldheid]] rekkene ta de [[Sân Wrâldswûnders]]; it wie it âldste wûnder en is sûnt de [[15e iuw]] it lêste dat noch bewarre bleaun is.
==== Bou fan de piramiden yn Egypte ====
De measte teorieën geane der fanút dat de piramiden troch [[slavernij|slaven]] boud waarden. De earste teory hjiroer kaam fan [[Herodotus]]. Neffens him wie it mooglik om de blokken, fan om-ende-by 10 ton it stik, te ferpleatsen troch it hevelpealsysteem te brûken fan [[Archimedes]]. Oan de ein fan de 20e iuw binne der lykwols nije teoryen ûntwikkele, dy't der fanút geane dat de piramiden boud wêze kinne mei in goede organisaasje en goed-motivearre wurkers, yn stee fan mei in leger fan slaven. Foar it ferpleatsen fan enoarme stienen is ek in alternative teory oanfierd, dy't hawwe wol dat de stienen getten binnen mei in slachs [[beton]].
=== Núbje ===
Yn [[Núbje]], yn it suden fan Egypte, waarden ek in protte piramiden boud, dizzen wienen foaral lytser as dy fan Egypte. De piramiden yn Nubje gean wol steiler omheech en binne net boud foar grêf, mar monuminten foar deade keningen. De piramiden waarden hjir oant nei 300 n.Kr. boud.
== Keppeling om utens ==
* {{Wikiwurdboek|piramide}}
== Bibliography ==
* [[Wolfgang Kosack]]: Die altägyptischen Pyramidentexte. In neuer deutscher Uebersetzung; vollständig bearbeitet und herausgegeben von Wolfgang Kosack. Christoph Brunner, Berlin 2012, ISBN 978-3-9524018-1-1.
[[Kategory:Bouwurk nei soarte]]
[[Kategory:Mausoleum]]
[[Kategory:Timpel]]
[[Kategory:Egyptyske Aldheid]]
[[Kategory:Maya's]]
[[pnb:اہرام]]
[[sn:Dumba]]
[[ta:பிரமிட்டு]]
[[tl:Tagilo]]
[[ur:اہرام]]
4tppgpbqei7r7j426uh3wyxxueuhnmk
Soefisme
0
17120
1228522
778604
2026-04-23T16:16:29Z
Drewes
2754
tekst by plaatsje oars
1228522
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Mevlana Konya.jpg|thumb|300px|right|Dûnsjende derwisjen]]
It '''soefisme''' is in [[mystyk]]e streaming yn de [[islam]]. Ien dy't it soefisme oan hinget wurdt in ''soefy'' neamd. Hja foarmje mystike bruorskippen, dêr't de [[derwisj]]en begjinnelingen binne op it soefypaad. Yn it soefisme binne tsientallen skoallen, [[List fan tarikas|tarikat]] neamd. Guons dêrfan binne ynternasjonaal, oaren allinnich lokaal aktyf. It wurd Soefy komt fan ''soef,'' wat [[wol]] yn it [[Arabysk]] betsjut. Foarhinne droegen de soefys altyd wol en libben sober.
== It leauwen ==
Soefisten leauwen dat de [[koran]] en de folsleine regels fan de [[sjaria]] uterlike regels binne en dat in ferskaat oan ferdjippings dêryn fûn wurde kin. Sy brûke wol it symboal fan in [[roas]] om dat út te byldzjen. De toarnen fan de roas, dy't de roas beskerming jouwe, symbolisearren dêrby de dissipline fan de regels fan de sjaria. De stamme fan de roas symbolisearret it ynderlike paad ([[tarika]]). De blêden fan de roas stiene symboal foar it ûnderfinen fan de ynderlike kennis fan [[God]]. De [[rook]] fan de roas stiet foar it ûnderfinen fan de werklikheid sa as dizze is.
Neffens guon soefys hawwe ortodokse moslims de kearn fan de Islam bedobbe ûnder alderlei om politike redens betochte en oerdreaune ferhalen, dy't letter in hillige status krigen hawwe.
Troch de iuwen hinne hawwe soefys yn de islam oer it algemien in soarte gedoochstatus hân. Hjirmei wienen sy better ôf as harren kristlike gelikensen, de [[gnostisisme|gnostisy]]. Mar dat hat lykwols net altiten sa west en ek tsjintwurdich binne der soefys dy't troch radikale [[wahabiten]] bestriden wurde. Op dit stuit hawwe soefys it swier te ferduorjen yn [[Iran]].
In bekende soefy is ûnder oare [[Tjelal ed-Din Rûmy]] út de [[13e iuw]].
== Keppeling om utens ==
* [http://www.soefisme.org Webstee oer it Soefsime]
* [http://www.soefi.nl/1soefisme/tempel.htm Soefybeweging Nederlân]
[[Kategory:Islam]]
8nluyjqts6v2h9qkgc8kyh0g4379ul4
Lieuwe fan Aitzema
0
20847
1228518
959228
2026-04-23T15:44:48Z
Drewes
2754
better plaatsje
1228518
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Lieuwe-van-Aitzema-Saken-van-staet-en-oorlogh_MG_0395.tif|thumb|Lieuwe fan Aitzema, troch [[Jan de Baen]] en [[Hendrik Bary]].]]
'''Lieuwe van Aitzema''' ([[Dokkum]], [[19 novimber]] [[1600]] - [[Den Haach]], [[23 febrewaris]] [[1669]]) wie in Nederlânsk diplomaat, skiedskriuwer, libbensgenieter en [[libertyn]]. Trochdat Van Aitzema in grut tal offisjele dokuminten opnaam yn syn wurken en dêr kommentaar op joech, binne dy noch altyd fan grut belang foar hjoeddeiske histoarisy. Syn styl is troch puntichheid en sarkasme yntrigearjend en meislepend.
== Biografy ==
Lieuwe van Aitzema wie de soan fan (mar ek de broer fan) in boargemaster fan Dokkum. Syn heit waard berne yn [[Reiderlân (regio)|Reiderlân]]. Syn pake ûntflechte yn 1568 dy krite, fanwege de [[slach by Jemmingen]]. Hy studearre rjochten oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]], Parys en [[Orléans]] en stie bekend as in "flirter". Yn 1622 waard er abbekaat by it [[Hof fan Fryslân]], yn 1624 by it [[Hof fan Hollân]]. Yn 1625 waard er beneamd as residint fan de [[Hânze]]stêden [[Hamburch]] en [[Bremen (dielsteat)|Bremen]] yn Den Haach, tanksij syn omke [[Foppe van Aitzema]]. Yn 1627 waard er troch de [[Steaten-Generaal fan de Nederlannen|Steaten-Generaal]] as agint fan de stêd [[Magdeburg (stêd)|Magdeburg]] erkend en yn 1644 as residint fan [[Frije en Hânzestêd Lübeck|Lubeck]].
Van Aitzema makke yn 1635 en yn 1652 in reis nei Ingelân op lêst fan de Hânzestêden en behertige de belangen fan de Republyk. Hy kaam yn kontakt mei ferskate pommeranten, lykas [[Oliver Cromwell]] en besocht oft de op hannen wêzende hannelsoarloch noch keard wurde koe. Van Aitzema hammere derop dat Hollân like graach in oerienkomst mei Ingelân winske as dat in fisk nei wetter longere. Op de weromreis waard de pakketboat, eigendom fan de greve fan [[Thurn und Taxis|Taxis]] kaapt en Van Aitzema ferlear syn koffer mei weardefolle besittings. Hy protestearre om 'e nocht by de Steaten fan Seelân, dy't de kaperbrief jûn hienen.
Van Aitzema sette yn Den Haach in soarte politike berjochtetsjinst op mei abonnees yn Dútslân, Sweden, Denemark, Feneetsje, Ingelân en Frankryk. De [[19e iuw|19e-iuw]]ske histoarikus [[Robert Fruin]] makke him út foar spion, want hy joech yn de [[Earste Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Earste]] en de [[Twadde Ingelsk-Nederlânske Oarloch|Twadde Ingelske Oarloch]] oan de Ingelske masterspion [[John Thurloe]] heechst geheime ynljochtings oer de situaasje yn en de plannen fan de Republyk.
== Wurk ==
Neist syn haadwurk, de ''Saken van Staet en Oorlogh'', in fûneminteel pleidoai foar ienheid en ferdraachsumens en in wichtige skiedboarne foar it tiidrek 1621 - 1668, hat Aitzema noch twa boeken skreaun, ien oer de [[Frede fan Münster]] en ien oer de turbulinte foarfallen yn de jierren [[1650]] en [[1651]], ''Herstelde Leeuw''. Aitzema jout tige sekuere beskriuwings fan de oankomst fan ferskate gesanten, harren yntochten yn Den Haach, fan harren earste publike audiïnsjes, harren earste besites. Syn beoardieling fan steatslju is fakentiden sinysk en sarkastysk: minsken litte har faak liede troch kâld eigenbelang.
En ''Herstelde Liuw'' én ''Saken van Staet en Oorlogh'' waarden troffen troch in publikaasjeferbod. Yn 1652 achte it [[Hof fan Hollân]] it boek oer it konflikt fan steedhâlder [[Willem II fan Oranje-Nassau|Willem II]] mei it gewest [[Hollân]] yn de twa foarôfgeande jierren in mooglike boarne fan politike ûnrêst, wylst de Steaten fan Fryslân de opdracht fan de ''Saken van Staet en Oorlogh'' te folle in ferhearliking fan de Steaten fan Hollân fûnen.
== Fyzje ==
[[De Nederlânske Opstân]] waard troch him net as in godstsjinstoarloch of as in nasjonale frijheidsstriid beskôge, mar as in perioade fan boargeroarloch en partijstriid, wêryn't it iene bewâld it oare ôfwiksele. Foar Van Aitzema wie [[Hindrik IV fan Frankryk]], dy't fan godstsjinst feroare om kening fan Frankryk wurde te kinnen, in ljochtsjend foarbyld. [[Karel I fan Ingelân]] hie dy kening as foarbyld nimme moatten. Yn it kristlike Rome waarden neffens him alle republikeinske deugden yn praktyk brocht. Yn it pauslik bestjoer waard men allinnich op grûn fan bekwaamheden en fertsjinsten yn de amten en weardichheden beneamd. Alle erfrjocht wie dêr troch it systeem fan it [[selibaat]] ferneatige, wylst gjin inkelde famylje fan it heechste amt útsluten wie.
Van Aitzema wie in "[[Realpolitik]]er": men moat de wrâld nimme sa't dy is en net sa't dy wêze moat. Hy seach himsels as in ûnôfhinklik auteur, dy't net út namme fan in inkelde partij skreau, mar gewoanwei de pinne oppakte omdat er dat net litte koe. In auteur mei in lette ropping, dy't doe't er ienkear de smaak fan it skriuwen te pakken hie, gewoan net mear ophâlde koe en letterlik oant syn dea trochskreau.
== Publikaasjes ==
* ''Verhael, van de Nederlantsche vreede-handeling (1650)'', twa dielen.
* ''Historie of verhael van saken van staet en oorlogh, in ende omtrent de Vereenigde Nederlanden (1655 - 1671)''
* ''Herstelde Leeuw, of Discours, over 't gepasseerde inde Vereenichde Nederlanden, in 't jaer 1650 ende 1651''
* ''De strydende leeuw. Of Nederlandtsche oorlogen, staatszaken en vredehandelingen, voorgevallen in de jaren 1621, 1622, 1623, 1624, 1625 : in zich vervattende, een volkomen inhout en mergh des eersten deels der Historien, van saken van staat en oorlogh''
* ''Poemata Juvenilia'' ([[1617]])
== Boarnen ==
* {{Aut|Israel, J.}} (1995): ''The Dutch Republic. Its Rise, Greatness, and Fall, 1477-1806'', side 684, 731-2
* {{Aut|Plaat, G. van der}} (2003): ''Eendracht als opdracht. Lieuwe van Aitzema’s bijdrage aan het publieke debat in de zeventiende-eeuwse Republiek'', siden 24, 54, 55, 82, 97, 113, 216, 244
* {{Aut|Wansink, H & Wels, C.B.}} (1968): ''Zeven pijlen - Negen pennen. Negen Nederlandse historici over de vaderlandse geschiedenis'', side 119-131
== Keppeling om utens ==
* [http://cf.uba.uva.nl/goudeneeuw/publicaties/2003/plaat.html Amsterdams Sintrum foar de Stúdzje fan de Gouden Iuw, {{Aut|Plaat, G. N. van der}} (2003): ''Eendracht als opdracht. Lieuwe van Aitzema's bijdrage aan het publieke debat in de zeventiende-eeuwse Republiek'']
* [http://www.dbnl.org/tekst/bran038biog01_01/bran038biog01_01_0040.htm DBNL, ''Lieuwe van Aitzema'']
* [http://www.knaw.nl/cfdata/publicaties/detail.cfm?boeken__ordernr=1007 {{Aut|Poelhekke, J.J.}} (1960): ''Enkele aantekeningen over Lieuwe van Aitzema'']
{{DEFAULTSORT:Aitzema, Lieuwe van}}
[[Kategory:Frysk abbekaat]]
[[Kategory:Frysk skiedkundige]]
[[Kategory:Frysk publisist]]
[[Kategory:Frysk diplomaat]]
[[Kategory:Frysk spion]]
[[Kategory:Nederlânsk abbekaat]]
[[Kategory:Nederlânsk skiedkundige]]
[[Kategory:Nederlânsk publisist]]
[[Kategory:Nederlânsk diplomaat]]
[[Kategory:Nederlânsk spion]]
[[Kategory:Frysk persoan fan Eastfrysk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Eastfrysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Dokkum]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1600]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1669]]
rnsdmv5wud9kxtxa0b0l3jqkp99bk3v
Simon Schama
0
28590
1228519
1038863
2026-04-23T16:03:30Z
Drewes
2754
/* Nederlânske oersettings */ +1
1228519
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Simonschrama.JPG|thumb|right|''Simon Schama'', 2006]]
'''Simon Schama''' ([[Londen]], [[13 febrewaris]] [[1945]]) is in [[Feriene Keninkryk|Britsk]] histoarikus.
Hy is in soan fan Arthur Osias en Gertrude Clare Steinberg. Hy studearre oan it Christ's College fan de [[Universiteit fan Cambridge]] dêr't er ek arbeide as assistint fan 1969 oant 1976. Doe ferfear er nei de [[Universiteit fan Oxford]], nei it ''Brasenose College'' dêr't er dosint moderne skiednis waard. Yn 1980 gie er nei [[Universiteit fan Harvard|Harvard]] yn de [[Feriene Steaten]]. In koart skoft letter krige er in plak oan de ''Columbia University''.
Schama hat him spesjalisearre yn [[Skiednis fan Europa|Europeeske skiednis]], [[ekologyske skiednis]] en [[keunstskiednis]].
''Landscape and memory'', ''A history of Britain'' en ''Power of Art'' waard troch himsels bewurke ta dokumintêrerigen foar de [[British Broadcasting Corporation|BBC]].
==Nederlânske oersettings==
* ''Overvloed en onbehagen; de Nederlandse cultuur in de Gouden Eeuw''. Amsterdam: Contact, 1988.
* ''Burgers; een kroniek van de Franse Revolutie''. Amsterdam: Contact, 1989.
* ''Patriotten en bevrijders: revolutie in de Noordelijke Nederlanden, 1780-1813''. Amsterdam: Agon, 1989.
* ''De ogen van Rembrandt''. Amsterdam / Antwerpen: Contact. 1999.
* ''De kracht van kunst''. Amsterdam / Antwerpen: Contact, 2007. ISBN 978-90-254-1966-0
* ''De Amerikaanse toekomst, een geschiedenis'', 475 siden, Amsterdam / Antwerpen: Contact 2009. ISBN 978-90-254-2964-5
* ''De geschiedenis van de Joden. Deel 1: De woorden vinden 1000 v.C.-1492'', 575 siden, Amsterdam: Atlas Contact, 2013, ISBN 978 90 254 3517 2
* ''Het gezicht van een wereldrijk; Groot-Brittannië in portretten'', Amsterdam: Atlas Contact, 2016,
* ''De geschiedenis van de Joden. Deel 2: Erbij Horen 1492-1900'', 935 siden, Amsterdam: Atlas Contact, 2017, ISBN 978 90 450 2544 5
* ''De ruwe oversteek. Groot-Brittannië, de slavernij en de Amerikaanse Revolutie''. Atlas Contact Amsterdam / Antwerpen, 2020, {{ISBN|978 90 45 03709 7}}
==Keppelings om utens==
*[http://www.columbia.edu/cu/history/fac-bios/Schama/faculty.html Columbia side fan de fakulteit skiednis]
*[http://www.columbia.edu/cu/arthistory/html/dept_faculty_schama.html Columbia side fan de keunsthistoarje fakulteit]
*[http://www.wnyc.org/shows/bl/episodes/2006/05/08 "Free Fight"], mei Schama, biedt "a new look at Britain, America, slavery and freedom during the Revolutionary War". ''The Brian Lehrer Show'', 8 maaie 2006.
{{DEFAULTSORT:Schama, Simon}}
[[Kategory:Ingelsk skiedkundige]]
[[Kategory:Ingelsk keunsthistoarikus]]
[[Kategory:Ingelsk heechlearaar]]
[[Kategory:Ingelsk publisist]]
[[Kategory:Ingelsk dokumintêremakker]]
[[Kategory:Ingelsk telefyzjepresintator]]
[[Kategory:BBC-wurknimmer]]
[[Kategory:Ingelsk persoan fan Joadsk komôf]]
[[Kategory:Ingelsk persoan fan Litousk-Joadsk komôf]]
[[Kategory:Ingelsk persoan fan Roemeensk-Joadsk komôf]]
[[Kategory:Ingelsk persoan fan Turksk-Joadsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1945]]
9std65f3eaancxfyjf2mjui11es2y7y
Reinier Dibbets
0
32448
1228515
898354
2026-04-23T15:14:19Z
Drewes
2754
1228515
wikitext
text/x-wiki
{{wurk}}
'''Reinier Dibbets (de Klerk)''', ek wol: '''Dibbetz''' ([[Batavia]], [[1764]] - op see foar de kust fan [[Nij-Guneä]], [[1808]]), wie in [[dokter]] en [[patriotten|patriot]]. Wurdt yn guon boarnen as tige bejeftige omskreaun.
Hy promovearre yn 1785 yn de medisinen oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Nei de revolúsje fan [[1795]] waard er griffier fan de nije Steaten en meiwurker oan de [[Friesche Courant]]. De evenredige Dibbets moast lykwols útwike nei [[Grins (stêd)|Grins]] en bedarre letter yn [[Den Haach]].
Yn Den Haach begjint er it tydskrift 'Heraclyt en Democlyt' dêr't in protte oer Fryske tastannen fan dy tiid te finen is. Hy korrespondearre mei [[Gerrit Paape]] oer de neffens him te strange strafmjitte foar de foaroanmannen fan it [[Kollumer Oproer]]; suggerearre dat yn Ljouwert 'de geast fan Robespierre' oplibbe <ref>[http://www.dbnl.org/tekst/paap004mijn01_01/paap004mijn01_01_0003.php Biografy Gerrit Paape by de DBNL]</ref>.
Nei 1798 rekke er út it each ferlern.
{{boarnen|boarnefernijing=
{{EvF|Dibbets}}
<references/>
}}
{{DEFAULTSORT:Dibbets, Reinier}}
[[Kategory:Frysk dokter]]
[[Kategory:Frysk amtner]]
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Nederlânsk dokter]]
[[Kategory:Nederlânsk amtner]]
[[Kategory:Nederlânsk sjoernalist]]
[[Kategory:Patriot]]
[[Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1764]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1808]]
kfyctbv7xoh2lfscgasq0c1jxftqa53
1228516
1228515
2026-04-23T15:37:33Z
Drewes
2754
wurk
1228516
wikitext
text/x-wiki
{{wurk}}
'''Reinier Dibbets (de Klerk)''', ek wol: '''Dibbetz''' ([[Batavia]], [[1764]] - op see foar de kust fan [[Nij-Guineä]], [[1808]]), wie in [[dokter]] en [[patriotten|patriot]]. Wurdt yn guon boarnen as tige bejeftige omskreaun.
Hy promovearre yn 1785 yn de medisinen oan de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Nei de revolúsje fan [[1795]] waard er griffier fan de nije Steaten en meiwurker oan de [[Friesche Courant]]. De evenredige Dibbets moast lykwols útwike nei [[Grins (stêd)|Grins]] en bedarre letter yn [[Den Haach]].
Yn Den Haach begjint er it tydskrift 'Heraclyt en Democlyt' dêr't in protte oer Fryske tastannen fan dy tiid te finen is. Hy korrespondearre mei [[Gerrit Paape]] oer de neffens him te strange strafmjitte foar de foaroanmannen fan it [[Kollumer Oproer]]; suggerearre dat yn Ljouwert 'de geast fan [[Maximilien Robespierre|Robespierre]]' oplibbe <ref>[http://www.dbnl.org/tekst/paap004mijn01_01/paap004mijn01_01_0003.php Biografy Gerrit Paape by de DBNL]</ref>.
Yn 1802 bedarre er oer [[Brussel]] en [[Parys]] yn [[Kaapkoloanje]]. Dêr wied er ek praktisearjend dokter en joech er in krante út. Doe't de Britten yn 1806 de Kaapkoloanje yn hannen krigen ferfear er werom nei Batavia. Hy ferdronk lykwols yn 1808 foar de kust fan [[Nij-Guinea]]. <ref> ''Framing tijdens de Bataafse Revolutie''. Kader hoofrolspelers ''Reinier Dibbetz''. Fryslân Historisch Tijdschrift, maart/april 2026 s.9 </ref>
{{boarnen|boarnefernijing=
{{EvF|Dibbets}}
<references/>
}}
{{DEFAULTSORT:Dibbets, Reinier}}
[[Kategory:Frysk dokter]]
[[Kategory:Frysk amtner]]
[[Kategory:Frysk sjoernalist]]
[[Kategory:Nederlânsk dokter]]
[[Kategory:Nederlânsk amtner]]
[[Kategory:Nederlânsk sjoernalist]]
[[Kategory:Patriot]]
[[Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1764]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1808]]
ipbmaogdcjvt8xixp6q1k4mo03ntbo6
Jan fan Galen
0
62364
1228514
939242
2026-04-23T13:35:46Z
Vysotsky
12896
+/- ofbyld
1228514
wikitext
text/x-wiki
{{stobbe|skiednis}}
[[Ofbyld:Jan van Galen, PA02347.jpg|thumb|200px|Jan fan Galen]]
'''Jan''' (of '''Johan''') '''fan Galen''' ([[Essen (Dútslân)|Essen]], [[1604]] - [[Livorno (stêd)|Livorno]], [[23 maart]] [[1653]]) wie in [[Nederlân]]sk [[floatfâd]].
==Literatuer==
* G.G. Hellinga, 2006, ''Zeehelden uit de Gouden Eeuw''.
* [[JCM Warnsinck|Warnsinck, JCM]], ''Van Vlootvoogden en Zeeslagen'', PN van Kampen & Zoon, 1940
{{DEFAULTSORT:Galen, Jan fan}}
[[Kategory:Dútsk seeman]]
[[Kategory:Dútsk admiraal]]
[[Kategory:Nederlânsk seeman]]
[[Kategory:Nederlânsk admiraal]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Earste Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op see]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1604]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1653]]
czmh6fwhmbaoh3jm7fpdmcxh5p2ir55
1228517
1228514
2026-04-23T15:43:01Z
Drewes
2754
[[]] better
1228517
wikitext
text/x-wiki
{{stobbe|skiednis}}
[[Ofbyld:Jan van Galen, PA02347.jpg|thumb|200px|Jan fan Galen]]
'''Jan''' (of '''Johan''') '''fan Galen''' ([[Essen (Dútslân)|Essen]], [[1604]] - [[Livorno (stêd)|Livorno]], [[23 maart]] [[1653]]) wie in [[floatfâd]] fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]].
==Literatuer==
* G.G. Hellinga, 2006, ''Zeehelden uit de Gouden Eeuw''.
* [[JCM Warnsinck|Warnsinck, JCM]], ''Van Vlootvoogden en Zeeslagen'', PN van Kampen & Zoon, 1940
{{DEFAULTSORT:Galen, Jan fan}}
[[Kategory:Dútsk seeman]]
[[Kategory:Dútsk admiraal]]
[[Kategory:Nederlânsk seeman]]
[[Kategory:Nederlânsk admiraal]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch]]
[[Kategory:Steatsk militêr yn de Earste Ingelske Oarloch]]
[[Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op see]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1604]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1653]]
5fwhj0kf0yg5fnfdtnqpqkx6tr72g42
Kaktusmûs
0
70256
1228541
1173587
2026-04-23T23:24:17Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
oanfolling
1228541
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme= kaktusmûs
|Ofbyld= [[File:Peromyscus eremicus.jpg|250px]]
|lûd=
|Ryk= [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme= [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse= [[sûchdieren]] (''Mammalia'')
|Skift= [[kjifdieren]] (''Rodentia'')
|Famylje= [[wrotmûseftigen]] (''Cricetidae'')
|Skaai= [[wytpoatmûzen]] (''Peromyscus'')
|Wittenskiplike namme= Peromyscus eremicus
|Beskriuwer, jier= [[Spencer Fullerton Baird|Baird]], 1858
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
----
|lânkaart=[[File:Fersprieding fan de kaktusmûs (Peromyscus eremicus).png|center|250px]]
}}
De '''kaktusmûs''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Peromyscus eremicus'') is in [[sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[wrotmûseftigen]] (''Cricetidae''), de [[ûnderfamylje]] fan 'e [[Noardamerikaanske mûzen en rotten]] (''Neotominae''), de [[tûke (taksonomy)|tûke]] fan 'e [[hartemûzen]] (''Reithrodontomyini'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[wytpoatmûzen]] (''Peromyscus''). Dit bistke komt foar yn 'e súdwestlike dielen fan 'e [[Feriene Steaten]] en it noarden fan [[Meksiko]]. De kaktusmûs is in [[omnivoar]] [[nachtdier]], dat by gebrek oan [[fretten]] yn sawol [[winter]] as [[simmer]] yn in steat fan [[torpor]] (swiere [[sliep]]) giet om te oerlibjen. De [[IUCN]] klassifisearret dit bist as net bedrige.
==Fersprieding==
De kaktusmûs komt foar yn it súdwesten fan 'e [[legere 48 steaten]] fan 'e [[Feriene Steaten]], om sekuer te wêzen yn it suden fan [[Kalifornje]] en [[Nevada]], it uterste súdwesten fan [[Utah]], de westlike helte en it súdeasten fan [[Arizona]], it súdwesten fan [[Nij-Meksiko]] en yn 'e [[Transpecos]] fan [[West-Teksas]]. Yn [[Meksiko]] libbet de kaktusmûs op hast it hiele [[Kalifornysk Skiereilân]] (útsein de uterste súdlike punt), yn 'e kuststreken en it oangrinzgjende binnenlân oan 'e eastkant fan 'e [[Golf fan Kalifornje]], en teffens yn it noardlike part fan it [[Heechlân fan Meksiko]]. Dêrnjonken komt dit bistke ek foar op ferskate [[eilannen]] foar de Meksikaanske kust, sawol yn Golf fan Kalifornje as yn 'e [[Stille Oseaan]].
Ta it [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e kaktusmûs hearre guon fan 'e [[drûchte|drûchste]] kontreien fan [[Noard-Amearika]], wêrûnder de [[Mojavewoastyn]] fan súdeastlik Kalifornje, de [[Sonoarawoastyn]] fan noardwestlik Meksiko en súdwestlik Arizona en in diel fan 'e [[Woastyn fan 'e Grutte Dobbe]] yn súdlik Nevada. Oan 'e noardkant liket syn [[areaal]] begrinzge te wurden troch omleech geande [[temperatuer]]en en it dêrmei ferbân hâldende ûntbrekken fan [[meskiit]]-[[beam]]men fan it skaai ''Prosopis'' (yn it bysûnder ''Prosopis juliflora''), dêr't de kaktusmûs sterk fan ôfhinklik is.
==Uterlike skaaimerken==
De kaktusmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7,2–10,0 [[sintimeter|sm]], mei in sturtlingte fan 8,4–12,0 sm en in gewicht fan 18–40 [[gram (gewicht)|g]]. De [[efterpoat]]sjes mjitte 1,8–2,2 sm en de tinne en hast ûnbehierre [[ear (anatomy)|earkes]] binne 1,3–2,0 sm lang. Sawol de earen as de [[eagen]] binne grut yn ferhâlding ta de [[kop]]. De [[snút]] rint op in punt ta. Der bestiet yn dizze [[soarte]] [[seksuele dimorfy]]: de [[wyfke]]s binne justjes swierder as de [[mantsje]]s, mar oansjenlik mânsker fan postuer, mei langere earen en in bredere kop. De [[pels]] is sêft en lang, mei op 'e [[rêch]] in [[kleur]] dy't útinoar rinne kin fan [[oker (kleur)|oker]] oant [[bêzje]], wylst de [[bealch]] [[witich]] is en de kop boppe-op in [[grizich]] plak hat. Wyfkes binne yn 'e regel wat bleker fan kleur as mantsjes, en jongen hawwe in grizere pels.
De [[ferspriedingsgebiet|fersprieding]] fan 'e kaktusmûs oerlapet dy fan teminsten sân oare soarten [[wytpoatmûzen]], te witten: de [[boarstelwytpoatmûs]] (''Peromyscus crinitus''), [[Eva's woastynmûs]] (''P. eva''), [[Gambels hartemûs]] (''P. gambelii''), de [[Kalifornyske mûs]] (''P. californicus''), de [[meskiitmûs]] (''P. merriami''), de [[Noardnederkalifornyske hartemûs]] (''P. fraterculus'') en de [[westlike hartemûs]] (''P. sonoriensis''). Dy bistkes lykje allegearre gâns opinoar, mar kaktusmûzen ken men werom oan 'e keale [[soal (lichemsdiel)|soallen]] fan 'e [[poat|efterpoaten]] en de hast keale [[sturt]] dy't likernôch like lang is as de kop-romplingte. De wyfkes hawwe 2 pear [[oer]]en ynstee fan 3 pear, sa't de measte soarten [[mûzen en rotten]] (''Muroidea'' spp.) hawwe.
[[File:Cactus_mouse_at_the_Nevada_Test_Site.jpg|left|thumb|250px|In kaktusmûs yn syn natuerlike [[habitat]].]]
==Biotoop==
Kaktusmûzen jouwe de foarkar oan [[drûchte|drûge]] [[biotopen]] yn [[woastinen]], op [[steppe]]s en yn it [[heuvel]]ich foarlân fan [[berchtme]]n. Har [[habitat]] kin begroeid wêze mei fersille [[strewelleguod]], mar se komme ek foar yn [[rots]]ige of [[sân]]ige kriten sûnder neamenswurdige [[fegetaasje]]. Op guon plakken libje se ek yn [[nullewâld]]en. Wat hichte oangiet, libje kaktusmûzen op 35–2.130 [[meter|m]] boppe [[seenivo]].
==Hâlden en dragen==
===Deistige aktiviteiten===
Kaktusmûzen libje, útsein yn 'e peartiid, [[solitêr]]. Se bringe de [[dei]] foar it meastepart troch yn in [[nêst]], dat ornaris makke is fan alderhanne [[plant]]aardich materiaal yn in [[beamholte]] of in ûndergrûnske [[hoale]]. De kaktusmûs is gauris [[krepuskulêr]] aktyf (d.w.s. yn 'e [[jûnsskimer]] en by [[moarnsdage]]), en soms komt er sels [[middei (deidiel)|middeis]] by ljochtskyndei al op 'e lapen, mar eins is it in [[nachtdier]]. Sels by [[ljochtmoanne]] is er ornaris al minder aktyf.
Kaktusmûzen binne [[skouwens|skou]] en naaie by de minste of geringste fersteuring út, wat foar sokke bistkes in treflike oerlibbingsstrategy is. Wannear't se oppakt wurde troch in [[minske]], [[biten|bite]] se mar komselden. As se [[eangstme|bang]] binne, [[stim|fokalisearje]] se mei in heechtoanich [[piipjen]]d lûd. By ûndersiken yn in [[laboratoarium]]sitewaasje is de [[faasje|topfaasje]] fan kaktusmûzen by it [[draven]] fêststeld op 13,1 [[km]]/[[oere|h]]. Se fêstigje [[territoarium (biology)|territoaria]], wêrby't de territoaria fan bisten fan it tsjinstelde [[geslacht (sekse)|geslacht]] inoar oerlaapje, mar dy fan bisten fan itselde geslacht net. Yn ferhâlding ta oare soarten [[wytpoatmûzen]] hawwe kaktusmûzen in leger [[metabolisme]], wat in oanpassing oan [[drûchte|drûgere]] [[habitat]]s liket te wêzen.
[[File:Grasps.jpg|right|thumb|180px|In kaktusmûs oppakt troch in ûndersiker.]]
Wannear't in kaktusmûs by 't [[winter]] of by 't [[simmer]] troch [[kjeld]] of [[hjittens]] gjin [[fretten]] mear fine kin, rekket er wei yn in [[torpor]]. Dat is in djippe [[sliep]]eftige tastân dy't net alhiel itselde is as in [[wintersliep]] of in [[simmersliep]], mar wol de ferbrâning fan [[enerzjy]] safolle mooglik beheint. As it kâlder is as 15 [[°C]], hawwe kaktusmûzen muoite om yn torpor te kommen. [[Mammalogen]] binne fan tinken dat dat alteast foar in diel ferklearret wêrom't se net yn noardliker kontreien foarkomme. Yn it laboratoarium is waarnommen hoe't torpor ynsette kin binnen in [[healoere]] nei't in eksimplaar gjin iten mear krige. As kaktusmûzen [[útdrûging|útdrûge]] reitsje troch gebrek oan [[drinken]], begjinne se minder te [[iten]] om it [[wetter]] te behâlden dat se oars foar de [[spiisfertarring]] brûke soene.
===Fuortplanting===
De [[pearing]]swizânsjes fan 'e kaktusmûs binne anno [[2021]] noch net yngeand bestudearre, mar kinne foar in diel ôflaat wurde fan it [[hâlden en dragen]] fan oare, nau besibbe soarten wytpoatmûzen. Sa wurdt op basis dêrfan oannommen dat de bistkes [[promiskuïteit|promisku]] binne, wat sizze wol dat sawol [[mantsje]]s as [[wyfke]]s mei ferskate partners pearje. De kaktusmûs hat gjin spesifike [[peartiid]] en de [[fuortplanting]] fynt it hiele jier rûn plak, hoewol't der in dúdlike taname bestiet yn 'e waarmere [[moanne (tiid)|moannen]] fan it simmerhealjier.
De [[draachtiid]] duorret sa'n 21 [[dagen]]. Wyfkes kinne oant 3 nêsten jongen yn 't [[jier]] smite, dy't elts út 5–8 jongen besteane. As se te wrâld komme, weagje kaktusmûzen likernôch 2<sup><small>1</small></sup>/<sub><small>2</small></sub> [[gram (gewicht)|g]] en binne se [[blinens|blyn]] en keal mei in [[rôze]] [[hûd]]. De [[each]]jes geane mei 10–17 dagen iepen en mei likernôch 14 dagen is de [[pels]] yngroeid. Neffens ien stúdzje waarden de jongen mei 22 dagen [[ôfwûn]] en neffens in oarenien pas mei 44 dagen. De wyfkes binne mei likernôch 2 moannen [[geslachtsryp]], mar mei hokker [[âldens]] de mantsjes geslachtsryp binne, is noch ûnbekend.
[[File:Peromyscus eremicus phaeurus.jpg|left|thumb|180px|In fongen kaktusmûs.]]
==Fretten==
It dieet fan 'e kaktusmûs bestiet út [[sied (plant)|sieden]], de [[frucht (plant)|fruchten]] fan [[meskiit]]- en [[nettelbeammen]], griene [[plant]]edielen en [[ynsekten]]. [[Winter]]deis, as de plantegroei hohâldt, wurde der mear ynsekten fretten, wylst by 't [[maityd]] sieden en [[blom]]men op it menu steane. [[Simmer]]deis frette kaktusmûzen benammen griene plantedielen en ynsekten, en [[hjerst]]mis geane se nei in perioade fan fruchtefretten stadichoan wer oer op it winterdieet.
==Natuerlike fijannen==
De wichtichste [[rôfdier|natuerlike fijannen]] fan 'e kaktusmûs binne [[slangen]] lykas de [[prêrjerattelslang]] (''Crotalus viridis''), de [[swarte rattelslang]] (''Crotalus cerberus''), de [[Grutte-Dobberattelslang]] (''Crotalus lutosus'') en de [[Pasifyske swarte rattelslang]] (''Crotalus helleri''); [[ûlen]] lykas de [[Amerikaanske oehoe]] (''Bubo virginianus''), de [[Amerikaanske goudûle]] (''Tyto furcata'') en de [[eastlike krytûle]] (''Megascops asio''); en [[martereftigen]] lykas de [[langsturtwezeling]] (''Neogale frenata'') en de [[sulverdas]] (''Taxidea taxus'').
By oare [[rôfdier]]en dy't gefaarlik foar de kaktusmûs wêze kinne, giet it om [[stjonkdieren]] lykas it [[streekte stjonkdier]] (''Mephitis mephitis''), it [[westlik bûnt stjonkdier]] (''Spilogale gracilis'') en it [[Amerikaansk bargesnútstjonkdier]] (''Conepatus leuconotus''); [[hûneftigen]] lykas de [[prêrjewolf]] (''Canis latrans''), de [[grutearkitfoks]] (''Vulpes macrotis'') en de [[grize foks]] (''Urocyon cinereoargenteus''); [[kateftigen]] lykas de [[reade lynks]] (''Lynx rufus'') en de [[ferwyldere kat|ferwyldere]] en [[nuete kat]] (''Felis catus''); en oare lytse [[rôfdieren]], lykas de [[Noardamerikaanske katfret]] (''Bassariscus astutus'').
==Status==
De kaktusmûs hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige", mei't er yn syn [[ferspriedingsgebiet]] noch rûnom foarkomt en om't de [[populaasje (biology)|populaasje]] stabyl liket te wêzen. Yn [[delsetting]]s yn it [[woastinige]] súdwesten fan 'e [[Feriene Steaten]] kringe kaktusmûzen soms [[minsklik]]e [[wente]]n binnen. Der binne gjin negative effekten fan dizze soarte op minsken bekend. Inkele [[spesimina]] út [[Súdlik Kalifornje]] binne posityf test op it [[hantafirus]], dat foar minsken potinsjeel [[dea]]dlik is, mar it tinken is dat it dêrby gie om ynsidintele yndividuele [[besmetlike sykte|besmettings]] en net om in reservoir fan [[firus (biology)|firusdragers]], sa't by guon oare soarten [[mûzen en rotten]] it gefal is.
==Undersoarten==
De kaktusmûs hat ferskate [[ûndersoarte]]n, mar it krekte oantal is noch ûnwis om't [[mammalogen]] it der net oer iens binne. Guon boarnen neame wol oant 15 ûnderskate ûndersoarten, wêrfan't de measten yn har fersprieding beheind binne ta lytse eilannen dy't foar de [[Meksiko|Meksikaanske]] kust lizze yn 'e [[Golf fan Kalifornje]] of de [[Stille Oseaan]]. De ûndersoarte mei de grutste [[ferspriedingsgebiet|fersprieding]] is de [[nominaat]] (''Peromyscus eremicus eremicus''), dy't foarkomt yn hast it hiele ferspriedingsgebiet op it [[fêstelân]].
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Cactus_mouse ''References'', op dizze side], en ûnder: [http://de.wikipedia.org/wiki/Kaktusmaus ''Einzelnachweise'', op dizze side].
----
{{commonscat|Peromyscus eremicus}}
}}
{{DEFAULTSORT:Kaktusmus}}
[[Kategory:Sûchdieresoarte]]
[[Kategory:Wytpoatmûs]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko]]
lq4qjcy07k8u46fg00fh9tru3vkq85w
Assam
0
191040
1228532
1227832
2026-04-23T20:08:26Z
RomkeHoekstra
10582
Noch wat útwreide mei tabellen en fierder de opbou standerdisearre neffens de oare artikels oer dielgebieten fan Yndia.
1228532
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia
| namme = Assam
| status = Dielsteat
| ôfbylding = Tea plantation in Sonitpur district of Assam, India.jpg
| ôfbyldingstekst = Teeplantaazje yn Sonitpur
| flagge =
| wapen = Seal of Assam.png
| haadstêd = [[Dispur]]
| grutste stêd = [[Guwahati]]
| distrikten = 35
| ynwennertal = 31.205.576 <small>(2011)</small>
| oerflak = 78.438 km²
| befolkingstichtens = 398 ynw./km²
| hichte = 45 - 1960 m
| talen = [[Assameesk]]<br>[[Bodo (taal)|Bodo]]<br>[[Bengaly]]<br>[[Hindy]]<br>[[Ingelsk]]
| religy = [[Hindoeïsme]] (61,5%)<br>[[Islam]] (34,2%)<br>[[Kristendom]] (3,7%)
| stifting = 26 jannewaris 1950
| iso-koade = IN-AS
| webside = [https://assam.gov.in/ assam.gov.in]
| ôfbylding99 = Assam in India (claimed and disputed hatched).svg
| ôfbyldingstekst99 = Lokaasje fan Assam yn Yndia
| ôfbyldingsbreedte99 =
}}
'''Assam''' is in dielsteat yn it noardeasten fan [[Yndia]]. De steat leit yn 'e delling fan 'e rivier de [[Brahmaputra]] en stiet bekend om de teeproduksje en syn rike natoer. Assam grinzget yn it noarden oan [[Bûtan]] en [[Arunachal Pradesj]], yn it easten oan [[Nagaland]] en [[Manipur]], yn it suden oan [[Mizoram]], [[Tripura]] en [[Meghalaya]], en yn it westen oan [[West-Bingalen]] en [[Bangladesj]]. De haadstêd is [[Dispur]]. Guwahati is de grutste stêd fan 'e steat en de wichtichste poarte nei it noardeasten fan Yndia. Guwahati hat in eigen ynternasjonale lofthaven en ien fan 'e wichtichste universiteiten fan 'e regio.
== Geografy en Natoer ==
It lânskip fan Assam wurdt dominearre troch de brede delling fan 'e Brahmaputra. Dizze rivier soarget foar tige fruchtbere grûn, mar feroarsaket ek hast alle jierren grutte oerstreamings yn 'e [[moesson]]tiid.
Assam hat ferskate [[Nasjonaal park|nasjonale parken]] dy't op 'e [[Wrâlderfgoedlist fan UNESCO]] steane. It meast ferneamde is it [[Nasjonaal Park Kaziranga]], dêr't de grutste populaasje fan 'e [[Yndyske noashoarn]] (''Rhinoceros unicornis''). libbet. Ek de seldsume [[Yndyske rivierdolfyn]] (''Platanista gangetica'') komt foar yn 'e Brahmaputra.
== Skiednis ==
[[Ofbyld:A view of the Kareng Ghor- Ahom Raja's Palace in Garhgaon, Sivasagar, Assam.jpg|thumb|left|Kareng ghar, it paleis fan 'e Ahom-kening yn harren eardere keninkryk.]]
De skiednis fan Assam is nau ferbûn mei it [[Ahom-keninkryk]] (1228–1826). De Ahoms, dy't oarspronklik út it hjoeddeiske [[Tailân]] kamen, lutsen oer it [[Patkaiberchtme]] de Brahmaputradelling yn. It keninkryk wie ferneamd om syn fermogen om de machtige [[Mogolryk|Mogols]] ferskate kearen te ferslaan, lykas yn 'e ferneamde [[Slach by Saraighat]] (1671). Troch ynterne tsierderijen oerfoelen Birmezen yn 'e 19e iuw it ryk. Yn 1826 waarden de Birmezen troch de Britten ferdreaun en kaam der mei it Ferdrach fan Yandabo in ein oan it keninkryk, wêrnei't de Britten it bestjoer oernamen.
Tusken 1979 en 1985 hie Assam te meitsjen mei grutte protesten en stakingen it toaniel fan fûleindige reboelje en stakingen. It konflikt woartele yn 'e eangst de oanhâldende yllegale migraasje fan islamityske Bengalen de lânseigen kultuer en taal ûnder druk sette soe. De protestbeweging easke in ein oan 'e yllegale ymmigraasje út Bangladesj en dat yllegalen útset wurde soene. It konflikt berikte in tragysk djiptepunt yn febrewaris 1983 mei de [[Nellie-massamoard]], wêrby't yn ien dei tiid neffens offisjele sifers mear as 2.000 minsken (benammen moslim-migranten) om it libben kamen. De ûnrêst kaam mei it tekenjen fan it Assam-akkoart yn 1985 ta in ein, mar de ûnderlizzende spanningen tusken de ferskate groepen spylje oant hjoed-de-dei in grutte rol yn 'e regionale polityk.
== Befolking ==
[[Ofbyld:Maa Kamakhya Temple at Nilachal hill, Assam.jpg|thumb|left|Hindoe's by de Kamakhyatimpel yn Guwahatim.]]
De grutste befolkingsgroep binne de Assamezen. It Assameesk is de offisjele taal. Yn 'e Bodo-regio is it Bodo in offisjele taal en yn 'e Barakdelling wurdt in soad Bengaly praat. Dêrnjonken wurde Hindy en Ingelsk brûkt foar bestjoerlike saken. De mearderheid fan 'e befolking is hindoestysk (61,5%), folge troch in grutte moslim-minderheid (34,2%).
In ferneamd [[beafeart]]soard yn Guwahati is de Kamakhyatimpel, dy't wijd is oan 'e goadinne Shakti.
=== Spanningen ===
Assam hat al lang te krijen mei etnyske spanningen. De kearn fan it konflikt leit by de ymmigraasje út oanswettende gebieten, benammen út it islamityske [[Bangladesj]]. Dêrtroch is de demografy fan Assam yn 'e ôfrûne desennia yngreven feroare. De spanningen ha te meitsjen mei taal, mar ek mei religy. By de folkstelling fan 1951 wie likernôch 24,7% fan 'e befolking moslim; yn 2011 wie dat al 34,2%. Yn ferskate distrikten, benammen oan 'e grins mei Bangladesj meitsje moslims no de mearderheid út fan 'e befolking. Dat hat de wei frijmakke foar politike partijen dy't pleitsje foar it beskermjen fan 'e hindoekultuer en it strang oanpakken fan yllegale migraasje.
[[Ofbyld:Bodo Women.JPG|thumb|Bodo-froulje.]]
Der is in dúdlik ûnderskie tusken de lânseigen (Assameeske) moslims, dy't kultureel nau ferbûn binne mei de oare Assamezen, en de Bengaly-sprekkende moslims dy't letter migrearre binne. Njonken it grutte konflikt fan 'e jierren 1980, binne der ek yn 'e 21e iuw noch geregeldwei útbarstings fan geweld. In foarbyld dêrfan is de opskuor yn 2012 tusken de lânseigen islamityske Bodo-befolking en Bengaly moslims, wêrby't 77 minsken om it libben kamen en 400.000 minsken fan hûs en hiem ferdreaun waarden. Dy konflikten draaie meastentiids om de fraach wa't rjocht hat op 'e lânbougrûn yn 'e tichtbefolke delling.
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: left;"
|+ Religy yn Assam (2001–2011)
! Religy !! % (2001) !! % (2011) !! Karakteristyk
|-
| [[Hindoeïsme]] || 64,89% || 61,47% || De grutste groep, benammen yn 'e Brahmaputra-delling.
|-
| [[Islam]] || 30,92% || 34,22% || In groeiende groep, benammen yn 'e grinsdistrikten en de Barak-delling.
|-
| [[Kristendom]] || 3,70% || 3,74% || Benammen fertsjintwurdige ûnder de stammen yn 'e heuvelgebieten.
|-
| [[Boedisme]] || 0,19% || 0,18% || In lytse minderheid, faak fan etnyske Tai-komôf.
|-
| [[Sikhisme]] || 0,08% || 0,07% || In hiele lytse mienskip, meast yn 'e stêden.
|-
| [[Jaïnisme]] || 0,09% || 0,08% || In lytse groep keaplju yn 'e hannelssintra.
|-
| Oars / Net neamd || 0,13% || 0,24% || In ferskaat oan lânseigen natuerreligys (animisme).
|}
{| class="wikitable" style="width: auto; text-align: center;"
|+ Befolkingsûntwikkeling fan Assam (1901–2011)
! Jier
| '''1901''' || '''1911''' || '''1921''' || '''1931''' || '''1941''' || '''1951''' || '''1961'''
|-
! Ynwennertal
| 3.289.680 || 3.848.617 || 4.636.980 || 5.560.371 || 6.694.790 || 8.028.856 || 10.837.329
|-
! Groei
| — || +16,9% || +20,5% || +19,9% || +20,4% || +19,9% || +34,9%
|-
! Jier
| '''1971''' || '''1981''' || '''1991''' || '''2001''' || '''2011'''
|-
! Ynwennertal
| 14.625.152 || 18.041.248* || 22.414.322 || 26.655.528 || 31.205.576
|-
! Groei
| +34,9% || +23,3%* || +24,2% || +18,9% || +17,1%
|}
''* Yn 1981 fûn der yn Assam gjin offisjele folkstelling plak fanwegen de ûnrêst yn de steat; dit sifer is in rûzing fan 'e Census of India.''
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:A tea garden in Dibrugarh.jpg|thumb|Teeplantaazje yn Dibrugarh.]]
Assam is it grutste teeprodusearjende gebiet op 'e wrâld. De Assam-tee (''Camellia sinensis var. assamica'') waard yn 1823 yn it wyld ûntdutsen en groeit yn it leechlân fan 'e steat. Mear as de helte fan alle Yndiaaske tee komt út Assam. Njonken tee is de steat ek ryk oan oalje (foaral by Digboi). Yn Assam wurdt in soad rys ferboud en de steat stiet ek bekend om de sidekultuer.
== Bestjoer ==
Assam is in parlemintêre demokrasy mei in eigen parlemint yn 'e haadstêd Dispur. De steat is opdield yn 35 distrikten. It tal distrikten is de lêste jierren flink omheech gien: fan 23 distrikten yn 2001 nei 27 yn 2011, oant wol 35 hjoed-de-dei. In protte fan 'e nije distrikten binne ôfsplitst fan gruttere ienheden om it bestjoer tichter by de minsken te bringen. Foar it deistich bestjoer binne dizze distrikten groepearre yn fiif bestjoerlike regio's. In bysûnder ûnderdiel fan it bestjoer is de Bodoland Territorial Region (BTR). Dat is in autonome regio yn it noardwesten fan Assam, dêr't de Bodo-befolking in grutte mjitte fan selsbestjoer hat oer saken lykas kultuer, lânbou en ûnderwiis.
[[Ofbyld:Assam districts map.svg|thumb|Distrikten fan Assam.]]
{| class="wikitable sortable zebra" style="text-align:right; font-size: 90%;"
! Distrikt !! Haadplak !! Ynwenners (2001) !! Ynwenners (2011) !! Oerflak (km²)
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="5" | '''Boppe Assam'''
|-
| [[Charaideo]]** || Sonari || — || 471.141 || 1.069
|-
| [[Dhemaji (distrikt)|Dhemaji]] || Dhemaji || 571.944 || 686.133 || 3.237
|-
| [[Dibrugarh (distrikt)|Dibrugarh]] || Dibrugarh || 1.185.072 || 1.326.335 || 3.381
|-
| [[Golaghat (distrikt)|Golaghat]] || Golaghat || 946.279 || 1.066.822 || 3.502
|-
| [[Jorhat (distrikt)|Jorhat]] || Jorhat || 999.221 || 1.092.256 || 2.851
|-
| [[Lakhimpur (distrikt)|Lakhimpur]] || North Lakhimpur || 889.010 || 1.042.272 || 2.277
|-
| [[Majuli]]** || Garamur || — || 167.304 || 880
|-
| [[Sivasagar (distrikt)|Sivasagar]] || Sivasagar || 1.051.259 || 1.151.050 || 2.668
|-
| [[Tinsukia (distrikt)|Tinsukia]] || Tinsukia || 1.150.062 || 1.327.929 || 3.790
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="5" | '''Noard-Assam'''
|-
| [[Biswanath (distrikt)|Biswanath]]** || Biswanath Chariali || — || 585.356 || 1.100
|-
| [[Darrang (distrikt)|Darrang]] || Mangaldoi || 759.712 || 928.500 || 1.585
|-
| [[Sonitpur (distrikt)|Sonitpur]] || Tezpur || 1.681.513 || 1.924.110 || 5.324
|-
| [[Udalguri (distrikt)|Udalguri]]* || Udalguri || 756.671 || 831.668 || 2.012
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="5" | '''Beneden-Assam'''
|-
| [[Baksa (distrikt)|Baksa]]* || Mushalpur || 855.601 || 950.075 || 2.457
|-
| [[Barpeta (distrikt)|Barpeta]] || Barpeta || 1.647.201 || 1.693.622 || 3.245
|-
| [[Bongaigaon (distrikt)|Bongaigaon]] || Bongaigaon || 612.665 || 738.804 || 1.093
|-
| [[Chirang (distrikt)|Chirang]]* || Kajalgaon || 433.061 || 482.162 || 1.170
|-
| [[Dhubri (distrikt)|Dhubri]] || Dhubri || 1.637.344 || 1.949.258 || 2.838
|-
| [[Goalpara (distrikt)|Goalpara]] || Goalpara || 822.035 || 1.008.183 || 1.824
|-
| [[Kamrup Metropolitan]] || [[Guwahati]] || 1.059.578 || 1.253.938 || 1.032
|-
| [[Kamrup Rural]] || Amingaon || 1.269.192 || 1.517.542 || 3.105
|-
| [[Kokrajhar (distrikt)|Kokrajhar]]* || Kokrajhar || 843.243 || 887.142 || 3.129
|-
| [[Nalbari (distrikt)|Nalbari]] || Nalbari || 617.142 || 771.639 || 1.052
|-
| [[South Salmara-Mankachar]]** || Hatsingimari || — || 555.117 || 568
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="5" | '''Sintraal-Assam'''
|-
| [[Dima Hasao]] || Haflong || 188.079 || 214.102 || 4.888
|-
| [[Hojai (distrikt)|Hojai]]** || Hojai || — || 931.218 || 1.686
|-
| [[Karbi Anglong East]] || Diphu || 813.311 || 956.313 || 10.434
|-
| [[Karbi Anglong West]]** || Hamren || — || 237.689 || 3.035
|-
| [[Morigaon (distrikt)|Morigaon]] || Morigaon || 776.256 || 957.423 || 1.704
|-
| [[Nagaon (distrikt)|Nagaon]] || Nagaon || 2.314.629 || 2.823.768 || 3.833
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="5" | '''Barak Delling'''
|-
| [[Cachar (distrikt)|Cachar]] || Silchar || 1.444.921 || 1.736.617 || 3.786
|-
| [[Hailakandi (distrikt)|Hailakandi]] || Hailakandi || 542.872 || 659.296 || 1.327
|-
| [[Karimganj (distrikt)|Karimganj]] || Karimganj || 1.007.976 || 1.228.686 || 1.809
|}
''* Diel fan 'e autonome Bodoland Territorial Region (BTR).''<br>
''** Nije distrikten oprjochte nei 2011; ynwennertallen binne basearre op rûzings of de gearstalling fan 'e eardere memme-distrikten.''<br>
''* Diel fan 'e autonome Bodoland-regio. ** Majuli waard earst yn 2016 in apart distrikt; de sifers fan 2001 binne ûnderdiel fan it distrikt Jorhat.''
== Sjoch ek ==
* [[Ahom (keninkryk)]]
* [[Nasjonaal Park Kaziranga]]
{{boarnen|boarnefernijing=
*[https://censusindia.gov.in/ Census of India]
*[https://assam.gov.in/ Offisjele webside fan de oerheid fan Assam.]
*[https://assamtourism.gov.in/ Toerisme yn Assam.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Assam}}
}}
{{Dielsteat fan Yndia}}
{{DEFAULTSORT:Assam}}
[[Kategory:Assam| ]]
[[Kategory:Steat yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1950]]
hzxkgs6zhi6n9ac2jt7nue4ueqh9ykd
Andhra Pradesh
0
191086
1228531
1228035
2026-04-23T19:14:58Z
RomkeHoekstra
10582
1228531
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia
| namme = Andhra Pradesh
| status = Dielsteat
| ôfbylding = Tirumala 090615.jpg
| ôfbyldingstekst = De Tirumala Venkateswara-timpel
| flagge =
| wapen = Emblem of Andhra Pradesh.svg
| haadstêd = [[Amaravati]]
| grutste stêd = [[Visakhapatnam]]
| distrikten = 26
| ynwennertal = 49.386.799 <small>(2011)</small><ref>[https://censusindia.gov.in/census.website/data/census-tables Census India 2011]</ref>
| oerflak = 162.975 km²
| befolkingstichtens = 303 ynw./km²
| hichte = 0 - 1.680 m
| talen = [[Telûgû (taal)|Telûgû]]
| religy = [[Hindoeïsme]] 90,9%<br>[[Islam]] 7,3%<br>[[Kristendom]] 1,4%<br>Oars 0,4%
| stifting = 1 novimber 1956
| iso-koade = IN-AP
| webside = [https://www.ap.gov.in/ ap.gov.in]
| ôfbylding99 = Andhra Pradesh in India.svg
| ôfbyldingstekst99 = Lokaasje fan Andhra Pradesh yn Yndia
}}
'''Andhra Pradesh''' is in dielsteat yn it súdeasten fan [[Yndia]]. It is neffens oerflak de op seis nei grutste steat fan it lân en is likernôch fjouwer kear sa grut as Nederlân. De steat leit oan de [[Golf fan Bengalen]] en hat nei [[Gûdjarat]] de langste kustline fan Yndia (974 km). De steat is ien fan 'e wichtichste gebieten foar de produksje fan riis yn it lân en is ferneamd om syn rike Telûgu-kultuer en hindoetimpels.
== Geografy ==
It lânskip fan Andhra Pradesh fariëarret fan 'e brede kustflakte oan 'e eastkant oant de heuvels fan 'e [[East-Ghats]] en de heechflakte fan 'e [[Dekkan]] yn it binnenlân.
Twa grutte rivieren streame troch Andhra Pradesh: de [[Godavari]] en de [[Krishna (rivier)|Krishna]]. De rivieren foarmje grutte delta's foardat se yn 'e Golf fan Bengalen útkomme. Dy delta-gebieten binne tige fruchtber en foarmje it sintrum fan 'e lânbou. Yn it noardeasten lizze de Araku-dellingen, in bercheftich gebiet dat bekend stiet om syn kofjeplantaazjes en koelere klimaat.
== Skiednis ==
Andhra Pradesh hat in skiednis dy't tûzenen jierren weromgiet. It waard bestjoerd troch machtige foarstehûzen, lykas de Satavahana's en it Vijayanagara-ryk.
Yn 'e moderne skiednis wie Andhra Pradesh de earste steat yn Yndia dy't stifte waard op basis fan taal. Yn 1953 waard de steat Andhra foarme út de Telûgu-sprekkende dielen fan 'e provinsje Madras. Op 1 novimber 1956 waard Andhra gearfoege mei de Telûgu-regio fan 'e âlde steat Hyderabad om de dielsteat Andhra Pradesh te foarmjen.
Op 2 juny 2014 fûn der in grutte feroaring plak doe't it noardwestlike diel fan 'e steat him ôfskiede om de nije dielsteat [[Telangana]] te foarmjen. De âlde haadstêd [[Hyderabad]] kaam yn Telangana te lizzen, wêrtroch't Andhra Pradesh in folslein nije haadstêd bouwe moast: [[Amaravati]].
== Befolking ==
De grutte mearderheid fan 'e befolking bestiet út Telûgu's. De taal, it [[Telûgu]], is ien fan 'e grutste Dravidyske talen en hat in eigen unyk skrift.
{| class="wikitable" style="width: auto; text-align: center;"
|+ Befolkingsûntwikkeling fan Andhra Pradesh (1901–2011)
! Jier
| '''1901''' || '''1911''' || '''1921''' || '''1931''' || '''1941''' || '''1951''' || '''1961'''
|-
! Ynwennertal
| 13.042.029 || 14.503.221 || 14.471.214 || 16.275.460 || 18.729.418 || 21.365.253 || 25.147.289
|-
! Groei
| — || +11,2% || -0,2% || +12,5% || +15,1% || +14,1% || +17,7%
|-
! Jier
| '''1971''' || '''1981''' || '''1991''' || '''2001''' || '''2011''' ||
|-
! Ynwennertal
| 30.155.992 || 37.362.408 || 44.913.344 || 44.200.045 || 49.386.799 ||
|-
! Groei
| +19,9% || +23,9% || +20,2% || +11,9%* || +11,7% ||
|}
<small>''* De sifers foar 2014 binne rekonstruearre foar de opspjalting fan Telangana.''</small>
=== Religy ===
It [[hindoeïsme]] is de oerhearskjende religy. De Tirumala Venkateswara-timpel yn Tirupati is ien fan 'e meast besochte en rykste religieuze plakken yn 'e wrâld.
De religieuze demografy fan Andhra Pradesh fertoant sûnt 1971 in unyk statistysk ferskynsel. Wylst it offisjele oantal kristenen yn 'e folkstelling fan 2011 sakke is nei 1,34%, sjogge ûndersikers in hast eksakte korrespondinsje mei de groei fan it oantal registrearre hindoes út de saneamde ''Scheduled Castes'' (de [[Dalit]]s).<ref name="CPS">Centre for Policy Studies (2016). ''Religious Demography of Andhra Pradesh''.</ref>
Yn distrikten lykas [[Guntur (distrikt)|Guntur]] is dat it meast dúdlik: de delgong fan it kristendom mei 12,8% rint hast lykop mei de stiging fan 'e ''Scheduled Castes'' (+14,8%). Dat wiist derop dat in grut part fan 'e kristlike mienskip op it plattelân him offisjeel as hindoe registrearje lit om oanspraak te hâlden op wetlike foardielen, in ferskynsel dat minder spilet yn 'e stêden of ûnder de ''[[Scheduled Tribes]]'' (lânseigen stamme-mienskippen yn in tige neidielige sosjaal-ekonomyske posysje), dy't harren rjochten by bekearing wol behâlde.<ref name="CPS" />. Sosjologen en alternative oerheidsenkêtes (lykas de National Family Health Survey) geane der dêrfandinne fan út dat it werklike oantal kristenen folle heger leit, mooglik tusken de 10% en 12%.<ref>Kumar, J.V. (2014). ''The Census and the Christian Community in Andhra Pradesh''. Journal of South Asian Studies.</ref>
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: right;"
|+ Religy yn Andhra Pradesh
! Religy !! % (2001) !! % (2011) !! Ferskil (%)
|-
| style="text-align: left;" | [[Hindoeïsme]] || 90,6% || 90,9% || style="color: green;" | +0,3%
|-
| style="text-align: left;" | [[Islam]] || 7,2% || 7,3% || style="color: green;" | +0,1%
|-
| style="text-align: left;" | [[Kristendom]] || 1,8% || 1,4% || style="color: red;" | -0,4%
|-
| style="text-align: left;" | Oars ([[Boedisme]], [[Jaïnisme]], [[Sikhisme]]) || 0,4% || 0,4% || 0,0%
|}
* ''De islamityske mienskip is foaral konsintrearre yn 'e regio Rayalaseema (it súdlike binnenlân) en yn 'e gruttere stêden.''
== Grutste plakken yn Andhra Pradesh ==
Visakhapatnam is de grutste stêd en in wichtige strategyske havenstêd oan de eastkust.
{| class="wikitable sortable" style="width: auto;"
! Rang !! Plak !! Distrikt !! Ynwennertal <small>(2011)</small> !! Funksje
|-
| 1 || [[Visakhapatnam]] || Visakhapatnam || 1.728.128 || Havenstêd, yndustry
|-
| 2 || [[Vijayawada]] || NTR || 1.034.358 || Hannelssintrum
|-
| 3 || [[Guntur]] || Guntur || 674.336 || Lânbou-yndustry
|-
| 4 || [[Nellore]] || Nellore || 496.410 || Hannel
|-
| 5 || [[Kurnool]] || Kurnool || 430.214 || Regionaal sintrum
|}
== Toerisme ==
Andhra Pradesh biedt foar toeristen in grut ferskaat oan attraksjes op it mêd fan religy, natuer as kultuer. It religieuze hert fan 'e steat stiet yn Tirupati, dêr't de Sri Venkateswara-timpel op 'e Tirumala-heuvels stiet. Dat hillichdom is ien fan 'e meast besochte pylgersplakken op 'e wrâld. In oar arsjitektoanysk hichtepunt is de timpel fan Lepakshi.
[[Ofbyld:Borra caves 5.jpg|thumb|left|Borra-grotten.]]
Foar natuerleafhawwers is de Araku-delling yn 'e East-Ghats in populêre bestimming. Under it heuvelich gebiet mei kofjeplantaazjes en wetterfallen lizze de Borra-grotten, dy't miljoenen jierren âld binne en ûnbidige stalaktiten en stalagmiten ha. By de havenstêd Visakhapatnam lizze brede strannen lykas Rushikonda.
Ek op it mêd fan skiednis hat de steat in soad te bieden. Sa is de nije haadstêd Amaravati boud op it plak dat twatûzen jier lyn al in wrâldferneamd sintrum fan it [[boedisme]] wie. Yn it binnenlân lizze de Belum-grotten, de grutste fan harren soarte yn Yndia.
== Natoer ==
De steat hat in ryk ferskaat oan wylde dieren en beskerme gebieten.
=== Nasjonale Parken ===
* It [[Nasjonaal Park Sri Venkateswara]] yn 'e Seshachalam-heuvels is bekend om syn wetterfallen en seldsume plantesoarten.
* It [[Nasjonaal Park Papikonda]] leit yn it streamgebiet fan 'e Godavari en is it thús fan 'e tiger, de loaihoars en de seldsume gaur.
* De Pulicat-mar is de op ien nei grutste brakwettermar fan Yndia en is in tige wichtich foar trekfûgels, benammen de flamingo.
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:Rice field 2.jpg|thumb|Rysfjild.]]
De ekonomy is tradisjoneel rjochte op 'e lânbou, benammen de bou fan [[rys]], [[sûkerreid]] en [[tabak]]. De delta's fan 'e Krishna en Godavari binne de meast produktive lânbougebieten fan it lân.
Dêrneist ûntwikkelet de steat him hurd op it mêd fan technology en yndustry. Visakhapatnam is in sintrum foar de stielyndustry en skipbou. De steat is ek in lieder yn 'e farmaseutyske sektor en de produksje fan duorsume enerzjy, lykas sinne-enerzjy. Yn Sriharikota leit it Satish Dhawan Space Centre, de wichtichste lansearbasis foar de Yndiaaske romtefeartorganisaasje ISRO.
== Bestjoer ==
Andhra Pradesj is sûnt 2022 ferdield yn 26 distrikten (foarhinne wiene dat 13). De steat wurdt bestjoerd troch in gûverneur (seremoaniëel) en in Chief Minister (deistich bestjoer). It parlemint fan 'e steat sit yn 'e nije haadstêd Amaravati.
[[Ofbyld:Map of all Andhra Pradesh districts-en.svg|thumb|250px|Distrikten fan Andhra Pradesh.]]
{| class="wikitable sortable zebra" style="text-align:right; font-size: 90%;"
! Distrikt !! Haadplak !! Lokaasje !! Inw. (2011) !! Oerflak (km²)
|-
| style="text-align:left" | [[Alluri Sitharama Raju (distrikt)|Alluri Sitharama Raju]] || Paderu
| [[Ofbyld:Alluri Sitharama Raju in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 953.960 || 12.251
|-
| style="text-align:left" | [[Anakapalli (distrikt)|Anakapalli]] || Anakapalli
| [[Ofbyld:Anakapalli in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.726.998 || 4.292
|-
| style="text-align:left" | [[Anantapur (distrikt)|Anantapur]] || Anantapur
| [[Ofbyld:Anantapur in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.241.105 || 10.205
|-
| style="text-align:left" | [[Annamayya (distrikt)|Annamayya]] || Rayachoti
| [[Ofbyld:Annamayya in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.697.303 || 7.954
|-
| style="text-align:left" | [[Bapatla (distrikt)|Bapatla]] || Bapatla
| [[Ofbyld:Bapatla in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.586.918 || 3.829
|-
| style="text-align:left" | [[Chittoor (distrikt)|Chittoor]] || Chittoor
| [[Ofbyld:Chittoor in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.872.819 || 6.855
|-
| style="text-align:left" | [[Dr. B.R. Ambedkar Konaseema]] || Amalapuram
| [[Ofbyld:Konaseema in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.719.093 || 2.083
|-
| style="text-align:left" | [[East Godavari (distrikt)|East Godavari]] || Rajamahendravaram
| [[Ofbyld:East Godavari in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.832.332 || 2.561
|-
| style="text-align:left" | [[Eluru (distrikt)|Eluru]] || Eluru
| [[Ofbyld:Eluru in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.071.700 || 6.671
|-
| style="text-align:left" | [[Guntur (distrikt)|Guntur]] || Guntur
| [[Ofbyld:Guntur in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.091.075 || 2.443
|-
| style="text-align:left" | [[Kakinada (distrikt)|Kakinada]] || Kakinada
| [[Ofbyld:Kakinada in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.092.374 || 3.019
|-
| style="text-align:left" | [[Krishna (distrikt)|Krishna]] || Machilipatnam
| [[Ofbyld:Krishna in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.735.079 || 3.775
|-
| style="text-align:left" | [[Kurnool (distrikt)|Kurnool]] || Kurnool
| [[Ofbyld:Kurnool in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.271.686 || 7.980
|-
| style="text-align:left" | [[Nandyal (distrikt)|Nandyal]] || Nandyal
| [[Ofbyld:Nandyal in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.785.771 || 9.682
|-
| style="text-align:left" | [[NTR (distrikt)|NTR]] || Vijayawada
| [[Ofbyld:NTR in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.218.591 || 3.316
|-
| style="text-align:left" | [[Palnadu (distrikt)|Palnadu]] || Narasaraopeta
| [[Ofbyld:Palnadu in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.041.723 || 7.298
|-
| style="text-align:left" | [[Parvathipuram Manyam]] || Parvathipuram
| [[Ofbyld:Parvathipuram Manyam in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 925.340 || 3.935
|-
| style="text-align:left" | [[Prakasam (distrikt)|Prakasam]] || Ongole
| [[Ofbyld:Prakasam in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.288.026 || 14.322
|-
| style="text-align:left" | [[Sri Potti Sriramulu Nellore]] || Nellore
| [[Ofbyld:Sri Potti Sriramulu Nellore in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.469.712 || 10.441
|-
| style="text-align:left" | [[Sri Sathya Sai (distrikt)|Sri Sathya Sai]] || Puttaparthi
| [[Ofbyld:Sri Sathya Sai in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.840.043 || 7.771
|-
| style="text-align:left" | [[Srikakulam (distrikt)|Srikakulam]] || Srikakulam
| [[Ofbyld:Srikakulam in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.191.471 || 4.591
|-
| style="text-align:left" | [[Tirupati (distrikt)|Tirupati]] || Tirupati
| [[Ofbyld:Tirupati in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 2.196.984 || 8.231
|-
| style="text-align:left" | [[Visakhapatnam (distrikt)|Visakhapatnam]] || Visakhapatnam
| [[Ofbyld:Visakhapatnam in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.959.544 || 1.048
|-
| style="text-align:left" | [[Vizianagaram (distrikt)|Vizianagaram]] || Vizianagaram
| [[Ofbyld:Vizianagaram in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.930.833 || 4.122
|-
| style="text-align:left" | [[West Godavari (distrikt)|West Godavari]] || Bhimavaram
| [[Ofbyld:West Godavari in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.779.935 || 2.178
|-
| style="text-align:left" | [[YSR Kadapa (distrikt)|YSR Kadapa]] || Kadapa
| [[Ofbyld:YSR in Andhra Pradesh (India).svg|60px|center]]
| 1.997.719 || 11.228
|}
{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Andhra Pradesh}}
}}
{{Dielsteat fan Yndia}}
[[Kategory:Andhra Pradesh| ]]
[[Kategory:Steat yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1956]]
3b6tbt8m5i5859og0g5yob0acusmuqw
Jammu en Kasjmier (territoarium)
0
191260
1228533
1228506
2026-04-23T22:43:50Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Bestjoer */ kt
1228533
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia
| namme = Jammu en Kasjmier<br><small>जम्मू और कश्मीर <br> جموں و کشمیر
| status = Unyterritoarium
| ôfbylding = Dal Lake Hazratbal Srinagar.jpg
| ôfbyldingstekst = De Dal-mar yn Srinagar, de simmerhaadstêd.
| wapen =
| haadstêd = [[Srinagar]] (simmer)<br>[[Jammu]] (winter)
| grutste stêd = [[Srinagar]]
| distrikten = 20
| ynwennertal = 12.258.433 (2011, sûnder Ladakh)
| oerflak = 42.241 km² (ûnder Yndiaask bestjoer)
| befolkingstichtens= 290,2 ynw./km²
| hichte = 247 - 7.135 m
| talen = [[Kasjmiersk]], [[Dogry]], [[Hindy]], [[Urdu]], [[Ingelsk]]
| religy = [[Islam]] 68,31%<br>[[Hindoeïsme]] 28,44%<br>[[Sikhisme]] 1,87%
| stifting = 31 oktober 2019 (as unyterritoarium)
| webside = [https://jk.gov.in jk.gov.in]
| ôfbylding99 = Jammu and Kashmir in India (de-facto).svg
| ôfbyldingstekst99 = Lokaasje fan Jammu en Kasjmier yn it noarden.
}}
'''Jammu en Kasjmier''' is in [[unyterritoarium]] yn it uterste noarden fan [[Yndia]]. Oant 2019 wie it in dielsteat mei in spesjale autonome status, mar nei in grûnwetlike feroaring waard it omfoarme ta in unyterritoarium, wylst [[Ladakh]] dêrfan losmakke waard as in apart territoarium. It unyterritoarium Jammu en Kasjmier (42.241 km²) is krekt wat grutter Nederlân (41.850 km²).
== Geografy ==
[[Ofbyld:Pahalgam Valley.jpg|thumb|left|Pahalgam-delling.]]
Jammu and Kashmir bestiet út twa geografysk tige ferskillende regio’s. De Kasjmierdelling is in fruchtbere, heechlizzende delling, omklamme troch de sniebedutsen piken fan de [[Himalaya]] en de [[Pir Panjal]]-berchrêch. Troch dizze delling streamt de [[Jhelum (rivier)|Jhelum]], en it gebiet is wrâldferneamd om syn natoer, mei marren lykas de [[Dal-mar]] (''Dal Lake'') en grutte berchgreiden.
It súdlike diel, Jammu, bestiet út de legere heuvels fan 'e [[Shiwaliks]] en in diel fan 'e flakten fan Pûndjaab. It klimaat is hjir folle waarmer as yn 'e Kasjmierdelling.
== Skiednis ==
De skiednis fan Jammu and Kashmir is nau ferbûn mei de spanning tusken Yndia en Pakistan. Oant 1947 wie it gebiet in prinsdom ûnder in hindoe-maharadja, wylst de mearderheid fan 'e befolking moslim wie.
=== 1947 ===
[[Ofbyld:Indian soldiers landing at Srinagar airfield during the 1947–1948 war.jpg|thumb|left|Yndiaaske troepen dy't yn Srinagar oankomme (1947–1948).]]
By de dieling fan [[Britsk-Ynje]] yn 1947 kaam it gebiet yn in krisis telâne. Nei in ynfal fan stammen út [[Pakistan]] naam de maharadja it beslút him oan te sluten by Yndia. Dat feroarsake de earste oarloch tusken beide lannen en resultearre yn in de fakto spjalting fan it gebiet troch in bestânsline (''Line of Control'').
=== Autonomy ûnder Artikel 370 ===
Yn 'e jierren dêrnei krige it gebiet in bysûndere status yn 'e Yndiaaske uny. Under Artikel 370 fan 'e Yndiaaske grûnwet hie Jammu en Kasjmier in grutte mjitte fan selsbestjoer, mei in eigen grûnwet en in eigen flagge. De federale oerheid hold allinnich foech oer saken lykas definsje en bûtenlânske polityk. Dêrnjonken wie it foar minsken fan bûten de steat net tastien om grûn of ûnreplik guod te keapjen.
=== 2019 ===
Yn 2019 feroare de situaasje yngrevend mei't de Yndiaaske oerheid dy spesjale status ophefte. Mei it skrassen fan Artikel 370 waard de autonomy beëinige en de eigen grûnwet ôfskaft. Tagelyk waard de eardere dielsteat opdield yn twa unyterritoaria: Jammu en Kasjmier en Ladakh.
It doel fan 'e feroaringen wie om it gebiet sterker yn 'e Yndiaaske steatstruktuer te yntegrearjen. Sûnt dy tiid falle plysje en iepenbiere oarder fuort ûnder de federale oerheid yn [[New Delhi]], en jilde de nasjonale wetten ek foar de ynwenners fan 'e Kasjmier en Jammu.
== Befolking ==
[[Ofbyld:Kashmir (1319995821).jpg|thumb|Frou mei bern yn Kasjmier.]]
Jammu and Kashmir is it iennichste unyterritoarium fan Yndia mei in moslimmearderheid, mar de religieuze ferdieling ferskilt sterk per regio. Yn 'e Kasjmierdelling is de befolking hast hielendal moslim (likernôch 96%), en dêr spilet de kultuer fan it saneamde Kashmiriyat in wichtige rol, in mingfoarm fan islamityske en [[Soefisme|sufy-ynfloeden]] mei âlde Kasjmierske tradysjes.
Yn it súdlike diel, Jammu, foarmje hindoes de mearderheid (sa'n 62%), neist wichtige minderheden fan moslims en sikhs. In promininte groep yn 'e regio binne de Dogra's, dy’t in grutte kulturele en histoaryske rol spylje.
[[Ofbyld:Prayer in Jamia Mosque.jpg|thumb|Ynterieur fan 'e Jamia-moskee yn Srinagar.]]
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: left;"
|+ Religy yn Jammu en Kasjmier (2011)
! Religy !! % !! Karakteristyk
|-
| [[Islam]] || 68,31% || Benammen konsintrearre yn 'e Kasjmierdelling (96%).
|-
| [[Hindoeïsme]] || 28,44% || De mearderheid yn 'e regio Jammu (62%).
|-
| [[Sikhisme]] || 1,87% || In lytse mar ynfloedrike mienskip, fral yn Jammu en Srinagar.
|-
| [[Boedisme]] || 0,90% || Lytse mienskip (de measte boedisten falle no ûnder Ladakh).
|-
| [[Kristendom]] || 0,28% || In hiele lytse minderheid.
|}
{| class="wikitable" style="width: auto; text-align: center;"
|+ Befolkingsûntwikkeling fan Jammu en Kasjmier (1951–2011)
! Jier
| '''1951''' || '''1961''' || '''1971''' || '''1981''' || '''1991''' || '''2001''' || '''2011'''
|-
! Ynwennertal
| 3.253.852 || 3.560.976 || 4.616.632 || 5.987.389 || 7.718.700* || 10.143.700 || 12.258.433
|-
! Groei
| — || +9,4% || +29,6% || +29,7% || +28,9% || +31,4% || +23,6%
|}
''*Yn 1991 fûn der yn Jammu en Kasjmier gjin offisjele folkstelling plak troch de ûnrêst; dit sifer is in rûzing.''
== Ekonomy ==
De ekonomy fan Jammu and Kashmir is foar in grut part ôfhinklik fan lânbou, toerisme en tradisjoneel hânwurk. Foar in soad ynwenners is de lânbou de wichtichste boarne fan ynkommen. Yn 'e Kasjmierdelling libje in soad boeren fan 'e tylt fan apels, kersen en walnuten. Ek saffraan, ien fan 'e djoerste krûden fan 'e wrâld, wurdt hjir ferboud en bringt in hege opbringst op.
[[Ofbyld:Houseboats, Dal Lake, Kashmir.jpg|thumb|left|Hûsboaten op 'e Dal-mar.]]
Dêrnjonken fertsjinje in soad minsken harren jild yn it toerisme. Nettsjinsteande politike ûnrêst bliuwt de regio in populêre bestimming foar besikers út Yndia, dy't komme foar it berchlânskip, de snie en de wenboaten op 'e marren by Srinagar.
Ek it hânwurk is foar in grut part fan 'e befolking fan belang. Ambachtslju meitsje wrâldferneamde produkten lykas Pashmina-sjaals, hânknope kleden en fyn fykwurk fan walnutehout, dy't sawol yn Yndia as dêrbûten ferkocht wurde.
== Natoer ==
De natoer fan Jammu en Kasjmier ferskilt fan subtropyske flakten yn it suden oant berchpiken fan 'e Himalaja yn it noarden. It lânskip wurdt benammen bepaald troch hichteferskillen en in soad wetter.
De Kasjmierdelling is in heechlizzende delling (±1.600 m). Troch it gebiet streamt de Jhelum. Bekende marren binne de Dal-mar en de Wular-mar. De Dal-mar stiet bekend om syn driuwende tunen. De natoer is grien en ryk en yn 'e maitiid bloeie de berchgreiden fan Gulmarg en Sonamarg fol blommen.
Yn it suden is it lânskip rûger. De Shiwaliks rinne oer yn 'e hegere berchgebieten fan 'e Midden-Himalaja. Rivieren lykas de Chenab, Tawi en Ravi hawwe hjir djippe dellingen útsletten. De bosken besteane benammen út iken en dennen.
[[Ofbyld:The Last Surviving Population of Hangul.jpg|thumb|De lêste populaasje fan it [[Sintraalaziatysk reahart]].]]
It gebiet hat ferskate beskerme natoergebieten, wêrûnder it [[Nasjonaal Park Dachigam]]. It bekendste bist is it [[Sintraalaziatysk reahart]] (''Cervus hanglu''), in seldsume hartsoarte dy't hast allinnich hjir foarkomt. Yn 'e hegere bergen libje ek de [[snieloaihoars]] (Panthera uncia), de [[Aziatyske swarte bear]] (''Ursus thibetanus'' en ''Ursus arctos isabellinus'') en ferskate soarten wylde geiten en skiep.
Oare nasjonale parken binne:
* [[Nasjonaal Park Kishtwar]]: bekend om syn rûge bergen.
* [[Nasjonaal Park Kazirag]]: in gebiet dat tichetby de ''Line of Control'' leit.
* [[Nasjonaal Park Salim]]: in lyts park flakby Srinagar dat fral rjochte is op fûgels.
== Bestjoer ==
De politike struktuer fan Jammu en Kasjmier is bysûnder en hat sûnt 2019 grutte feroarings ûndergien. As unyterritoarium wurdt it bestjoerd troch in Luitenant-gûverneur, dy’t troch de presidint fan Yndia beneamd wurdt. Dy hat de úteinlike ferantwurdlikheid oer plysje en iepenbiere oarder.
Dêrnjonken hat Jammu en Kasjmier in keazen wetjaande gearkomste. Nei in perioade fan streekrjocht federaal bestjoer fûnen yn 2024 foar it earst wer ferkiezings plak, wêrtroch fertsjintwurdigers fan 'e befolking wer wetten meitsje kinne oer lokale saken lykas ûnderwiis, sûnenssoarch en lânbou.
In histoarysk skaaimerk is it systeem fan in simmer- en winterhaadstêd. Srinagar fungearret as haadstêd yn 'e simmermoannen, wylst it bestjoer yn 'e winter ferhûzet nei it súdliker lizzende Jammu.
Op it mêd fan rjochtspraak falt it gebiet ûnder it High Court fan Jammu en Kasjmier en Ladakh, dat ek rjochtsprekt foar it buor-unyterritoarium Ladakh.
[[Ofbyld:Jammu und Kashmir (Unionsterritorium) Distrikte.svg|thumb|Distrikten fan Jammu en Kasjmier.]]
{| class="wikitable sortable" style="font-size: 95%; width: 65%;"
! Distrikt !! Haadplak !! Ynwennertal (2011) !! Oerflak (km²)
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="4" | '''Regio Kasjmier
|-
| [[Srinagar (distrikt)|Srinagar]] || Srinagar || 1.236.829 || 1.979
|-
| [[Anantnag (distrikt)|Anantnag]] || Anantnag || 1.078.692 || 3.574
|-
| [[Baramulla (distrikt)|Baramulla]] || Baramulla || 1.008.039 || 4.243
|-
| [[Kupwara (distrikt)|Kupwara]] || Kupwara || 870.354 || 2.379
|-
| [[Badgam (distrikt)|Badgam]] || Badgam || 753.745 || 1.371
|-
| [[Pulwama (distrikt)|Pulwama]] || Pulwama || 560.440 || 1.086
|-
| [[Kulgam (distrikt)|Kulgam]] || Kulgam || 424.483 || 410
|-
| [[Bandipora (distrikt)|Bandipora]] || Bandipora || 392.232 || 345
|-
| [[Ganderbal (distrikt)|Ganderbal]] || Ganderbal || 297.446 || 258
|-
| [[Shopian (distrikt)|Shopian]] || Shopian || 266.215 || 312
|- style="background:#efefef; text-align: center;"
| colspan="4" | '''Regio Jammu
|-
| [[Jammu (distrikt)|Jammu]] || Jammu || 1.529.958 || 2.342
|-
| [[Rajouri (distrikt)|Rajouri]] || Rajouri || 642.415 || 2.630
|-
| [[Kathua (distrikt)|Kathua]] || Kathua || 616.435 || 2.651
|-
| [[Udhampur (distrikt)|Udhampur]] || Udhampur || 554.985 || 2.637
|-
| [[Poonch (distrikt)|Poonch]] || Poonch || 476.835 || 1.674
|-
| [[Doda (distrikt)|Doda]] || Doda || 409.936 || 8.912
|-
| [[Samba (distrikt)|Samba]] || Samba || 318.898 || 904
|-
| [[Reasi (distrikt)|Reasi]] || Reasi || 314.667 || 1.719
|-
| [[Ramban (distrikt)|Ramban]] || Ramban || 283.713 || 1.329
|-
| [[Kishtwar (distrikt)|Kishtwar]] || Kishtwar || 230.696 || 7.737
|}
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://censusindia.gov.in/census.website/data/census-tables Census of India.]
* [https://www.jktdc.co.in/ Toerisme yn Jammu en Kasjmier .]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Jammu and Kashmir (union territory)}}
}}
{{Dielsteat fan Yndia}}
[[Kategory:Jammu en Kasjmier (territoarium)| ]]
[[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2019]]
83u0hh87b27wz4hjuba53hue481ltgv
Lakshadweep
0
191262
1228512
1228507
2026-04-23T12:06:12Z
RomkeHoekstra
10582
1228512
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia
| namme = Lakshadweep<br>लक्षद्वीप<br>لکشادیپ
| status = Unyterritoarium
| ôfbylding = Bangaram Island, Lakshadweep 20160325- DSC1780.jpg
| ôfbyldingstekst = It eilân Bangaram.
| wapen = Flag of Lakshadweep.png
| haadstêd = [[Kavaratti]]
| grutste stêd = [[Andrott]]
| distrikten = 1
| ynwennertal = 64.473 (2011)
| oerflak = 32 km²
| befolkingstichtens= 2.014,78 ynw./km²
| hichte = 0 - 10 m
| talen = [[Malajalam]], [[Jesery]], [[Mahl]], [[Ingelsk]]
| religy = [[Islam]] 96,58%<br>[[Hindoeïsme]] 2,77%<br>[[Kristendom]] 0,49%
| stifting = 1 novimber 1956
| webside = [https://lakshadweep.gov.in lakshadweep.gov.in]
| ôfbylding99 = Lakshadweep in India (claimed and disputed hatched).svg
| ôfbyldingstekst99 = Lokaasje fan Lakshadweep foar de súdwestkust fan Yndia.
}}
'''Lakshadweep''' is it lytste [[unyterritoarium]] fan [[Yndia]]. It is in arsjipel fan 36 eilannen yn 'e [[Arabyske See]], op in ôfstân fan sa'n 200 oant 440 kilometer fan 'e súdwestkust fan it Yndiaaske fêstelân. De namme Lakshadweep betsjut yn it [[Sanskryt]] en [[Malajalam]] letterlik "hûnderttûzen eilannen" (''laksha'' = hûnderttûzen, ''dweep'' = eilân). Fan 'e eilannen binne der mar tsien bewenne.
== Geografy ==
Lakshadweep bestiet út trije groepen koraaleilannen: de Amindivi-eilannen, de Laccadive-eilannen en it súdliker lizzende eilân Minicoy. It binne allegear atollen dy't mar in pear meter boppe de seespegel útstekke. Om de eilannen hinne lizze lagunen mei kristalhelder wetter en koraalriffoarten dy't it lân beskermje tsjin de krêft fan 'e see.
It klimaat is tropysk en wurdt sterk beynfloede troch de [[moesson]]. It oerflak is tige lyts (mar 32 km²), wat it territoarium ien fan 'e tichtstbefolke gebieten fan it lân makket.
== Skiednis ==
De iere skiednis fan Lakshadweep giet foar in part efter [[leginde]]s skûl. Der wurdt sein dat de earste bewenners út de tiid fan 'e lêste kening fan 'e [[Kerala]]-regio, Cheraman Perumal, kamen.
=== Islam ===
It wichtichste histoaryske barren is de bekearing ta de [[islam]]. Neffens de oerlevering kaam de Arabyske hillige Ubeidullah yn 'e 7e iuw nei de eilannen nei't er dêr yn in skipbrek belâne wie. Hy ferkundige de islam en hjoed-de-dei is hast de hiele befolking moslim.
=== Koloniale tiid ===
Yn 'e 15e iuw ûntdutsen de Portegezen de eilannen, mar hja waarden letter ferdreaun troch de befolking. Letter foelen de eilannen ûnder it bewâld fan de radja fan Cannanore en noch letter ûnder Tipu Sultan. Nei syn dea yn 1799 namen de Britten it bestjoer oer. Doe't Yndia yn 1947 ûnôfhinklik waard, bleau it gebiet by Yndia, en yn 1956 waard it in apart unyterritoarium.
== Befolking ==
De befolking fan Lakshadweep is unyk troch in mjuks fan Yndiaaske en Arabyske kultueren. Mear as 96% fan 'e ynwenners is moslim, en de measten hearre ta de [[Sûnnisme|sûnnityske islam]]. In opfallend skaaimerk is dat de mienskip, nettsjinsteande it leauwen, noch altyd guon matrilineêre tradysjes (erfopfolging oer de froulike line) út de Kerala-tiid bewarre hat.
De meast prate taal is it Malajalam, mar op it súdlike eilân Minicoy wurdt Mahl praat, in taal dy't nau besibbe is oan it Divehi fan 'e [[Maldiven]].
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: left;"
|+ Religy yn Lakshadweep (2011)
! Religy !! % !! Karakteristyk
|-
| [[Islam]] || 96,58% || De grutte mearderheid op alle eilannen.
|-
| [[Hindoeïsme]] || 2.77% || Benammen amtners en arbeiders fan it fêstelân.
|-
| [[Kristendom]] || 0,49% || In hiele lytse minderheid.
|}
== Ekonomy ==
De ekonomy driuwt op trije pylders: kokosnuten, fiskerij en toerisme.
[[Ofbyld:Fishermen at Kavarathi, Lakshadweep, India (edit).jpg|thumb|left|Fisker by Kavarathi, Lakshadweep.]]
De eilannen steane fol mei kokospalmbeammen. De produksje fan kopra (drûge kokos) is de wichtichste lânbou-aktiviteit. Ek it meitsjen fan kokosrizel is in wichtige boarne fan ynkommen foar de froulju op 'e eilannen.
It wetter om 'e eilannen hinne sit fol fisk, benammen tonyn. Der is in grutte tonynkonservefabryk op it eilân Minicoy.
Fanwegen it kwetsbere ekosysteem wurdt it toerisme strang regele. Besikers hawwe in spesjale fergunning nedich om nei de eilannen te reizgjen. Agatti en Bangaram binne de wichtichste eilannen foar ynternasjonale toeristen. It Agatti Airport (IATA-koade: AGX) is it iennichste fleanfjild yn 'e arsjipel Lakshadweep.
== Natoer ==
Yn 'e koraalriffen libje hûnderten soarten tropyske fisken, lykas de flinterfisk en de pappegaaifisk.
[[Ofbyld:Green turtle Lakshadweep.jpg|thumb|left|Griene seeskyldpodde.]]
Ek binne de eilannen in wichtich briedplak foar seeskylpodden, lykas de [[griene seeskylpodde]] (''Chelonia mydas'') en de [[karetskyldpodde]] (''Eretmochelys imbricata''). Wat de fûgelwrâld oanbelanget, it eilân Pitti is in ûnbewenne koraalbank dy't tsjinnet as in wichtich fûgelreservaat foar ferskate soarten [[swartbûnte stirnzen]] (Onychoprio) .
Om de [[ekology]] te beskermjen, is it brûken fan plestik en it sammeljen fan koraal strang ferbean. De klimaatferoaring en de opwaarming fan 'e see foarmje lykwols in grutte bedriging foar de koraalriffoarten.
== Bestjoer ==
As unyterritoarium falt Lakshadweep streekrjocht ûnder de federale oerheid fan Yndia. Lakshadweep wurdt bestjoerd troch in administrateur dy't beneamd wurdt troch de presidint fan Yndia. Oars as guon oare unyterritoaria, hat Lakshadweep gjin eigen keazen wetjaande gearkomste.
It hiele territoarium bestiet út ien inkeld distrikt. Foar de rjochtspraak falt Lakshadweep ûnder it High Court fan Kerala yn [[Kochi]]. Dat betsjut dat alle juridyske saken fan 'e eilannen dêr behannele wurde.
{| class="wikitable" style="font-size: 95%; width: 65%;"
! Belangrykste eilannen !! Haadplak !! Status !! Karakteristyk
|-
| [[Kavaratti]] || Kavaratti || Bewenne || It bestjoerlik sintrum.
|-
| [[Agatti]] || - || Bewenne || De lokaasje fan it fleanfjild.
|-
| [[Minicoy]] || - || Bewenne || Súdlikste eilân mei in eigen taal (Mahl).
|-
| [[Andrott]] || - || Bewenne || It grutste eilân fan de arsjipel.
|-
| [[Bangaram]] || - || Toeristysk || In eilân dat fral rjochte is op besikers.
|}
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://censusindia.gov.in/census.website/data/census-tables Census of India.]
* [https://lakshadweep.gov.in/tourism/ Toeristyske side fan Lakshadweep.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Lakshadweep}}
}}
{{Dielsteat fan Yndia}}
[[Kategory:Lakshadweep| ]]
[[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]]
[[Kategory:Eilân yn de Yndyske Oseaan]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1956]]
d7sc7nc6hxc9dvrluzpze8ooq7dk4zh
Kategory:Lakshadweep
14
191263
1228513
1228508
2026-04-23T12:06:26Z
RomkeHoekstra
10582
1228513
wikitext
text/x-wiki
{{Commonscat|Lakshadweep}}
[[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1956]]
kn62da3uopeot0215ekp1gphkif2dxl
Pondicherry
0
191264
1228509
2026-04-23T12:02:01Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia | namme = Pondicherry<small><br>पुदुच्चेरी<br>ਪੁਡੂਚੇਰੀ<br>புதுச்சேரி</small> | status = Unyterritoarium | ôfbylding = Puducherry-WUS02306.jpg | ôfbyldingstekst = De Frânske wyk yn 'e stêd Puducherry. | wapen = Flag of Puducherry (old).png | haadstêd = [[Puducherry (stêd)|Puducherry]] | grutste stêd = [[Puducherry (stêd)|Puducherry]] | distrikten = 4 | ynwennertal..."
1228509
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks dielsteat fan Yndia
| namme = Pondicherry<small><br>पुदुच्चेरी<br>ਪੁਡੂਚੇਰੀ<br>புதுச்சேரி</small>
| status = Unyterritoarium
| ôfbylding = Puducherry-WUS02306.jpg
| ôfbyldingstekst = De Frânske wyk yn 'e stêd Puducherry.
| wapen = Flag of Puducherry (old).png
| haadstêd = [[Puducherry (stêd)|Puducherry]]
| grutste stêd = [[Puducherry (stêd)|Puducherry]]
| distrikten = 4
| ynwennertal = 1.247.953 (2011)
| oerflak = 483 km²
| befolkingstichtens= 2.583 ynw./km²
| hichte = 0 – 30 m
| talen = [[Tamil]], [[Frânsk]], [[Telugu]], [[Malajalam]], [[Ingelsk]]
| religy = [[Hindoeïsme]] 87,30%<br>[[Kristendom]] 6,29%<br>[[Islam]] 6,05%
| stifting = 16 augustus 1962 (de jure oerdracht)
| webside = [https://www.py.gov.in py.gov.in]
| ôfbylding99 = Puducherry in India (special marker).svg
| ôfbyldingstekst99 = Lokaasje fan de ferskillende enklaves fan Puducherry yn Yndia.
}}
'''Pondicherry''' (sûnt 2006 offisjeel '''Puducherry''') is in [[unyterritoarium]] fan [[Yndia]]. It bestiet net út ien oaniensletten gebiet, mar út fjouwer ferskillende [[enklave]]s dy't ferspraat lizze oer de súdlike helte fan Yndia. Dizze gebieten wienen eartiids ûnderdiel fan [[Frânsk-Ynje]]. De stêd [[Puducherry]] oan 'e eastkust wurdt faak de Frânske Rivièra fan it easten neamd.
== Geografy ==
[[Ofbyld:Bay of Bengal, Pondicherry (5) (37256355400).jpg|thumb|left|Baai fan Bingalen.]]
It unyterritoarium bestiet út fjouwer distrikten dy't geografysk fier fan inoar lizze:
* Puducherry: de grutste enklave, omfieme troch de steat [[Tamil Nadu]] oan 'e Koromandelkust.
* Karaikal: sa'n 135 km súdliker, ek oan 'e eastkust en omjûn troch Tamil Nadu.
* Yanam: in lytse enklave yn 'e steat [[Andhra Pradesh]], by de mûning fan 'e rivier de [[Godavari]].
* Mahe: de iennichste enklave oan 'e westkust (Malabarkust), omjûn troch de steat [[Kerala]].
== Skiednis ==
De moderne skiednis begjint yn 1674, doe't de [[Frânske East-Yndyske Kompanjy]] in hannelspost stifte yn it doarp Puducherry. Yn 'e folgjende twa iuwen wie it gebiet geregeld in konfliktgebiet tusken Frânsen en Britten.
=== Frânsk bestjoer ===
[[Ofbyld:Puducherry Immaculate Conception Cathedral.jpg|thumb|left|Katedraal fan Puducherry.]]
Oars as de rest fan Yndia bleau Puducherry ûnder Frânsk bestjoer. Dat soarge foar in eigen ûntwikkeling yn arsjitektuer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sels nei de ûnôfhinklikens fan Yndia yn 1947 bleau Puducherry noch Frânsk gebiet.
=== Oerdracht oan Yndia ===
Yn 1954 stimde de befolking yn mei oansluting by Yndia. De feitlike oerdracht fûn plak yn 1956, mar pas op 16 augustus 1962 waard de oerdracht juridysk (''de jure'') definityf. Sûnt dy tiid is it in unyterritoarium mei eigen bestjoer.
== Befolking ==
De befolking is in mjuks fan kultueren, ôfhinklik fan 'e enklave. In part fan 'e minsken hat noch altyd in bân mei Frankryk, en der binne ynwenners mei Frânske nasjonaliteit.
Puducherry is in kultureel knooppunt mei sterke filosofyske ynfloed troch de Sri Aurobindo Ashram. Dêrnjonken leit Auroville, in ynternasjonale mienskip rjochte op ienheid en duorsumens, mei it Matrimandir as symboal.
Tamil is de haadtaal. Yn Yanam wurdt Telugu praat, yn Mahe Malajalam. Frânsk wurdt noch brûkt yn bestjoer en kultuer.
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: left;"
|+ Religy yn Puducherry (2011)
! Religy !! % !! Karakteristyk
|-
| [[Hindoeïsme]] || 87,30% || De grutste groep yn alle fjouwer enklaves.
|-
| [[Kristendom]] || 6,29% || Benammen oanwêzich yn de stêd Puducherry (Frânske ynfloed).
|-
| [[Islam]] || 6,05% || In wichtige minderheid, fral yn Karaikal en Mahe.
|}
== Ekonomy ==
[[Ofbyld:Pondichery Harbor-WUS-02245.jpg|thumb|left|Haven fan Puducherry.]]
De ekonomy is basearre op lânbou, tekstyl, fiskerij en toerisme.
De Frânske wyk mei giele huzen en strjitten lûkt in soad toeristen. Auroville is in eksperimintele ynternasjonale stêd dy't rjochte is op minsklike ienheid en duorsumens, wêrby't ynwenners sûnder eigen besit of jild yn harmony mei de natoer besykje gear te wenjen.
Foar alle kustgebieten is fiskerij wichtich. Yn Karaikal en Yanam wurdt rys ferboud; kokosnuten en krûden binne wichtich yn Mahe.
== Bestjoer ==
Oars as de measte unyterritoaria hat Puducherry, in eigen wetjaande gearkomste en minister-presidint. De federale oerheid wurdt fertsjintwurdige troch in Luitenant-gûverneur.
It bestiet út fjouwer distrikten:
{| class="wikitable sortable" style="font-size: 95%; width: 65%;"
! Distrikt !! Haadplak !! Oerflak (km²) !! Ynwenners (2001) !! Ynwenners (2011) !! Groei
|-
| [[Puducherry (distrikt)|Puducherry]] || Puducherry || 293 || 735.332 || 950.289 || +29,2%
|-
| [[Karaikal (distrikt)|Karaikal]] || Karaikal || 160 || 170.791 || 200.222 || +17,2%
|-
| [[Mahe (distrikt)|Mahe]] || Mahe || 9 || 36.828 || 41.816 || +13,5%
|-
| [[Yanam (distrikt)|Yanam]] || Yanam || 20 || 31.398 || 55.626 || +77,2%
|- style="background:#efefef; font-weight: bold;"
| '''Totaal''' || '''Pondicherry''' || '''482''' || '''974.349''' || '''1.247.953''' || '''+28,1%'''
|}
{{boarnen|boarnefernijing=
*[https://censusindia.gov.in/ Census of India - Puducherry.]
*[https://py.gov.in/tourism-0 Offisjele webside fan de oerheid fan Puducherry.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Puducherry (union territory)|Pondicherry}}
}}
{{Dielsteat fan Yndia}}
[[Kategory:Pondicherry| ]]
[[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962]]
iv6d1sxlu5hyunbcrqxo9zt944kykfk
Puducherry
0
191265
1228510
2026-04-23T12:02:23Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Pondicherry]]
1228510
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Pondicherry]]
4ce8jsvnfndpp17rmbqlys2lngug3k5
Kategory:Pondicherry
14
191266
1228511
2026-04-23T12:03:26Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Commonscat|Puducherry}} [[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962]]"
1228511
wikitext
text/x-wiki
{{Commonscat|Puducherry}}
[[Kategory:Unyterritoarium yn Yndia]]
[[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1962]]
g2zqua2hx5spkliazag0388r5pxghgj
Bingaalske gier
0
191267
1228523
2026-04-23T16:41:57Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = Bingaalske gier |Ofbyld = [[Ofbyld:White rumped vulture flexing its wings.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[gieren]] (''Gyps'') |Wittenskiplike namme= Gyps bengalensis |Beskriuwer, jier= Johann Friedrich Gmelin|G..."
1228523
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Bingaalske gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:White rumped vulture flexing its wings.jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps bengalensis
|Beskriuwer, jier= [[Johann Friedrich Gmelin|Gmelin]], 1788
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: <span style="color:red;">krityk</span>
|lânkaart= [[Ofbyld:GypsBengalensisMap.svg|250px]]
}}
De '''Bingaalske gier''' (''Gyps bengalensis'') is in giersoarte út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e haukfûgels (''Accipitridae''), dêr't ek de [[earnen]], [[mûzebiters]] en [[hauken]] ta hearre. Lange tiid waard tocht dat de Bingaalske gier nau besibbe wie oan de [[wytrêchgier]] (''Gyps africanus''), mar hjoed-de-dei wurdt oannommen dat de Bingaalske gier folle nauwer besibbe is oan 'e Jeropeeske [[feale gier]] (''Gyps fulvus'').
== Skaaimerken ==
[[Ofbyld:White-rumped vulture Sunderbans Bangladesh.jpg|thumb|left|Bingaalske gieren yn Bangladesj.]]
De Bingaalske gier is de lytste fan 'e gieren út it skaai ''Gyps''. De fûgels fan 'e soarte wurde 75 oant 85 sintimeter lang en binne net swierder as 4,75 kilogram. De Bingaalske gier is in typyske gier mei in keale kop, tige brede wjukken en in koarte sturt. Jonge gieren binne foar it grutste part donkerder as folwoeksen fûgels.
== Fersprieding ==
De Bingaalske gier briedt yn [[Yndia]], [[Pakistan]], [[Bangladesj]] en [[Súdeast-Aazje]]. Op in soad plakken yn Súdeast-Aazje is de fûgel lykwols ferdwûn en oannommen wurdt dat der noch hiele lytse populaasjes yn [[Kambodja]] en [[Birma]] binne.
Yn Súdeast-Aazje stoar de fûgel oan it begjin fan de 20ste iuw út. Om 2005 hinne die lykwols bliken dat der yn it noarden fan Birma en Kambodja noch Bingaalske gieren foarkamen.
== Ekology ==
De Bingaalske gier is in iesiter en syn fretten bestiet foar it grutste part út fleisresten fan karkassen fan deade bisten. De gier siket op grutte hichte nei syn proai, yn 'e buert fan minsklike bewenning op 'e savanne. Troch karkassen fluch op te romjen, foarkomme Bingaalske gieren de fersprieding fan syktes.
De soarte libbet faak yn pearen, al foarmje guon fûgels ek lytse koloanjes by it brieden. In pear briedt ien kear yn it jier en leit mar ien aai. Dat makket de soarte kwetsber, om't it lang duorret foardat in populaasje him wersteld hat nei in tebekslach.
== Status ==
Yn 1985 wie dizze soarte noch de meast talrike grutte rôffûgel fan 'e wrâld. De populaasjes fan 'e soarte stoarte dramatysk yn troch it medisyn diclofenac, dat brûkt wurdt foar fee. As in fûgel yt fan in karkas fan in bist dat behannele is mei diklofenak, feroarsaket dat nierfalen by de fûgel, dy't binnen in pear dagen stjert. It medisyn feroarsake yn 'e jierren 1990 in delgong fan mear as 99% fan 'e fûgel yn Pakistan en Yndia.
De hiele populaasje waard yn 2019 troch [[BirdLife International]] op noch mar 4.000 oant 6.000 folwoeksen fûgels rûsd en de populaasje-oantallen nimme noch jimmeroan fierder ôf (in ôfname mei in faktor 1000 yn 30 jier komt del op in trochsneed fan 20% yn it jier). Dêrfandinne stiet dizze soarte as kritysk bedrige (CR) op 'e [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
Yn 2006 ferbea Yndia it gebrûk fan diclofenac by de behanneling fan bisten. Nepal folge yn itselde jier, en Pakistan en Bangladesj wat letter. It genêsmiddel meloxicam, dat as ferfanging ûntwikkele waard, is net skealik foar gieren. Dochs kaam diclofenac letter wer op 'e merk troch yllegale hannel en waard it noch altyd brûkt by bistedokters. As reaksje dêrop ferbea Yndia alle diclofenac-produkten yn hoemannichten grutter as 3 ml (it minsklike doseringsnivo). Dat makket it middel nei alle gedachten te djoer en te ûnhandich foar gebrûk by fee.
Oare beskermingsmaatregels binne it fokken fan Bingaalske gieren yn finzenskip, it werútsetten fan gieren en it oprjochtsjen fan nêstplakken of "giererestaurants". Ek binne der gierfeilige sônes ynrjochte yn Yndia, Nepal, Pakistan en Bangladesj.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/white-rumped-vulture-gyps-bengalensis BirdLife, oproppen 23 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/whrvul1?siteLanguage=nl Ebird, oproppen 23 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/whrvul1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 23 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps bengalensis|Bingaalske gier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Bedrige fûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân]]
b607rxehqf5h295q97sy5qlb1ohzkpg
1228530
1228523
2026-04-23T19:08:46Z
RomkeHoekstra
10582
1228530
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Bingaalske gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:White rumped vulture flexing its wings.jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps bengalensis
|Beskriuwer, jier= [[Johann Friedrich Gmelin|Gmelin]], 1788
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: <span style="color:red;">krityk</span>
|lânkaart= [[Ofbyld:GypsBengalensisMap.svg|250px]]
}}
De '''Bingaalske gier''' (''Gyps bengalensis'') is in giersoarte út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e haukfûgels (''Accipitridae''), dêr't ek de [[earnen]], [[mûzebiters]] en [[hauken]] ta hearre. Lange tiid waard tocht dat de Bingaalske gier nau besibbe wie oan de [[wytrêchgier]] (''Gyps africanus''), mar hjoed-de-dei wurdt oannommen dat de Bingaalske gier folle nauwer besibbe is oan 'e Jeropeeske [[feale gier]] (''Gyps fulvus'').
== Skaaimerken ==
[[Ofbyld:White-rumped vulture Sunderbans Bangladesh.jpg|thumb|left|Bingaalske gieren yn Bangladesj.]]
De Bingaalske gier is de lytste fan 'e gieren út it skaai ''Gyps''. De fûgels fan 'e soarte wurde 75 oant 85 sintimeter lang en binne net swierder as 4,75 kilogram. De Bingaalske gier is in typyske gier mei in keale kop, tige brede wjukken en in koarte sturt. Jonge gieren binne foar it grutste part donkerder as folwoeksen fûgels.
== Fersprieding ==
De Bingaalske gier briedt yn [[Yndia]], [[Pakistan]], [[Bangladesj]] en [[Súdeast-Aazje]]. Op in soad plakken yn Súdeast-Aazje is de fûgel lykwols ferdwûn en oannommen wurdt dat der noch hiele lytse populaasjes yn [[Kambodja]] en [[Birma]] binne.
Yn Súdeast-Aazje stoar de fûgel oan it begjin fan de 20ste iuw út. Om 2005 hinne die lykwols bliken dat der yn it noarden fan Birma en Kambodja noch Bingaalske gieren foarkamen.
== Ekology ==
De Bingaalske gier is in iesiter en syn fretten bestiet foar it grutste part út fleisresten fan karkassen fan deade bisten. De gier siket op grutte hichte nei syn proai, yn 'e buert fan minsklike bewenning op 'e savanne. Troch karkassen fluch op te romjen, foarkomme Bingaalske gieren de fersprieding fan syktes.
De soarte libbet faak yn pearen, al foarmje guon fûgels ek lytse koloanjes by it brieden. In pear briedt ien kear yn it jier en leit mar ien aai. Dat makket de soarte kwetsber, om't it lang duorret foardat in populaasje him wersteld hat nei in tebekslach.
== Status ==
Yn 1985 wie dizze soarte noch de meast talrike grutte rôffûgel fan 'e wrâld. De populaasjes fan 'e soarte stoarte dramatysk yn troch it medisyn diclofenac, dat brûkt wurdt foar fee. As in fûgel yt fan in karkas fan in bist dat behannele is mei diklofenak, feroarsaket dat nierfalen by de fûgel, dy't binnen in pear dagen stjert. It medisyn feroarsake yn 'e jierren 1990 in delgong fan mear as 99% fan 'e fûgel yn Pakistan en Yndia.
De hiele populaasje waard yn 2019 troch [[BirdLife International]] op noch mar 4.000 oant 6.000 folwoeksen fûgels rûsd en de populaasje-oantallen nimme noch jimmeroan fierder ôf (in ôfname mei in faktor 1000 yn 30 jier komt del op in trochsneed fan 20% yn it jier). Dêrfandinne stiet dizze soarte as kritysk bedrige (CR) op 'e [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
Yn 2006 ferbea Yndia it gebrûk fan diclofenac by de behanneling fan bisten. Nepal folge yn itselde jier, en Pakistan en Bangladesj wat letter. It genêsmiddel meloxicam, dat as ferfanging ûntwikkele waard, is net skealik foar gieren. Dochs kaam diclofenac letter wer op 'e merk troch yllegale hannel en waard it noch altyd brûkt by bistedokters. As reaksje dêrop ferbea Yndia alle diclofenac-produkten yn hoemannichten grutter as 3 ml (it minsklike doseringsnivo). Dat makket it middel nei alle gedachten te djoer en te ûnhandich foar gebrûk by fee.
Oare beskermingsmaatregels binne it fokken fan Bingaalske gieren yn finzenskip, it werútsetten fan gieren en it oprjochtsjen fan nêstplakken of "giererestaurants". Ek binne der gierfeilige sônes ynrjochte yn Yndia, Nepal, Pakistan en Bangladesj.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/white-rumped-vulture-gyps-bengalensis BirdLife, oproppen 23 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/whrvul1?siteLanguage=nl Ebird, oproppen 23 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/whrvul1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 23 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps bengalensis|Bingaalske gier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Bedrige fûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân]]
ini2pync5berfp9lbkl9uzf8s26rotq
1228536
1228530
2026-04-23T22:53:07Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Status */ neffens BirdLife is it yn Ruslân inkeld in dwaalgast. Ik haw in pear lannen tafoege dêr't er "mooglik útstoarn" is of resint útstoarn.
1228536
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Bingaalske gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:White rumped vulture flexing its wings.jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps bengalensis
|Beskriuwer, jier= [[Johann Friedrich Gmelin|Gmelin]], 1788
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: <span style="color:red;">krityk</span>
|lânkaart= [[Ofbyld:GypsBengalensisMap.svg|250px]]
}}
De '''Bingaalske gier''' (''Gyps bengalensis'') is in giersoarte út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e haukfûgels (''Accipitridae''), dêr't ek de [[earnen]], [[mûzebiters]] en [[hauken]] ta hearre. Lange tiid waard tocht dat de Bingaalske gier nau besibbe wie oan de [[wytrêchgier]] (''Gyps africanus''), mar hjoed-de-dei wurdt oannommen dat de Bingaalske gier folle nauwer besibbe is oan 'e Jeropeeske [[feale gier]] (''Gyps fulvus'').
== Skaaimerken ==
[[Ofbyld:White-rumped vulture Sunderbans Bangladesh.jpg|thumb|left|Bingaalske gieren yn Bangladesj.]]
De Bingaalske gier is de lytste fan 'e gieren út it skaai ''Gyps''. De fûgels fan 'e soarte wurde 75 oant 85 sintimeter lang en binne net swierder as 4,75 kilogram. De Bingaalske gier is in typyske gier mei in keale kop, tige brede wjukken en in koarte sturt. Jonge gieren binne foar it grutste part donkerder as folwoeksen fûgels.
== Fersprieding ==
De Bingaalske gier briedt yn [[Yndia]], [[Pakistan]], [[Bangladesj]] en [[Súdeast-Aazje]]. Op in soad plakken yn Súdeast-Aazje is de fûgel lykwols ferdwûn en oannommen wurdt dat der noch hiele lytse populaasjes yn [[Kambodja]] en [[Birma]] binne.
Yn Súdeast-Aazje stoar de fûgel oan it begjin fan de 20ste iuw út. Om 2005 hinne die lykwols bliken dat der yn it noarden fan Birma en Kambodja noch Bingaalske gieren foarkamen.
== Ekology ==
De Bingaalske gier is in iesiter en syn fretten bestiet foar it grutste part út fleisresten fan karkassen fan deade bisten. De gier siket op grutte hichte nei syn proai, yn 'e buert fan minsklike bewenning op 'e savanne. Troch karkassen fluch op te romjen, foarkomme Bingaalske gieren de fersprieding fan syktes.
De soarte libbet faak yn pearen, al foarmje guon fûgels ek lytse koloanjes by it brieden. In pear briedt ien kear yn it jier en leit mar ien aai. Dat makket de soarte kwetsber, om't it lang duorret foardat in populaasje him wersteld hat nei in tebekslach.
== Status ==
Yn 1985 wie dizze soarte noch de meast talrike grutte rôffûgel fan 'e wrâld. De populaasjes fan 'e soarte stoarte dramatysk yn troch it medisyn diclofenac, dat brûkt wurdt foar fee. As in fûgel yt fan in karkas fan in bist dat behannele is mei diklofenak, feroarsaket dat nierfalen by de fûgel, dy't binnen in pear dagen stjert. It medisyn feroarsake yn 'e jierren 1990 in delgong fan mear as 99% fan 'e fûgel yn Pakistan en Yndia.
De hiele populaasje waard yn 2019 troch [[BirdLife International]] op noch mar 4.000 oant 6.000 folwoeksen fûgels rûsd en de populaasje-oantallen nimme noch jimmeroan fierder ôf (in ôfname mei in faktor 1000 yn 30 jier komt del op in trochsneed fan 20% yn it jier). Dêrfandinne stiet dizze soarte as kritysk bedrige (CR) op 'e [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
Yn 2006 ferbea Yndia it gebrûk fan diclofenac by de behanneling fan bisten. Nepal folge yn itselde jier, en Pakistan en Bangladesj wat letter. It genêsmiddel meloxicam, dat as ferfanging ûntwikkele waard, is net skealik foar gieren. Dochs kaam diclofenac letter wer op 'e merk troch yllegale hannel en waard it noch altyd brûkt by bistedokters. As reaksje dêrop ferbea Yndia alle diclofenac-produkten yn hoemannichten grutter as 3 ml (it minsklike doseringsnivo). Dat makket it middel nei alle gedachten te djoer en te ûnhandich foar gebrûk by fee.
Oare beskermingsmaatregels binne it fokken fan Bingaalske gieren yn finzenskip, it werútsetten fan gieren en it oprjochtsjen fan nêstplakken of "giererestaurants". Ek binne der gierfeilige sônes ynrjochte yn Yndia, Nepal, Pakistan en Bangladesj.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/white-rumped-vulture-gyps-bengalensis BirdLife, oproppen 23 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/whrvul1?siteLanguage=nl Ebird, oproppen 23 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/whrvul1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 23 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps bengalensis|Bingaalske gier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Bedrige fûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Laos]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam]]
54a6qu0eevwztxlpckw3evm4n8ve1gd
Gyps bengalensis
0
191268
1228524
2026-04-23T16:42:29Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Bingaalske gier]]
1228524
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Bingaalske gier]]
5u0ke0iyo50jbi2pnqh6qh03jsy7xgp
Feale gier
0
191269
1228527
2026-04-23T19:05:31Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = feale gier |Ofbyld = [[Ofbyld:Buitre leonado 1.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[gieren]] (''Gyps'') |Wittenskiplike namme= Gyps fulvus |Beskriuwer, jier= [[Franz Josef Habizl|Habizl]], 1783 |IUCN-status= IUCN-st..."
1228527
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = feale gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:Buitre leonado 1.jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps fulvus
|Beskriuwer, jier= [[Franz Josef Habizl|Habizl]], 1783
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
|lânkaart= [[Ofbyld:Gyps fulvus distribution map.png|250px]]
}}
De '''feale gier''' (''Gyps fulvus'') is in grutte rôffûgel út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] (''Accipitridae''). It is ien fan 'e grutste sweeffûgels fan Jeropa en stiet bekend om syn bûtengewoane sweeffermogen. De soarte spilet in wichtige rol yn 'e natoer troch karkassen fan deade bisten op te romjen.
== Skaaimerken ==
De feale gier is in grutte fûgel mei in spanwiidte fan 230 oant 280 sintimeter. De lichemslingte leit tusken de 95 en 110 sintimeter, en it gewicht fariëarret meast tusken de 6 en 10 kilogram.
It lichem en de wjukken binne sânkleurich oant ljochtbrún (feal), mei dúdlik donkerdere slachpinnen. Lykas oare gieren út it skaai hat er in lytse kop mei koarte, wite dûnsfearkes en in opfallende wite kraach oan 'e basis fan 'e nekke. De snaffel is krêftich en heakfoarmich, geskikt om fleis fan karkassen ôf te skuorren.
== Fersprieding en habitat ==
[[Ofbyld:Gänsegeier (Gyp fulvus) Kolonie in der Region Solsona, Katalonien. Spanien.jpg|thumb|left|Fûgels yn Kateloanje.]]
De feale gier komt foar yn berchgebieten fan Súd-Jeropa (benammen [[Spanje]], [[Frankryk]] en de [[Balkan]]), [[Noard-Afrika]] en parten fan it [[Midden-Easten]] en [[Sintraal-Aazje]]. It is gjin echte [[trekfûgel]], mar benammen jonge fûgels kinne oer grutte ôfstannen doarmje. De lêste tiid wurde se simmerdeis ek faker boppe Nederlân sjoen. Yn 'e simmer fan 2025 wiene der twa eksimplaren yn Fryslân te sjen, dêr't in soad minsken op ôf kamen.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17545959/fugelleafhawwers-togje-nei-kubaard-foar-bysundere-besiker-een-waar-spektakel Omrop Fryslân, Fûgelleafhawwers tôgje nei Kûbaard foar bysûndere besiker: "Een waar spektakel", 13 juny 2025.]</ref>
Fan 'e feale gier wurde twa [[ûndersoarte]]n erkend. Se ferskille net hiel folle faninoar, mar de ferskillen sitte benammen yn 'e grutte en de kleur fan 'e fearren, ôfhinklik fan it ferspriedingsgebiet:
* ''Gyps fulvus fulvus'': de nominaatfoarm (de oarspronklike soarte sa't dy it earst beskreaun is). Komt foar yn it grutste part fan it leefgebiet: Noard-Afrika en Súd-Jeropa (lykas Spanje, Frankryk en de Balkan) oant yn it Midden-Easten, Turkije en de Kaukasus.
* ''Gyps fulvus fulvescens'', ûndersoarte yn 1869 beskreaun troch Hume. Komt foar yn it eastlike diel fan it ferspriedingsgebiet, fan Afganistan en Pakistan oant yn it noarden fan Yndia (de Himalaya). Dizze fûgels binne faak wat ljochter fan kleur (it wurd fulvescens betsjut ek "wat gielich" of "fealich") en se binne oer it algemien wat grutter en robúster as de Jeropeeske fariant.
== Ekology ==
[[Ofbyld:Gryphon vulture (Gyps fulvus) in flight 2.jpg|thumb|left|Feale gier yn 'e flecht.]]
De feale gier is in spesjalisearre iesiter. Hy siket fan grutte hichtes nei karkassen fan bygelyks skiep, geiten, harten en kij. Troch termyk (opstiigjende waarme loft) kin er oerenlang sweve mei in minimaal enerzjyferbrûk.
De soarte is tige sosjaal en libbet faak yn groepen. As ien gier in karkas fynt, komme oaren út de omkriten der ek gau op ôf. By it fretten ûntstiet faak sterke konkurrinsje, wêrby't de fûgels sissende en pûstende lûden meitsje om harren plak te ferdigenjen.
Feale gieren briede meastentiids yn koloanjes op steile rotswanden of kliffen. It nêst is ienfâldich fan tûken en gers, faak yn in hoale of op in rotsrâne.
It wyfke leit ien aai yn it jier, meast tusken jannewaris en maart. Beide âlden briede it aai yn likernôch 50 dagen út en fersoargje it jong dêrnei sa’n trije oant fjouwer moannen, oant it útfleant.
== Status ==
Mei de feale gier giet it yn Jeropa wer wat better as yn it ferline. Troch beskermingsmaatregels en werynfieringsprogramma’s yn gebieten dêr’t de soarte ferdwûn wie (lykas de [[Alpen]] en it [[Sintraal Massyf]] yn Frankryk), is de populaasje stabyl oant groeiend. De soarte stiet dêrom as net bedrige (Least Concern) op de [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/griffon-vulture-gyps-fulvus BirdLife, oproppen 23 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/eurgri1 Ebird, oproppen 23 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/eurgri1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 23 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps fulvus|feale gier}}
}}
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Irak]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Israel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Maly]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Oman]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Servje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen]]
nxykscebyomt41o1hxavut0w6kxyre4
1228537
1228527
2026-04-23T22:54:03Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Status */ kt
1228537
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = feale gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:Buitre leonado 1.jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps fulvus
|Beskriuwer, jier= [[Franz Josef Habizl|Habizl]], 1783
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
|lânkaart= [[Ofbyld:Gyps fulvus distribution map.png|250px]]
}}
De '''feale gier''' (''Gyps fulvus'') is in grutte rôffûgel út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] (''Accipitridae''). It is ien fan 'e grutste sweeffûgels fan Jeropa en stiet bekend om syn bûtengewoane sweeffermogen. De soarte spilet in wichtige rol yn 'e natoer troch karkassen fan deade bisten op te romjen.
== Skaaimerken ==
De feale gier is in grutte fûgel mei in spanwiidte fan 230 oant 280 sintimeter. De lichemslingte leit tusken de 95 en 110 sintimeter, en it gewicht fariëarret meast tusken de 6 en 10 kilogram.
It lichem en de wjukken binne sânkleurich oant ljochtbrún (feal), mei dúdlik donkerdere slachpinnen. Lykas oare gieren út it skaai hat er in lytse kop mei koarte, wite dûnsfearkes en in opfallende wite kraach oan 'e basis fan 'e nekke. De snaffel is krêftich en heakfoarmich, geskikt om fleis fan karkassen ôf te skuorren.
== Fersprieding en habitat ==
[[Ofbyld:Gänsegeier (Gyp fulvus) Kolonie in der Region Solsona, Katalonien. Spanien.jpg|thumb|left|Fûgels yn Kateloanje.]]
De feale gier komt foar yn berchgebieten fan Súd-Jeropa (benammen [[Spanje]], [[Frankryk]] en de [[Balkan]]), [[Noard-Afrika]] en parten fan it [[Midden-Easten]] en [[Sintraal-Aazje]]. It is gjin echte [[trekfûgel]], mar benammen jonge fûgels kinne oer grutte ôfstannen doarmje. De lêste tiid wurde se simmerdeis ek faker boppe Nederlân sjoen. Yn 'e simmer fan 2025 wiene der twa eksimplaren yn Fryslân te sjen, dêr't in soad minsken op ôf kamen.<ref>[https://www.omropfryslan.nl/fy/nijs/17545959/fugelleafhawwers-togje-nei-kubaard-foar-bysundere-besiker-een-waar-spektakel Omrop Fryslân, Fûgelleafhawwers tôgje nei Kûbaard foar bysûndere besiker: "Een waar spektakel", 13 juny 2025.]</ref>
Fan 'e feale gier wurde twa [[ûndersoarte]]n erkend. Se ferskille net hiel folle faninoar, mar de ferskillen sitte benammen yn 'e grutte en de kleur fan 'e fearren, ôfhinklik fan it ferspriedingsgebiet:
* ''Gyps fulvus fulvus'': de nominaatfoarm (de oarspronklike soarte sa't dy it earst beskreaun is). Komt foar yn it grutste part fan it leefgebiet: Noard-Afrika en Súd-Jeropa (lykas Spanje, Frankryk en de Balkan) oant yn it Midden-Easten, Turkije en de Kaukasus.
* ''Gyps fulvus fulvescens'', ûndersoarte yn 1869 beskreaun troch Hume. Komt foar yn it eastlike diel fan it ferspriedingsgebiet, fan Afganistan en Pakistan oant yn it noarden fan Yndia (de Himalaya). Dizze fûgels binne faak wat ljochter fan kleur (it wurd fulvescens betsjut ek "wat gielich" of "fealich") en se binne oer it algemien wat grutter en robúster as de Jeropeeske fariant.
== Ekology ==
[[Ofbyld:Gryphon vulture (Gyps fulvus) in flight 2.jpg|thumb|left|Feale gier yn 'e flecht.]]
De feale gier is in spesjalisearre iesiter. Hy siket fan grutte hichtes nei karkassen fan bygelyks skiep, geiten, harten en kij. Troch termyk (opstiigjende waarme loft) kin er oerenlang sweve mei in minimaal enerzjyferbrûk.
De soarte is tige sosjaal en libbet faak yn groepen. As ien gier in karkas fynt, komme oaren út de omkriten der ek gau op ôf. By it fretten ûntstiet faak sterke konkurrinsje, wêrby't de fûgels sissende en pûstende lûden meitsje om harren plak te ferdigenjen.
Feale gieren briede meastentiids yn koloanjes op steile rotswanden of kliffen. It nêst is ienfâldich fan tûken en gers, faak yn in hoale of op in rotsrâne.
It wyfke leit ien aai yn it jier, meast tusken jannewaris en maart. Beide âlden briede it aai yn likernôch 50 dagen út en fersoargje it jong dêrnei sa’n trije oant fjouwer moannen, oant it útfleant.
== Status ==
Mei de feale gier giet it yn Jeropa wer wat better as yn it ferline. Troch beskermingsmaatregels en werynfieringsprogramma’s yn gebieten dêr’t de soarte ferdwûn wie (lykas de [[Alpen]] en it [[Sintraal Massyf]] yn Frankryk), is de populaasje stabyl oant groeiend. De soarte stiet dêrom as net bedrige (Least Concern) op de [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/griffon-vulture-gyps-fulvus BirdLife, oproppen 23 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/eurgri1 Ebird, oproppen 23 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/eurgri1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 23 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps fulvus|feale gier}}
}}
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Algerije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Syprus]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Irak]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Israel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Koeweit]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Libanon]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Maly]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mauretaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Marokko]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Oman]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Palestina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Senegal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Servje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tuneezje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje]]
o820vax7b30dunppf4t768674z5s629
Gyps fulvus
0
191270
1228528
2026-04-23T19:05:54Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Feale gier]]
1228528
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Feale gier]]
gz6iv0n6ivgwoheoyf7otsopshwlqwo
Kategory:Gier
14
191271
1228529
2026-04-23T19:07:26Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Commonscat|Gyps|Gieren}} [[Kategory:Fûgelskaai]] [[Kategory:Haukfûgel]]"
1228529
wikitext
text/x-wiki
{{Commonscat|Gyps|Gieren}}
[[Kategory:Fûgelskaai]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
3wkji2hnywcg92saa1eqbdbpk9zi0z9
Djammû en Kasjmier
0
191272
1228534
2026-04-23T22:45:17Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Jammu en Kasjmier (territoarium)]]
1228534
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Jammu en Kasjmier (territoarium)]]
4264fwbr6ki5xkrupbmwbfwl22y5les
Jammu en Kashmir (territoarium)
0
191273
1228535
2026-04-23T22:45:59Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Jammu en Kasjmier (territoarium)]]
1228535
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Jammu en Kasjmier (territoarium)]]
4264fwbr6ki5xkrupbmwbfwl22y5les
Zacatecas
0
191274
1228538
2026-04-23T22:58:09Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Zacatecas (steat)]]
1228538
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Zacatecas (steat)]]
fqel46k56wj2ahns3qq55w9hlqjag5o
Querétaro (steat)
0
191275
1228539
2026-04-23T22:59:09Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Querétaro de Arteaga]]
1228539
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Querétaro de Arteaga]]
ee2hrw6odsn51pvcxvq557xesve5l78
Federaal Distikt (Meksiko)
0
191276
1228540
2026-04-23T23:00:03Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Meksiko-Stêd]]
1228540
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Meksiko-Stêd]]
1fva7ssseahbuy4ufjq2pgmowkkledw
Brahmaputra
0
191277
1228542
2026-04-24T06:40:24Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Ynfoboks rivier | namme = Brahmaputra | ôfbylding = Brahmaputra from ganden.jpg | ôfbyldingstekst = De Yarlung Tsangpo yn Tibet | lân = Sina (Tibet), Yndia, Bangladesh | ûntspringt yn = Chamayungdung gletsjer (trad.); Angsi-gletsjer (Himalaya) | mûnet út yn = Ganges; streamt fierder as de Meghna | lokaasje mûning = Golf fan Bingalen, Bangladesj | plakken..."
1228542
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks rivier
| namme = Brahmaputra
| ôfbylding = Brahmaputra from ganden.jpg
| ôfbyldingstekst = De Yarlung Tsangpo yn Tibet
| lân = Sina (Tibet), Yndia, Bangladesh
| ûntspringt yn = Chamayungdung gletsjer (trad.); Angsi-gletsjer (Himalaya)
| mûnet út yn = Ganges; streamt fierder as de Meghna
| lokaasje mûning = Golf fan Bingalen, Bangladesj
| plakken = Guwahati, Mymensingh
| sydstreamen = Lohit, Dibang, Lhasa, Padma
| fertakkings = Jamuna, Meghna
| lingte = ± 3.100 km
| hichte boarne = 5.210 m
| hichte mûning = 0 m
| ferfal = 5.210 m
| maks. breedte = 15 km (yn [[Assam]] en [[Bangladesj]])
| djiptegemiddelde = 38 m
| maks. djipte = 120 m
| ôfwetteringsgebiet = 651.334 km²
| ôffier by mûning = 25.000 m³/s (gemiddeld)
| ôfbylding99 = Ganges-Brahmaputra-Meghna basins.jpg
| ôfbyldingstekst99 = Kaart fan it streamgebiet (pears)
}}
De '''Brahmaputra''' is ien fan 'e grutste en meast ymposante rivieren fan [[Aazje]]. De rivier streamt troch trije lannen: [[Sina]] ([[Tibet]]), [[Yndia]] en [[Bangladesj]]. Mei't de rivier troch ferskillende kulturele en dreech tagonklike gebieten rint, krige de rivier ferskillende nammen foar ôfsûnderlike dielen. De boarne fan 'e rivier leit yn 'e [[Himalaya]] en lang om let mûnet de rivier út yn 'e [[Golf fan Bingalen]]. Mei syn ûnbidige wetterôffier en syn betsjutting foar de lânbou en religy, is it in tige wichtige rivier foar miljoenen minsken.
== Rin fan 'e rivier ==
[[Ofbyld:TIB-yarlung-tsampo-lhatse.jpg|thumb|left|De Brahmaputra as de Yarlung Tsangpo.]]
De rivier fynt syn boarne yn 'e [[gletsjer]]s op 'e hichten fan 'e Himalaya yn Tibet, dêr't er bekend stiet ûnder de namme [[Yarlung Tsangpo]]. De bopperin fan 'e [[Yarlung Tsangpo]] leit trochstrings 4000 m heech en wurdt as de heechste rivier fan 'e wrâld beskôge. Dêrnei snijt de stream him in wei troch djippe kleauwen en makket er in grutte bocht om it berchtme hinne rjochting de [[Yndia]]aske dielsteat [[Assam]].
Ienris yn 'e flakte fan Assam wurdt de Brahmaputra tige breed, op guon plakken wol kilometers. Uteinlik streamt de rivier [[Bangladesj]] yn, dêr’t er de namme [[Jamuna (Bangladesj)|Jamuna]] kriget (net te betiizjen mei de [[Yamuna]]). Dêr rint er lang om let gear mei de [[Ganges]], dy't yn Bangladesj de [[Padma (rivier)|Padma]] hjit. Nei de folgjende gearfoeging mei de [[Meghna]] feroaret de namme fan 'e haadstream yn Meghna. Tegearre foarmje dizze rivieren de grutste rivierdelta fan 'e wrâld, fan mear as 100.000 km², mei tûzenen fertakkings en kanalen, foardat se útmûnje yn de Golf fan Bingalen. Dy delta beslacht in grut part fan Bangladesj en West-Bingalen.
== Oerstreamings ==
[[Ofbyld:An aerial view of flood-affected areas of Assam on July 02, 2012 (1).jpg|thumb|left|Oerstreaming yn Assam (2012).]]
De Brahmaputra is dreech te betwingen. Troch de [[moesson]]rein en it slib dat de rivier meinimt, feroaret it bêd fan 'e rivier jimmeroan. Yn Bangladesj is de rivier tusken 1830 en 1992 hast twa kear sa breed wurden. De oerstreamings soargje alle jierren foar in kombinaasje fan fruchtbere grûn en grutte ekonomyske skea.
== Miljeu ==
De Brahmaputra stiet ûnder druk troch dammen en miljeuferoarings. Yn Tibet hat Sina al dammen boud en Yndia wol der noch folle mear oanlizze. Dêrtroch is Bangladesj benaud foar wettertekoarten yn drûge tiden. Ek wurdt wichtich slib tsjinholden, wylst dat nedich is om de delta op hichte te hâlden.
[[Ofbyld:Ganges River Dolphin.jpg|thumb|left|Gangesdolfyn.]]
De natuer hat ek lêst fan 'e dammen. De [[Gangesdolfyn]] ferliest syn frije trochgong en fiskmigraasje wurdt blokkearre, wat skealik is foar sawol it ekosysteem as de fiskerij.
Tagelyk makket it bouwen fan dammen yn 'e Himalaya it gebiet nuodlik, om't dêr [[ierdskodding]]en foarkomme. In brek yn in daam kin grutte oerstreamings feroarsaakje.
Klimaatferoaring fergruttet de problemen: gletsjers rane, wat earst mear wetter jout, mar letter krekt minder. Dêrnjonken nimt fersmoarging ta, benammen yn Assam en Bangladesj.
{{CommonsBalke|Brahmaputra}}
[[Kategory:Rivier yn Bangladesj]]
[[Kategory:Rivier yn Yndia]]
[[Kategory:Rivier yn Sina]]
l93wpqywqc7mo34p6a4w6udxrpqdw4p
Sniegier
0
191278
1228544
2026-04-24T07:44:52Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = sniegier |Ofbyld = [[Ofbyld:Himalayan Griffon - Bhutan S4E0109 (15464421711).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[gieren]] (''Gyps'') |Wittenskiplike namme= Gyps himalayensis |Beskriuwer, jier= Allan Octavian Hume|H..."
1228544
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = sniegier
|Ofbyld = [[Ofbyld:Himalayan Griffon - Bhutan S4E0109 (15464421711).jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps himalayensis
|Beskriuwer, jier= [[Allan Octavian Hume|Hume]], 1869
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: hast bedrige
|lânkaart= [[Ofbyld:GypsHimalayensisMap.svg|250px]]
}}
De '''sniegier''' (''Gyps himalayensis'') is in [[Aazje|Aziatyske]] giersoarte út 'e [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] yn it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[rôffûgels]]. De fûgel libbet yn 'e bergen.
== Uterlik ==
[[Ofbyld:Himalayan Griffon in Jodbeed Gadhwala Conservation Reserve November 2025 by Tisha Mukherjee 03.jpg|thumb|left|Fûgel yn Radjastan.]]
De sniegier is in tige grutte gier en ien fan 'e grutste en swierste gieren yn 'e [[Himalaya]], mei in lichemslingte fan 103–110 sm, in wjukspanne fan 260–290 sm en in gewicht fan acht oant tolve kg. Hy liket op 'e [[feale gier]], mar is grutter, mei in krêftiger lichem en in wat langere sturt. In goed skaaimerk is dat de wjukdekfearren en it lichem bleek bêzje fan kleur binne en dúdlik kontrastearje mei de donkere slachpinnen en sturt. Fierder binne de lichemsfearren mar licht streke. De poaten en skonken binne rôze-eftich en de keale hûd by de snaffel is bleekblau ynstee fan donkerblau.
De jonge fûgel hat bêzjewite streken op 'e skouderfearren en wjukdekfearren, dy't kontrastearje mei de donkerbrune ûnderkant. Dit yn kombinaasje mei de ljochtstreke donkere boppekant ûnderskiedt him fan 'e [[muontsegier]] (''Aegypius monachus''), dy't oars fan 'e selde grutte is. Ek de jonge [[Bingaalske gier]] (''Gyps bengalensis'') liket derop, mar de sniegier is folle grutter en krêftiger mei bredere wjukken en in langere sturt en is mear streke op sawol de ûnder- as boppekant.
== Fersprieding en systematyk ==
De sniegier komt foar yn berchstreken tusken de 1.200 en 5.500 meter hichte, yn 'e Himalaya fan it noarden fan [[Pakistan]] en it noarden fan [[Yndia]] troch it suden fan [[Tibet]] en [[Nepal]] oant [[Bûtan]] en [[Sintraal-Sina]], mar ek nei it noardeasten troch de [[Pamir]] oant [[Tian Shan-berchtme|Tiansjan]] en mooglik [[Tarbagataj]] en [[Altai-berchtme|Altaj]]. Jonge fûgels ferspriede har ek nei it suden nei de flakten yn it noarden fan Yndia, yn [[Radjastan]] en [[Assam]]. Hy is ek waarnommen yn [[Tailân]], [[Birma]], [[Kambodja]] en [[Singapoer]] en fan 13 oant 16 oktober 2012 yn 'e [[Feriene Arabyske Emiraten]]. De soarte wurdt behannele as [[Monotypysk takson|monotypysk]], wat betsjut dat er net opdield wurdt yn [[ûndersoarte]]n.
== Hâlden en dragen ==
[[Ofbyld:Himalayan Griffon pair.jpg|thumb|left|Pearke sniegieren.]]
De sniegier wurdt faak sjoen op rotspunten, dêr't syn meast brûkte sitplakken ferret wurde troch wite plakken fan 'e dong. Kloften folgje weidzjend fee op syk nei deade bisten. Hy yt allinnich ies, soms ek bedoarn fleis, en hy mijt de yngewanten dy't se oerlitte oan oare gieren. Op 'e Tibetaanske heechflakte bestiet it fretten foar 64% út deade domestisearre [[jak]]s (''Bos mutus''). Dêr't oare gieren foarkomme is er meastentiids dominant, mar ûnderhearrich oan 'e wolf, de snieloaihoars en de muontsegier. De sniegier is ek sjoen by it iten fan dinnenullen (''Pinus roxburghii''), in gedrach dat oant no ta noch net ferklearre is.
It briedseizoen fan 'e soarte begjint yn jannewaris. It nêst wurdt boud op in ûntagonklike rotsrâne, yn it noardeasten fan Yndia tusken 1.215 en 1.820 meter hichte, yn Tibet sa heech as 4.245 meter. Ferskate pearen kinne op 'e selde râne briede, trochstrings fiif oant sân pearen yn eltse koloanje. It nêst is relatyf lyts foar sa'n grutte fûgel en wurdt, ek al wurdt der by werbrûk oan ferboud, net sa massyf as by oare grutte rôffûgels. Op 'e Tibetaanske heechflakte is er briedend sjoen yn 'e buert fan 'e [[lammegier]], wat opmerklik is om't er oars faak tige agressyf is tsjin oare giersoarten.
De sniegier leit ien inkeld wyt aai mei reade plakjes. Yn it noarden fan Yndia fynt dat tusken 25 desimber en 7 maart plak. Yn finzenskip is de briedtiid op 54-58 dagen fêststeld. De jonge fûgels bliuwe seis of sân moannen by de âlden.
== Status en bedriging ==
De sniegier wurdt bedrige troch it giftige medisyn diclofenac, dat yn it ies foarkomt fan fee. Ferskillende oare gieresoarten dy't earder algemien foarkamen binne dêrtroch sa slim troffen, dat se no as kritysk bedrige behannele wurde. Oant no ta is de sniegier lykwols net yn 'e selde mjitte troffen en de populaasje liket stabyl, ek al is it oantal briedende fûgels yn dielen fan it ferspriedingsgebiet yn Nepal ôfnommen. Ferskate lannen yn Súd-Aazje hawwe maatregels nommen om it gebrûk fan diclofenac yn 'e feehâlderij te beheinen of te ferbieden.
De ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasje [[IUCN]] tinkt dat der in risiko bestiet dat de soarte yn 'e takomst yn oantallen ôfnimme sil en kategorisearret de fûgel dêrom as hast bedrige (NT). De wrâldpopulaasje wurdt ynearsten rûsd tusken de 66.000 en 334.000 fûgels.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/himalayan-griffon-gyps-himalayensis BirdLife, oproppen 24 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/himgri1?siteLanguage=nl Ebird, oproppen 24 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/himgri1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 24 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps himalayensis|Sniegier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân]]
et1q30miqul76vcungpowu0gwndynsw
1228546
1228544
2026-04-24T07:47:46Z
RomkeHoekstra
10582
1228546
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = sniegier
|Ofbyld = [[Ofbyld:Himalayan Griffon - Bhutan S4E0109 (15464421711).jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps himalayensis
|Beskriuwer, jier= [[Allan Octavian Hume|Hume]], 1869
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: hast bedrige
|lânkaart= [[Ofbyld:GypsHimalayensisMap.svg|250px]]
}}
De '''sniegier''' (''Gyps himalayensis'') is in [[Aazje|Aziatyske]] giersoarte út 'e [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] yn it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[rôffûgels]]. De fûgel libbet yn 'e bergen.
== Uterlik ==
[[Ofbyld:Himalayan Griffon in Jodbeed Gadhwala Conservation Reserve November 2025 by Tisha Mukherjee 03.jpg|thumb|left|Fûgel yn Radjastan.]]
De sniegier is in tige grutte gier en ien fan 'e grutste en swierste gieren yn 'e [[Himalaya]], mei in lichemslingte fan 103–110 sm, in wjukspanne fan 260–290 sm en in gewicht fan acht oant tolve kg. Hy liket op 'e [[feale gier]], mar is grutter, mei in krêftiger lichem en in wat langere sturt. In goed skaaimerk is dat de wjukdekfearren en it lichem bleek bêzje fan kleur binne en dúdlik kontrastearje mei de donkere slachpinnen en sturt. Fierder binne de lichemsfearren mar licht streke. De poaten en skonken binne rôze-eftich en de keale hûd by de snaffel is bleekblau ynstee fan donkerblau.
De jonge fûgel hat bêzjewite streken op 'e skouderfearren en wjukdekfearren, dy't kontrastearje mei de donkerbrune ûnderkant. Dit yn kombinaasje mei de ljochtstreke donkere boppekant ûnderskiedt him fan 'e [[muontsegier]] (''Aegypius monachus''), dy't oars fan 'e selde grutte is. Ek de jonge [[Bingaalske gier]] (''Gyps bengalensis'') liket derop, mar de sniegier is folle grutter en krêftiger mei bredere wjukken en in langere sturt en is mear streke op sawol de ûnder- as boppekant.
== Fersprieding en systematyk ==
De sniegier komt foar yn berchstreken tusken de 1.200 en 5.500 meter hichte, yn 'e Himalaya fan it noarden fan [[Pakistan]] en it noarden fan [[Yndia]] troch it suden fan [[Tibet]] en [[Nepal]] oant [[Bûtan]] en [[Sintraal-Sina]], mar ek nei it noardeasten troch de [[Pamir]] oant [[Tian Shan-berchtme|Tiansjan]] en mooglik [[Tarbagataj]] en [[Altai-berchtme|Altaj]]. Jonge fûgels ferspriede har ek nei it suden nei de flakten yn it noarden fan Yndia, yn [[Radjastan]] en [[Assam]]. Hy is ek waarnommen yn [[Tailân]], [[Birma]], [[Kambodja]] en [[Singapoer]] en fan 13 oant 16 oktober 2012 yn 'e [[Feriene Arabyske Emiraten]]. De soarte wurdt behannele as [[Monotypysk takson|monotypysk]], wat betsjut dat er net opdield wurdt yn [[ûndersoarte]]n.
== Hâlden en dragen ==
[[Ofbyld:Himalayan Griffon pair.jpg|thumb|left|Pearke sniegieren.]]
De sniegier wurdt faak sjoen op rotspunten, dêr't syn meast brûkte sitplakken ferret wurde troch wite plakken fan 'e dong. Kloften folgje weidzjend fee op syk nei deade bisten. Hy yt allinnich ies, soms ek bedoarn fleis, en hy mijt de yngewanten dy't se oerlitte oan oare gieren. Op 'e Tibetaanske heechflakte bestiet it fretten foar 64% út deade domestisearre [[jak]]s (''Bos mutus''). Dêr't oare gieren foarkomme is er meastentiids dominant, mar ûnderhearrich oan 'e wolf, de snieloaihoars en de muontsegier. De sniegier is ek sjoen by it iten fan dinnenullen (''Pinus roxburghii''), in gedrach dat oant no ta noch net ferklearre is.
It briedseizoen fan 'e soarte begjint yn jannewaris. It nêst wurdt boud op in ûntagonklike rotsrâne, yn it noardeasten fan Yndia tusken 1.215 en 1.820 meter hichte, yn Tibet sa heech as 4.245 meter. Ferskate pearen kinne op 'e selde râne briede, trochstrings fiif oant sân pearen yn eltse koloanje. It nêst is relatyf lyts foar sa'n grutte fûgel en wurdt, ek al wurdt der by werbrûk oan ferboud, net sa massyf as by oare grutte rôffûgels. Op 'e Tibetaanske heechflakte is er briedend sjoen yn 'e buert fan 'e [[lammegier]], wat opmerklik is om't er oars faak tige agressyf is tsjin oare giersoarten.
De sniegier leit ien inkeld wyt aai mei reade plakjes. Yn it noarden fan Yndia fynt dat tusken 25 desimber en 7 maart plak. Yn finzenskip is de briedtiid op 54-58 dagen fêststeld. De jonge fûgels bliuwe seis of sân moannen by de âlden.
== Status en bedriging ==
De sniegier wurdt bedrige troch it giftige medisyn diclofenac, dat yn it ies foarkomt fan fee. Ferskillende oare gieresoarten dy't earder algemien foarkamen binne dêrtroch sa slim troffen, dat se no as kritysk bedrige behannele wurde. Oant no ta is de sniegier lykwols net yn 'e selde mjitte troffen, mar it oantal briedende fûgels liket bygelyks yn Nepal ôf te nimmen. Ferskate lannen yn Súd-Aazje hawwe maatregels nommen om it gebrûk fan diclofenac yn 'e feehâlderij te beheinen of te ferbieden.
De ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasje [[IUCN]] tinkt dat der in risiko bestiet dat de soarte yn 'e takomst yn oantallen ôfnimme sil en kategorisearret de fûgel dêrom as hast bedrige (NT). De wrâldpopulaasje wurdt ynearsten rûsd tusken de folwoeksen 66.000 en 334.000 fûgels.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/himalayan-griffon-gyps-himalayensis BirdLife, oproppen 24 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/himgri1?siteLanguage=nl Ebird, oproppen 24 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/himgri1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 24 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps himalayensis|Sniegier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân]]
8iww1s98fhg8au0p8vqnivq7rqd12li
Gyps himalayensis
0
191279
1228545
2026-04-24T07:45:16Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Sniegier]]
1228545
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[sniegier]]
but3snma1ednca4eknqidml45nx9ccu
Kaapske gier
0
191280
1228547
2026-04-24T08:47:08Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = Kaapske gier |Ofbyld = [[Ofbyld:Cape vulture at De Wildt Cheetah Research Centre (South Africa).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[gieren]] (''Gyps'') |Wittenskiplike namme= Gyps coprotheres |Beskriuwer, jier= Joh..."
1228547
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Kaapske gier
|Ofbyld = [[Ofbyld:Cape vulture at De Wildt Cheetah Research Centre (South Africa).jpg|250px]]
|lûd =
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[rôffûgels]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[gieren]] (''Gyps'')
|Wittenskiplike namme= Gyps coprotheres
|Beskriuwer, jier= [[Johann Reinhold Forster|Forster]], 1798
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: <span style="color:orange;">kwetsber</span>
|lânkaart= [[Ofbyld:Cape vulture (Gyps coprotheres) IUCN range 2021.svg|250px]]<small>{{Color box|#70aee8}} [[stânfûgel]] <br>{{Color box|#70efa3}} net-briedend <br>{{Color box|#c88542}} mooglik útstoarn<br>{{Color box|#792220}} útstoarn</small>
}}
De '''Kaapske gier''' (''Gyps coprotheres'') is in bedrige fûgel út 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] binnen it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[rôffûgels]], dy't foarkomt yn súdlik [[Afrika]].
== Uterlik ==
[[Ofbyld:Pretoria-dieretuin, Gyps coprotheres, kop-syaansig, f.jpg|thumb|left|Fûgel yn 'e dieretún fan [[Pretoaria]].]]
Dizze grutte gier hat foar it grutste part in donkerbrún fearrekleed, útsein ljochte rânen op de mantel, ljochte wjukdekfearren en in dûnzich kapke op 'e fierder fearreleaze kop. De folwoeksen fûgel is ljochter as de jonge fûgel en de ûnderste wjukdekfearren kinne fan in ôfstân hast as hielendal wyt sjoen wurde. Hy is trochstrings 96–115 sintimeter lang, hat in wjukspanne fan 2,26–2,6 meter en weaget sân oant alve kilogram. Dat makket de soarte ta ien fan 'e grutste gieren fan Afrika.
== Fersprieding ==
De Kaapske gier libbet yn súdlik Afrika en komt dêr foar op iepen flakten en yn berchstreken, yn [[Angoala]], [[Botswana]], [[Mozambyk]], [[Simbabwe]], [[Lesoto]] en [[Súd-Afrika]]. Yn guon dielen fan syn oarspronklike ferspriedingsgebiet is de fûgel útstoarn.
== Ekology ==
[[Ofbyld:Cape Vulture-002.jpg|thumb|left|Groep Kaapske gieren by in karkas yn [[Gauteng]].]]
Kaapske gieren foerazjearje hast altiten yn groepen. Se binne tige ôfhinklik fan inoar om karkassen te finen en komme faak yn grutte oantallen gear by ien bist.
Om't karkassen yn harren leefgebiet ûnregelmjittich beskikber binne, moatte se op syk nei iten faak grutte ôfstannen ôflizze.
De soarte is sterk ôfhinklik fan koloanjes op rotskliffen, dêr't ferskate pearen ticht by inoar briede. De beskerming fan dy briedplakken is dêrom essinsjeel foar it behâld fan 'e soarte. In nêst bestiet út ien aai en fûgel briedt mar ienris yn it jier.
== Status ==
De ynternasjonale natuerbeskermingsorganisaasje [[IUCN]] kategorisearret de soarte as kwetsber (VU), om't it oantal fûgels sterk ôfnimt. De populaasje waard yn 2021 rûsd op 9.600 oant 12.800 folwoeksen fûgels.
Yn súdlik Afrika foarmet de fergiftiging fan karkassen om rôfdieren te bestriden in grut probleem foar de gieren. As gieren dêrfan ite stjerre se by boskjes om 't se faak yn grutte oantallen fan it karkas ite. Ferlies fan habitat, minder ies en elektrisiteitstriedden foarmje oare bedrigingen. Om't gieren mar ien aai yn 't jier lizze, kin in populaasje him mar tige stadich werstelle.
Om de soarte te beskermjen binne ferskate maatregels ynfierd, wêrûnder wetlike beskerming yn 'e measte lannen fan súdlik Afrika, it oanwizen fan beskerme briedkoloanjes en gierfeilige sônes, en it oanbringen fan oanpassingen yn 'e elektrisiteitsynfrastruktuer om botsingen en elektrokúsje te foarkommen. Dêrnjonken wurde kampanjes opset om fergiftiging tsjin te gean, en besteane der fokprogramma’s yn finzenskip mei as doel de fûgels yn it wyld út te setten.
{{Boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/cape-vulture-gyps-coprotheres BirdLife, oproppen 24 april 2026.]
* [https://ebird.org/species/capgri1 Ebird, oproppen 24 april 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/capgri1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 24 april 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Gyps coprotheres|Kaapske gier}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Gier]]
[[Kategory:Haukfûgel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe]]
dnd2irocteytevkuj50bfjp90fxexro
Gyps coprotheres
0
191281
1228548
2026-04-24T08:47:31Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Kaapske gier]]
1228548
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Kaapske gier]]
6cfoavy6ltvvy2dpy1pzfsgko9kfgky
Meidogger:Maris Dreshmanis
2
191282
1228549
2026-04-24T08:55:29Z
Maris Dreshmanis
57806
Creating user page
1228549
wikitext
text/x-wiki
{{#babel:lv|ru-4}}
== Maris Dreshmanis ==
Open data researcher. Contributor to [[d:Wikidata:WikiProject Occupations|WikiProject Occupations]] on Wikidata.
* '''[[d:User:Maris Dreshmanis|Wikidata contributions]]''' — 37,000+ edits
* '''GSCO''' — Global Standard Classification of Occupations (140 national registries, 245,000+ entries)
* '''[[d:Wikidata:WikiProject Occupations|WikiProject Occupations]]''' — coordinating occupation label enrichment in 21 languages
[[Category:Wikipedians]]
bhwbuqpk2yn05lbwnfuckwjwbrdzu54